Grins (Grinzersk: Grunnen, Nederlânsk en offisjeel: Groningen) is de haadstêd fan de provinsje Grinslân en ek it haadplak fan de gemeente Grins. De stêd is fierwei de grutste stêd fan it noarden fan Nederlân mei sa'n 202.810 ynwenners (2018). Grins is mei de Ryksuniversiteit Grins (RUG) en de Hânzehegeskoalle Grins foaral ek in studintestêd. Mei alle oare hbû ynstellings derby rekkene hat Grins sa'n 50.000 studinten. Sa likernôch 35.000 dêrfan wenje ek yn de gemeente Grins.Statistysk Jierboek gemeente Grins 2010, tabel 8.7.1 (sûnt skoaljier 2009-10) en tabel 8.7.2 (sûnt 2008) De stêd stiet bekend om syn 97 m hege Martinitoer, troch de Grinzers ek wol d'Olle grieze (âlde grize) neamd.

Geografy De stêd leit op de noardein fan de Hûnsrich. Westlik en eastlik dêrfan leinen eartiids feangebieten dy't in stik leger yn it gea leinen. Noardlik fan de stêd leit it klaaigebiet fan de Ommelannen. De Hûnsrich wie fanâlds de lânrûte nei it suden ta. Troch de Hunze en de Drintske Aa hie de stêd in wetterferbining mei de Lauwerssee. Dielen fan de Hunze en de Drintske Aa binne kanalisearre, de kanalisearre wetterferbining krige de namme Reiddjip. Troch de sintrumfunksje dêr't de stêd yn de rin fan iuwen oan wurke hat binne ferskate nije wetterferbinings oanlein troch de Ommelannen hinne.

Stedsyndieling Foar de stêd en de gemeente Grins binne ferskate stedsyndieling. De gemeente Grins is yndield yn fiif stedsdielen: Binnenstad, Oude wijken, Noordwest/Hoogkerk, Noorddijk en Zuid. De yndieling fan it CBS hat 10 wiken: Binnenstad, Schilders- en Zeeheldenwijk, Oranjewijk, Korrewegwijk, Oosterparkwijk, Oosterpoortwijk, Herewegwijk en Helpman, Stadsparkwijk, Hoogkerk, Noorddijk.

De wenwiken kinne ferdield wurde yn ferskate buerten. It CBS en de stêd Grins brûke dêrfoar yndielingen dy't foar in lyts part oerienkomme.

Klimaat Grins hat ûnder ynfloed fan de Noardsee in midsmjittige seeklimaat. Yn de simmer binne de temperatueren kâlder as yn it binnenlân, yn de winter lizze de temperatueren ornaris heger. It klimaat wurdt beynfloede troch de Midden-Europeeske westewyn.

Neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen falt Grins yn de yndieling Cfb. (tuskenbeiden seeklimaat).Aktuele wrâldkaart neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen, sjoen op 9 septimber 2012.

De trochsnee deitemperatuer yn july hinget om de 21 °C. De trochsnee deitemperatuer yn jannewaris is om-ende-by de 4 °C. De trochsnee reinfal beslacht sa'n 812 mm yn 't jier. De measte rein falt yn 'e hjerst, yn de iere maitiid falt it minste reinwetter. Der binne dagen mei in soad reinwetter, mar it measte falt del as storein of lichte rein. It tal sinne-oeren yn Grins is 1.415 yn 't jier. Sinnekaart Nederlân

De klimaatgegevens hjirûnder binne fan it automatyske KNMI-waarstasjon yn Eelde. Oare automatyske waarstasjons fan de KNMI yn de provinsje Grinslân stean by Lauwerseach en Nieuw-Beerta.Aktueel oersjoch fan automatyske waarstasjons Nederlân

Moanne Jan Feb Maart Apr Maaie Jun Jul Aug Sep Okt Nov Des Yn 't jier Heechste temp. ea metten °C 14,5 15,2 22,7 27,7 31,5 33,5 33,1 34,7 30,5 24,8 17,4 15,4 34,7 Maks. trochsneed temp. °C 4,7 5,4 9,0 13,4 17,4 19,9 22,2 22,1 18,6 13,9 8,7 5,2 13,4 Min. trochsneed temp. °C -0,4 -0,6 1,4 3,4 6,9 9,5 11,9 11,6 9,3 6,2 2,9 0,1 5,2 Leechste temp. ea metten °C -22 -16,5 -13,2 -6,5 -2,3 0,1 4,1 3,2 0,8 -6,4 -13,6 -15,4 -22 Reinfal yn mm 74,2 51,4 64,3 42,1 58,0 71,2 79,4 70,9 78,3 74,0 75,0 73,4 812,1 Boarne: Waarstasjon Eelde 1981 - 2000Sifers fan it waarstasjon Eelde 1981 - 2000

Skiednis thumb|left|Histoaryske stedskaart fan Grins (1649). Grins is ûntstien op de noardlikste útrinner fan de Hûnsrich. It doarp waard in belangryk hannelsplak en yn de 13e iuw waard der in wâl om it plak lein en waard it lid fan de Hânze. Yn 1361 wurdt yn de stêd in gearkomste fan de Upstalbeam holden. It is de iennichste gearkomste fan de Upstalbeam dy't yn de stêd holden waard. Neffens alle wierskyn wie de gearkomste fan 1361 ek de lêste gearkomste fan it bûn.

Yn de Fryske gebieten tusken Fly en Wezer waard yn de fjirtjinde iuw de partijstriid tusken de Skieringers en Fetkeapers fochten. Yn East-Fryslân spile tagelyk noch in oare striid tusken ferskillende Fryske haadlingen dy't fochten om de macht op it East-Fryske skiereilân. De striid yn East-Fryslân waard wûn troch de Cirksena's. De stêd Grins hie in eigen stedsleger dat yn de Ommelannen ynset wurde koe, en hie dêrtroch aardich wat ynfloed by lokale konflikten. Ien fan dy konflikten, de Grutte Fryske Oarloch, einige mei de Frede fan Grins yn 1422. De stêd Grins spile in sintrale rol by it ferdrach dat troch fjouwerennjoggentich haadlingen ûndertekene waard. Ien fan de wichtichste punten fan it ferdrach wie de Fryske frijheid dy't jildende bliuwe moatte soe yn alle Fryske lannen, dat se frij bliuwe soenen fan bûtenlânske machten. thumb|De Stêdefaam fan Grins (om 1800 hinne). Yn de hjoeddeistige provinsje waard it Oldambt yn dy tiid ôfhinklik makke fan de stêd. Mei it Westerkertier, Hunzegoa en Fivelingoa waarden ferdraggen opsteld dat de ynfloed fan de stêd fernijd of fersterke wurde koe. Oer de Lauwers hinne makke de stêd ek ferdraggen. Yn it Eastergoa waard de stêd Grins sjoen as in stabilisator. Ljouwert koe it lykfine mei in Grinzer garnizoen. De stêd komt op syn hichtepunt yn 1492 en hat ynfloed yn suver alle Fryske lannen tusken Fly en Iems, allinnich yn Westergoa wegeret Frjentsjer him ûnder de macht fan Grins del te jaan. Yn dizze tiid waarden de bouplannen foar in twadde Martinytoer reemakke en útfierd. Yn it Hillige Roomske Ryk krige de stêd net de juridyske status fan frije stêd, mar brûkte wol de symbolyk dy't oare frije stêden wol hienen lykas de dûbelkoppige aadler.

Oan 'e ein fan de 15e iuw waard de macht fan Grins yn de Fryske lannen minder. De keizer fan it Hillige Roomske Ryk hie Grins it potestaatskip oer Fryslân oanbean, mar Grins wegere it oanbod omdat de jierlikse fergoeding dy't de keizer frege te djoer wie. Albrecht fan Saksen akseptearre it oanbod fan de keizer. It potestaatskip omfieme rûchwei alle Fryske lannen tusken Fly en de Iems. De stêd moast him úteinlik deljaan ûnder de macht George fan Saksen, de soan fan Albrecht fan Saksen. Grins keas doe de kant fan Edzard de Grutte fan Eastfryslân en makke him ta beskermhear fan de stêd. Nei it Saksyske Skeel krige Karel fan Gelre de sizzenskip oer de Fryske lannen mei de stêd Grins. Mei de hearskappij fan Karel V waarden de stêd en de Ommelannen opnommen yn de Bourgondyske Kreits.

De stêd mei it útbrekken fan de Tachtichjierrige oarloch foar de Spanjerts, mar sluet him yn 1594 mei de reduksje fan Grins oan by de Republyk. As ûnderdiel fan de Republyk koe de stêd de dominante faktor bliuwe yn it gewest Stad en Lande, dat oan de Frânske tiid ta winliken in selsstannige bestjoerlike ienheid bliuwe soe.

Yn 1614 krige Grins syn universiteit. Letter yn de 17e iuw waard in nije omwâling oanlein, ûntwurpen troch festingbouwer Menno van Coehoorn. Yn it rampjier 1672 waard Grins in skoft belegere troch de biskop fan Münster, Bernard von Galen. Alle jierren op 28 augustus fiert de stêd de oerwinning op Bommen Bearend. Yn 1772 waard der in frijmitselderslôzje yn Grins stifte, L' Union Provinciale neamd. By syn stifting hat de Lôzje as stribjen om de dan hearskjende sosjale en ekonomyske omstannichheden yn it positive te beynfloedzjen. Yn de tiid fan oprjochting wie der ommers frijwat skeel tusken Stêd en Ommelân. Dêrom ek de betsjutting fan de namme fan de Lôzje: "Provinciale Eenheid". Tsjintwurdich hat Grins 5 Frijmitselderslôzjes. thumb|left|Dûns om de Frijheidsbeam, Grins 1795. De bysûnder posysje fan de stêd yn de Ommelannen einige yn de Frânske tiid. De Frânsen slueten suver alle universiteiten yn Nederlân, allinnich de universiteit fan Grins en Leiden mochten iepen bliuwe. Nei de Frânske tiid moast de stêd syn plak wer fine yn in nije machtskonstellaasje. Formeel hie de stêd syn besittingen ferlern yn de Ommelannen, mar benammen de Feankoloanjes soenen noch aardich wat opsmite foar de stedsfinansiën. It Stedskanaal waard útwreide nei Ter Apel ta. Nei Delfsyl ta waard de ferbining ferbettere troch de oanlis fan de it Iemskanaal, wylst it Hoornsediep útboud waard ta it Noard-Willemskanaal.

De útlis fan de 17e iuw hie twa iuwen lang fertuten dien foar de befolkingsgroei fan de stêd, mar yn de 19e iuw kaam de stêd dêrmei yn 'e knipe. Utwreiding bûten de omwâlingen wie net mooglik om it militêre belang dat de stêd as fêsting hie. Nei de Frânsk-Dútske Kriich fan 1870-1871 waard dúdlik dat fêstingen as Grins út militêr eachpunt wei gjin betsjutting mear hawwe koenen. De fêstingswet yn 1874 makke dêrom in ein oan de Fêsting Grins, op de âlde wâlen ûntstie it Noarderplantsoen en it Akademysk Sikehûs waard dêrop boud. Bûten de omwâlingen ûntstienen nije stedsdielen, earst by de Hereweg del, letter ek by de Oosterpoort en oan de noardkant.

Yn de tweintichste iuw wreidet de stêd him hieltyd fierder út. Yn jannewaris 1915 wurdt it doarp Helpman fan de gemeente Haren anneksearre troch de stêd Grins.groningerarchiefnet.nl skiednis Haren Yn 1969 wurde de gemeenten Heechtsjerk (Hoogkerk) en Noarddyk (Noorddijk) by Grins foege.

Yn de Twadde Wrâldkriich rekken sa'n 3300 ynwenners dea, wêrfan't 2800 Joaden wiene.http://www.grunn.nl/historie/uitgebreid/?action=view&pid=9 Foar de kriich hie de stêd in Joadske mienskip fan sa likernôch 3000 minsken.http://www.jhm.nl/cultuur-en-geschiedenis/nederland/groningen/groningen Op de Grutte Merk siet yn it Scholtenhûs in ôfdieling fan de SD, dy't syn fûle terreur oer de stêd jilde liet. De Slach om Grins waard fochten fan 13 oant en mei 16 april 1945. De Dútsers sa'n 7000-7500 soldaten fan de Wehrmacht en de SS ynset. Oan de alliearde kant waard de 2e Kanadeeske ynfanterydifyzje ynset.

Yn de jierren nei 1950 waard de stêd flink útwreide. Nei it sljochtsjen fan de omwâlingen wie de stêd hast likegrut as yn de 17e iuw. De stedsútwreidingen om it jier 1900 hinne, lykas de anneksaasje fan Helpman yn 1915, wienen frij beskieden en makken de stêd noch net folle grutter. Yn de fyftiger en sechtiger jierren fan de tweintichste iuw waard foaral oan de súdkant fan de stêd boud. Yn dy tiid ferrize stedsdielen lykas Corpus den Hoorn en De Wijert. Yn de santiger en tachtiger jierren waard de stêd fierder útboud oan de noard- en eastside, mei sawol yndustry as wenningbou.

Befolking Grins heart mei sa likernôch 203.000 ynwenners by de tsien grutste gemeenten fan Nederlân. De gearstalling fan de befolking ferskilt wat de leeftyd oanbelanget fan oare gemeenten yn Nederlân omdat de âldenskategory 20-25 yn Grins folle grutter is. Yn de stêd Grins falt 15,9 persint fan de folsleine befolking yn dy kategory. Allinnich Delft, Nijmegen, Utert en Wageningen hawwe mear as 10 persint fan de ynwenners yn dy kategory, mar alle fjouwer komme net boppe de 11,5 persint út.CBS,2009

Dêrneist is it tal minsken dat de stêd alle jierren ferlit of ynkomt folle grutter as yn oare stêden fan likense grutte. Yn 2008 fêstigen goed 15.000 har yn de gemeente, wylst goed 14.000 fuortgongen. Tilburch hie yn dat jier krapoan 10.000 minsken dy't har yn 'e stêd fêstigen, wylst der goed 9.000 fuortgongen. It tal minsken dat him yn de stêd fêstiget hat yn pyk yn de moannen augustus en septimber.CBS Op 21 oktober 2010 koe Grins de 190.000e ynwenner wolkom hite, op 28 oktober 2014 de 200.000e.

Befolkingsûntjouwing Yn it neikommende oersjoch stean de histoaryske ynwennertallen fan Grins:Webside Onderzoek en Statistiek Groningen

Religy thumb|Nieuwe Kerk (Nije Tsjerke) Grins is mei Amsterdam, de Zaanstreek en it easten fan de provinsje Grinslân ien de minst tsjerklike gebieten fan Nederlân. Foar safier’t de Grinzers wol tsjerklik binne, is der dochs in dúdlik ferskil mei de direkte omkriten.