thumb|Oertún fan Lyndensteyn, sjoen yn de rjochting fan Lyndensteyn Lucas Pieters Roodbaard (Rolde, 20 jannewaris 1782 - Ljouwert, 23 maaie 1851), wie in ferneamd túnarsjitekt yn de 19e iuw. Hy waard berne te Rolde as soan fan de hofker Pieter Harms. Yn 1813 troude hy yn Grins mei de skippersdochter Hillegien Deddes. Yn dy tiid wie hy hofker mar ek keunstskilder. Yn 1813-1814 wenne hy yn Amsterdam om't er dêr mei syn wurk eksposearre.

Yn 1820 krige hy opdracht fan de stêd Ljouwert om in nij ûntwerp te meitsjen foar de Prinsetún. Yn 1824 ferhuze hy nei Ljouwert, as berop joech er doe op: arsjitekt fan bûtenpleatsen. Nei syn earste opdracht yn Ljouwert krige hy yn deselde stêd noch in tal fan oare opdrachten. Omdat yn dy tiid de ferdigeningswurken fan de stêd ôfbrutsen waarden, wie der plak foar nije tunen en parken. Yn 1829 krige Roodbaard de opdracht foar it Algemiene Begraafplak oan de Spanjaardsleane.

Roodbaard waard ferneamd troch syn wurk, en fan ferskate famyljes fan de Fryske adel krige hy opdrachten om de tunen by harren bûtenpleatsen en States oan te lizzen. Ek yn Grinslân en Drinte hie der wol gauris in opdracht foar de oanlis fan in tún. De ûntwerpen dy er makke wienen yn de Ingelske lânskipsstyl, kenmerke troch slingerpaden en wetterpartijen, en faak mei brechjes en túnpriëlen.

Tunen en parken fan Roodbaard yn Fryslân Borniastate, Weidum - 1819 Prinsetún, Ljouwert - 1820 Staniastate, Oentsjerk - 1821 en 1833 Fraeylemaborg, Slochteren - 1824-1828 Oertún fan Lyndensteyn, Beetstersweach - 1825 Epemastate, Ysbrechtum - 1825 Algemien Begraafplak, Spanjaardsleane Ljouwert - 1829-1830 Harsta State, Hegebeintum - 1832 Roptastate, Winaam - 1832 De Klinze, Aldtsjerk - 1834 Fogelsanghstate, Feankleaster - 1838-1844 (yn 'e mande mei Lambertus Vlaskamp) Poptaslot, Marsum - 1840-1845 De Ingelske Tún, Harns - 1843 Fiversburch, Ryptsjerk - 1844

Literatuer , Lucas Pieters Roodbaard (1782-1851). Een tuinarchitect met schildersogen, 1999.

Kategory:Nederlânsk túnarsjitekt Kategory:Frysk túnarsjitekt Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Drintsk persoan Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1782 Kategory:Persoan stoarn yn 1851