De ûlefûgels of echte ûlen (wittenskiplike namme: Strigidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves) en it skift fan 'e ûle-eftigen (Strigiformes). It is ien fan 'e beide famyljes út dat skift; de oare is dy fan 'e goudûlefûgels of goudûlen (Tytonidae). De ûlefûgels binne fierwei de grutste famylje fan 'e beide. Der binne rom 230 ûnderskate soarten, dy't ûnderbrocht binne yn 3 ûnderfamyljes en 23 skaaien. De ûlefûgels hawwe in kosmopolityske fersprieding en komme foar op elts wrâlddiel útsein Antarktika.

Uterlike skaaimerken Ulefûgels fariëarje sterk yn grutte. De lytste soarte, de elfûle (Micrathene whitneyi), hat in totale lichemslingste fan 131/2 sm en in gewicht fan mar 31 g. Dat is in hûndertste fan 'e grutte fan 'e beide grutste soarten, de oehoe (Bubo bubo) en Blakistons fiskûle (Ketupa blakistoni). Mânske wyfkes fan dy beide soarten binne 71 sm lang mei in wjukspanne fan 190 sm en in gewicht fan 4,2 kg. Krekt as it gefal is by de measte rôffûgels (Accipitriformes) en falkeftigen (Falconiformes), binne ek by ûlefûgels de wyfkes ornaris grutter as de mantsjes, wat in foarm fan seksuele dimorfy is.

Nettsjinsteande de ferskillen yn grutte en gewicht hawwe ûlen in fierhinne gelikense morfology, mei in knobsk lichem, in foarse kop mei in plat gesicht, koarte heaksnaffel en grutte eagen dy't rjocht nei foarren sjogge en net yn 'e eachholten draaie kinne. Om 'e eachloaits earne op te rjochtsjen, moatte se dus de hiele kop draaie. De sturt is koart en de wjukken binne grut yn ferhâlding ta it lichem, en hawwe in ôfrûne foarm.

De fearren hawwe in spesjale oanpassing sadat ûlefûgels suver sûnder leven te meitsjen fleane kinne, sadat harren proaien har net oankommen hearre. Inkeld by guon soarten dy't op fisken jeie, ûntbrekt dy't adaptaasje, om't it foar harren gjin evolúsjonêr foardiel ynhâldt. It fearrekleed hat in gaadlike skutkleur: brún mei griis foar de measte soarten, mar wyt foar de snie-ûle (Bubo scandiacus), dy't yn 'e poalstreek weiwurde moatte kin tsjin in eftergrûn fan snie en iis.

Libbenswize Ulefûgels komme foar yn hast alle mooglike biotopen, fan tropysk reinwâld oant de toendra fan 'e Arktis. Inkele útsûnderings bûten beskôging litten, binne se nachtdieren, dy't oerdeis rêst hâlde en dan traach en slûch binne. De measte ûlefûgels binne stânfûgels, mar beskate soarten binne trekfûgels. Sa migrearret de seachûle (Aegolius acadicus), in Noardamerikaanske soarte, hjerstmis sels nei it suden as der yn it noarden noch fretten by 't folop foarhâns is.

Ulefûgels binne karnivoaren, dy't mei har skerpe gesichtsfermogen en gehoar jacht meitsje op lytse sûchdieren, fûgels en soms reptilen en ynsekten. Guon soarten, te witten: de Afrikaanske fiskûlen (Scotopelia) en de Aziatyske fiskûlen (Ketupa), hawwe har spesjalisearre yn it fangen fan fisken. Lytsere proaien wurde faak yn har gehiel ferswolge, wylst gruttere proaien mei de snaffel útinoar riten wurde wylst se stevich mei de kloeren beetholden wurde. Unfertarbere lichemsdielen, lykas hier, fearren, skobben en bonken wurde neitiid wer opkoarre yn 'e foarm fan ûleballen.

Famylje-opbou Libbene skaaien

famylje ûlefûgels of echte ûlen (Strigidae) ûnderfamylje haukûlefûgels (Ieraglaucinae) haukûlen (Uroglaux): 1 soarte spûkûlen (Ninox)*: 36 soarten, wêrfan 1 útstoarn ûnderfamylje sparwerûlefûgels (Surniinae) tûke elfûlefûgels (Micrathenini) elfûlen (Micrathene): 1 soarte kraachdwerchûlen (Taenioptynx): 2 soarten Kubaanske krytûlen (Margarobyas): 1 soarte langsnorûlen (Xenoglaux): 1 soarte tûke sparwerûlefûgels (Surniini) dwerchûlen (Glaucidium): 29 soarten seachûlen (Aegolius): 5 soarten sparwerûlen (Surnia): 1 soarte stienûlen (Athene): 9 soarten ûnderfamylje echte ûlefûgels (Striginae) tûke earûlefûgels (Asiini) earûlen (Asio): 9 soarten wytwangûlen (Ptilopsis): 2 soarten tûke krytûlefûgels (Megascopini) krytûlen (Megascops): 25 soarten ponderosa-ûlen (Psiloscops): 1 soarte Portorikaanske ûlen (Gymnasio): 1 soarte tûke lytse earûlefûgels (Otini) lytse earûlen (Otus): 62 soarten, wêrfan 5 útstoarn tûke oehoefûgels (Bubonini) Afrikaanske fiskûlen (Scotopelia): 3 soarten Aziatyske fiskûlen (Ketupa): 12 soarten moanne-ûlen (Jubula): 1 soarte oehoes (Bubo): 10 soarten tûke wâldûlefûgels (Strigini) brilûlen (Pulsatrix): 3 soarten toefûlen (Lophostrix): 1 soarte wâldûlen (Strix): 22 soarten

*) ynkl. it eardere skaai fan 'e laakûlen (Sceloglaux)

Prehistoaryske útstoarne skaaien Ut 'e resinte prehistoarje (Let-Pleistoseen oant Ier-Holoseen) binne noch ferskate oare skaaien bekend: Karibyske reuze-ûlen (Omnimegalonyx): 1 of 2 soarten La Brea-ûlen (Oraristrix): 1 soarte lytse tarre-ûlen (Asphaltoglaux): 1 soarte steltûlen (Grallistrix): 4 soarten

Fossilen skaaien Fossile skaaien fan ûlefûgels binne: Alasio (Mid-Mioseen fan Frankryk) Yarquen (Mid-Mioseen fan Argentynje) Intulula (Ier-Mioseen fan West-Jeropa) Mioglaux (Let-Oligoseen oant Ier-Mioseen fan West-Jeropa)

Kategory:Fûgelfamylje Kategory:Ule-eftige