De goudûlefûgels (wittenskiplike namme: Tytonidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves) en it skift fan 'e ûle-eftigen (Strigiformes). Yn 'e mande mei de ûlefûgels (Strigidae) is dit ien fan 'e mar twa famyljes fan 'e ûle-eftigen. De goudûlefûgels binne de lytsere fan 'e beide kloften, hoewol't dat ier yn 'e ûntjouwing fan 'e ûle-eftigen oarsom wie. Der binne sa'n 20 libbene soarten goudûlefûgels, ferdield oer 2 skaaien: de goudûlen (Tyto) en de maskerûlen (Phodilus). Goudûlefûgels komme yn grutte dielen fan 'e wrâld foar, mar har fersprieding kin net foar kosmopolitysk oanmurken wurde. It binne nachtdieren mei in karnivoar dieet, dy't fral jacht meitsje op lytse sûchdieren en lytsere fûgels. In wichtich lichemsskaaimerk dat alle goudûlenfûgels diele, is harren hertfoarmige antlit.

Taksonomy De goudûlefûgels waarden as taksonomyske famylje yn 1914 yntrodusearre troch de Amerikaanske ornitolooch Robert Ridgway. Foartiid waarden dizze fûgels yndield by de ûlefûgels (Strigidae).

Evolúsje De ûle-eftigen sa't wy dy hjoed oan 'e dei weromkenne soene, ûntjoegen har karakteristike morfology geandewei it Paleogeen (66–23 miljoen jier lyn). Tsjin it Ier-Neogeen (23 miljoen jier lyn) wiene inkeld de goudûlefûgels (Tytonidae) en de ûlefûgels (Strigidae) oerbleaun, mei't de oare famyljes fan ûle-eftigen ta útstjerren fuortkonkurrearre wiene troch better oanpaste groepen fan oare fûgels. Omtrint dy tiid wiene de goudûlfefûgels de dominante groep ûle-eftigen, alteast yn Súd-Jeropa en West-Aazje, en wierskynlik ek yn oare regio's fan 'e Alde Wrâld. Fossyl bewiismateriaal toant oan dat it yn it neigean reitsjen fan 'e goudûlefûgels krúslings ferbân hold mei de opkomst troch evolúsje fan 'e ûnderskate grutte skaaien fan 'e ûlefûgels. Dy ûntwikkeling liket benammen yn Jeraazje plakfûn te hawwen. De Nije Wrâld waard pas neitiid troch ûle-eftigen berikt, nei alle gedachten fia de Beringlânbrêge.

Fersprieding Goudûlefûgels komme foar yn it meastepart fan 'e wrâld, mei útsûndering fan Skandinaavje, East-Jeropa, Sibearje, Sintraal-Aazje, Alaska, Kanada, Grienlân, Antarktika, de Sahara, de woastinen fan it Arabysk Skiereilân en guon ôfhandige eilannegroepen yn 'e Atlantyske, Yndyske en Stille Oseaan.

Lichemsskaaimerken It wichtichste lichemsskaaimerk fan goudûlefûgels is in hertfoarmige antlitsskiif, dy't foarme wurdt troch stive fearren. It is in evolúsjonêre oanpassing dy't it gehoar skewielet, mei't de skiif as in soarte fan skûtelantenne funksjonearret en lûden fuortsterket en nei de earen liedt. Dat komt benammen fan pas by de jacht. Ek de fearren fan 'e wjukken hawwe in oanpaste foarm, dy't it sûzjen fan 'e lucht oer de wjukken tsjingeane. Dêrtroch kinne goudûlefûgels ûnhearber fleane en sa har proai ûngemurken oer it mad komme.

It fearrekleed fan goudûlen (Tyto) is oer it algemien ljocht fan kleur, mar dûnkerder op 'e rêch en de wjukken as op 'e bealch. Wat de krekte kleur is, fariëarret nei soarte. De namme 'goudûlefûgels' komt fan 'e iennichste soarte dy't yn Jeropa libbet, de goudûle (Tyto alba); by dy fûgel binne de rêch, kop en wjukken goudkleurich. De maskerûlen (Phodilus) ferskille fan 'e goudûlen troch in lytsere grutte, in dûnkerder kleur, in antlitsskiif dy't tusken de eagen midstwa spjalten is, en eartoefkes dy't by de goudûlen ûntbrekke.

Libbenswize Goudûlefûgels binne, lykas de measte ûlen, nachtdieren, dy't fanwegen komme ûnder dekking fan it nachtlik tsjuster of yn 'e krepuskulêre perioaden (jûnsskimer en moarnsdage). Se jeie troch stadich te fleanen en de grûn ôf te speurjen. Dêrfoar brûke se sawol har gesichtsfermogen, dat mei mar in bytsje ljocht takin, as har ektreem skerpe gehoar. As in proai opmurken is, bliuwt de goudûlefûgel boppe dat plak hingjen, in ferskynsel dat 'bidden' neamd wurdt. Nei't de krekte posysje fan 'e proai fêststeld is, folget in dûkflecht, wêrby't de proai mei de mei skerpe kloeren tariste poaten grypt wurdt.

It dieet fan goudûlefûgels bestiet foar mear as 90% út lytse sûchdieren. De measten dêrfan binne kjifdieren, lykas mûseftigen (Muridae spp.), wrotmûseftigen, (Cricetidae spp.), goffers (Geomyidae spp.) en mûsgoffers (Heteromyidae spp.). Fierders wurde ek hazze-eftigen, pipermûzen en flearmûzen ferslynd. De restearjende 10% fan it fretten bestiet út lytse fûgels, lykas wilsterfûgels (Charadriidae spp.), skriezen (Limosa spp.), stienpikkers (Arenaria spp.), weverfûgels (Ploceidae spp.) en swellesturtwilstereftigen (Glareolidae spp.), en fierders hagedissen, amfibyen, ynsekten (benammen imerkes en termiten), spinnen en sels fisken. Yn ferhâlding ta ûlefûgels (Strigidae) fan ferlykbere grutte hawwe goudûlefûgels in folle heger metabolisme, wat betsjut dat se ferlet hawwe fan folle mear fretten.

Soarten dy't yn 'e tropen libje, hawwe gjin fêste peartiid, mar dochs is dêr yn beskate dielen fan it jier in dúdlik hichtepunt yn 'e fuortplanting waar te nimmen. Yn kâldere kontreien binne goudûlefûgels bûn oan 'e wikseling fan 'e jiertiden, wylst se yn woastinen, lykas yn it binnenlân fan Austraalje, ôfhinklik binne fan 'e komst fan 'e reintiid. Yn Jeropa en Noard-Amearika falt de briedtiid ornaris fan maart oant juny, wannear't it op it noardlik healrûn op 'e simmer tagiet en de temperatueren oan it klimmen binne.

Natuerlike fijannen fan goudûlefûgels binne ferskate middelgrutte karnivoare sûchdieren dy't it fermogen hawwe om yn beammen te klimmen. Foarbylden binne de beamotter (Martes martes), de stienmurd (Martes foina), de Amerikaanske marter (Martes americana), de Pasifyske marter (Martes caurina), de fiskmarter (Pekania pennanti), de waskbear (Procyon lotor) en de Firginia-opossum (Didelphis virginiana). Ek grutte rôffûgels binne gefaarlik foar goudûlefûgels. Men kin dan tinke oan earnen, lykas de keningsearn (Aquila chrysaetos), en gruttere haukfûgels, lykas de hauk (Astur gentilis), de Amerikaanske hauk (Astur atricapillus) en de mûzefalk (Buteo buteo). Fierders binne ek de oehoe (Bubo bubo) en de Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus) bejagers fan goudûlefûgels.

Famylje-opbou Libbene skaaien De famylje fan 'e goudûlefûgels (Tytonidae) bestiet út mar twa libbene skaaien: de goudûlen (Tyto) en de maskerûlen (Phodilus). Der binne mar twa soarten maskerûlen. De rest fan 'e 20 soarten goudûlefûgels heart ta de goudûlen. Dat is in úttynjend skaai, mei't der sûnt de ein fan 'e tweintichste iuw hieltyd mear soarten by komme. Sa waard lang oannommen dat de Hispanjoalagoudûle (Tyto glaucops) in ûndersoarte of ferskiningsfoarm wie fan 'e (gewoane) goudûle (T. alba). Resinter binne ek de Amerikaanske goudûle (T. furcata), de eastlike goudûle (T. javanica) en de Andamanengoudûle (T. deroepstorffi) fan 'e gewoane goudûle ôfspjalten. Guon oare ûndersoarten moat noch mear ûndersyk nei dien wurde.

famylje goudûlefûgels (Tytonidae) skaai maskerûlen (Phodilus) Easterske maskerûle (Phodilus assimilis) Srylankaanske maskerûle (Phodilus badius) skaai goudûlen (Tyto) Afrikaanske maskerûle (Tyto prigoginei, foarh. Phodilus prigoginei) Amerikaanske goudûle (Tyto furcata) Andamanengoudûle (Tyto deroepstorffi) Australyske goudûle of grutte goudûle (Tyto novaehollandiae) Aziatyske gersûle (Tyto longimembris) eastlike goudûle (Tyto javanica) goudûle (Tyto alba) Hispanjoalagoudûle (Tyto glaucops) Kaapske gersûle (Tyto capensis) lytse swarte goudûle (Tyto multipunctata) Madagaskargersûle of reade ûle (Tyto soumagnei) Manusgoudûle (Tyto manusi) Minahassagoudûle (Tyto inexspectata) Molukske goudûle of Molukkengoudûle (Tyto sororcula) Nijbrittannyske goudûle (Tyto aurantia) Portorikaanske goudûle (Tyto cavatica) † 1912 rinûle (Tyto pollens) † 16e iuw Selebesgoudûle (Tyto rosenbergii) swarte goudûle (Tyto tenebricossa) Taliabugoudûle of neumanngoudûle (Tyto nigrobrunnea)

Fossile skaaien Der binne teminsten 4 fossile skaaien fan goudûlefûgels beskreaun: de deadswjukûlen (Necrobyas) út it Let-Eoseen oant it Let-Mioseen de foargoudûlen (Prosybris) út it Let-Eoseen oant it Ier-Mioseen de moanne-ûlen (Selenornis) út it Let-Eoseen en Ier-Oligoseen de nachtûlen (Nocturnavis) út it Let-Eoseen en it Ier-Oligoseen

Fierders binne der noch twa fossile skaaien wêrfan't ûndúdlik is oft se yn 'e famylje fan 'e goudûlefûgels pleatst wurde moatte: de âlde goudûlen (Palaeotyto) út it Let-Eoseen en Ier-Oligoseen de âlde wjukûlen (Palaeobyas) út it Let-Eoseen en Ier-Oligoseen

De saneamde "reuzegoudûle" Basityto út it Ier-Eoseen fan Grafenmühle yn Dútslân bliek letter eins in kroankraanfûgel (Balearica sp.) te wêzen. De saneamde "Peaske-eilângoudûle", wêrfan't subfossile bonken oantroffen wiene op Peaske-eilân yn 'e Stille Oseaan, is no fan dúdlik wurden dat it eins in mokeftige (Procellariiformes sp.) wie.

Kategory:Fûgelfamylje Kategory:Ule-eftige