Twizelerheide (pleatslik ek: De Heide) is in doarp yn it noarden fan 'e gemeente Achtkarspelen. Under it doarp Twizelerheide falt ek in lyts diel fan 'e buorskip Kûkherne. Mei Sweagerbosk (Noardeast-Fryslân) en De Westereen (Dantumadiel) foarmet Twizelerheide in trijelingdoarp.
Twizelerheide hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.
Skiednis Op de heide fan Twizel ûnstie tsjin it ein fan de 18e iuw en it begjin fan de 19e iuw bewenning yn earmoedige omstannichheden. As heidedoarp hat Twizelerheide bûten de bebouwing by de haadwegen lâns eartiids in fersprate bebouwing hân. Troch útwreiding nei de Twadde Wrâldkriich ûnstie stadichoan in doarpskom.
Mienskip Gearkomsten fan Pleatslik Belang wurde yn it doarpshûs De Jister holden. It doarpskrantsje hjit De Heidebingel. De ynwenners fan Twizelerheide wurde yn 'e regel heidepiken, heidekobben of heidehippers neamd.Alde AFUK-list mei ferwizing nei in jierboekje fan de Fryske Akademy, skreaun fan P.H. Breuker
Tsjerke Herfoarme tsjerke, Smitswei 1 Grifformearde tsjerke, Bjirkewei 86 thumb|260px|Herfoarme tsjerke.
Skoalle Kristlike basisskoalle De Reinbôge Iepenbiere basisskoalle It Twaspan Pjutteboartersplak It Boartershûske (yn 'e Jister)
Eartiids mochten bern dy't yn Twizelerheide nei skoalle gienen in stik koeke fan de Koekebeam plôkje. Ferienings Begraffenisferiening 'Gedenkt te sterven' Biljertklub Brommerklub Gewoan Dwaan Damklub DCT Doweferiening Gevleugelde Vrienden Twijzelerheide Follybalferiening De Trochsetters Fiskklub De Heidedobbers Folksdûnsgroep Sin en Wille Fûgelwacht Twizelerheid e.o. Fuotbalferiening VVT Gymnastiekferiening SVT Kaartklub It Wite hûs Kristlike Muzykferiening Harmonia Skaakklub Tinke en Sette Tafeltennisferiening Anja De list is û.o. mei help fan 'e hiemside fan Twizelerheide opsteld. Sjoch op 'e hiemside fan Twizelerheide foar de meast aktuele list fan ferieningen.
Befolkingsferrin Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2006 2015 2020 Ynwenners 1.495 1.461 1.434 1.449 1.511 1.959 1.830 1.785
Berne Wim van Mourik (1919–1980), ARP-politikus Gerriet Postma (1932-2009), skilder Johannes Lützen Bouma (1934), ekonoom Romke Henstra (1950–2007), folkssjonger (bekend as Rommy) Hepie Postma (1956), sjongeres Hepie Hiemstra (1961), sjongeres Mariska Kramer-Postma (1974), atlete
Piratemuzyk Ut it doarp Twizelerheide komme ferskillende folkssjongers dy't regionale of lannelike bekendheid krige. Ek makke it doarp namme mei ferskillende piratestjoerders. thumb|260px|Klokkestoel. Ynfrastruktuer Ferbinings De Bjirkewei troch it doarp jout nei it westen ferbining mei De Westereen en mei Noardburgum en nei it easten mei Twizel.
Strjitten Alle strjitten yn Twizelerheide.
Keppeling om utens Oer it doarpswapen FB-side Ald Twizelerheide
Kategory:Doarp of stêd yn Achtkarspelen