Foarfallen 24 jannewaris - Willem Barents en syn mannen sjogge ûnder harren Oerwintering op Nova Sembla foar it earst yn twa moannen de sinne wer opkommen. 24 febrewaris - It Steatske leger ûnder Maurits fan Oranje-Nassau ferslacht de Spanjerts yn 'e Slach by Turnhout. 14 juny - De Admiraliteit fan Fryslân wurdt ferheft ta Generaliteitskolleezje. 28 septimber - De stêd Grol wurdt ynnommen troch it Steatske leger ûnder Maurits fan Oranje-Nassau. 9 oktober - Bredefoart jout him nei in belis fan acht dagen oer oan it Steatske leger. 18 oktober - Maurits fan Oranje-Nassau oermasteret de stêd Ynskedee, wêrnei't de fêstingswurken ôfbrutsen wurde. 21 oktober - Ootmarsum jout him oer oan it Steatske leger. 23 oktober - Maurits fan Oranje-Nassau nimt Oldenseal yn. 30 oktober - De oerlibbenen fan 'e Oerwintering op Nova Sembla arrivearje nei harren beproeving wer yn 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen. 13 novimber - Mei de ferovering fan Lingen beëiniget Maurits fan Oranje-Nassau syn fjildtocht yn Twinte en de Efterhoeke. sûnder datum - Bonn wurdt de haadstêd fan it Karfoarstedom Keulen.

Berne 31 jannewaris - Jehannes Fransiskus Régis, Frânsk mûnts en folkspreker út 'e Kontrareformaasje († 1640)

Ferstoarn 23 jannewaris - Suffridus Petrus, Frysk skiedskriuwer (* 1527) 2 juny - Diderik Sonoy, Nederlânsk fjildhear en geuzelieder (* 1529) 20 juny - Willem Barents, Skylger seefarder en ûntdekkingsreizger (* ±1550)

Literatuer toaniel Thomas Kyd? & William Shakespeare?, Edward III William Shakespeare, The Merry Wives of Windsor (oerset yn it Frysk as De Fleurige Wyfkes)

Byldzjende Keunst

Boukeunst

Kategory:16e iuw