De elfûle of kaktusûle (Micrathene whitneyi) is in fûgel út de famylje fan de Ulefûgels dy't foarkomt yn it súdwesten fan Noard-Amearika. Mei sa'n 13-14 sm is it de lytste ûle, sawat de grutte fan in protter.
Fersprieding De Elfûle komt foar yn it súdwesten fan de Feriene Steaten en yn Meksiko. De fûgels dy't it noardlikst briede, oerwinterje súdliker yn sintraal Meksiko. De ûle hâldt fan woestinen dy't begroeid binne mei kaktussen en oare woestynplanten.
Iten Dizze rôffûgels jeije it meast op grutte ynsekten. Mar se ite ek wol skorpioenen en somtiden hagedissen, slangen en lytse fûgels.
Fuortplanting De Elfûlen meitsje harren nêst it leafst yn in ferlitten spjochtehol yn kaktussen of beammen yn de woestyn. It nêst leit sa'n 3-10 meter boppe de grûn. De fûgel leit 1-5 aaien dy't meast troch it wyfke yn 2-3 wyken útbret wurde. De jongen bliuwe ek noch seker 3 wike op it nêst, wêrby it wyfke harren it iten fuorret dat troch it mantsje brocht wurdt.
Sjoch ek List fan fûgels
Keppeling om utens Beskriuwing op www.owlpages.com (Ingelsk)
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Ulefûgel Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko