Neil Percival Young (Toronto, Ontario, 12 novimber 1945) is in Kanadeesk sjonger, lieteskriuwer en ûndernimmer. Yn in karriêre dy't in periode fan mids jierren sechtich oant no oerkapet, hat er in mânsk oeuvre opboud dat te fergelyksen is mei dat fan Bob Dylan. Hy wurdt yn 't generaal beskôge as ien fan de artysten mei de measte ynfloed fan syn generaasje. Neil Young. Thomas Erlewine, Stephen. allmusic.
Karriêre Young begûn syn optreden as soloartyst yn Kanada yn 1960, ear't er yn 1966 nei Kalifornje ferfarde, dêr't er mei Stephen Stills de band Buffalo Springfield oprjochte en letter it fjirde lid fan Crosby, Stills & Nash waard; dat wy yn 1969. Hy sette in solo karriêre op dy't rûmom in protte jûchheigerop feroarsake; syn earste album kaam yn 1968 út. Yn in karriêre dy't in periode fan mids jierren sechtich oant no oerkapet, hat er in mânsk oeuvre opboud dat te fergelyksen is mei dat fan Bob Dylan; 33 studio albums hat er levere. Benammen yn de jierren '80 hat Young in soad mei útienrinnende myzykstilen eksperimintearre en dêr is er nea mei opholden. De Rock and Roll Hall of Fame webside beskriuwt Young as "one of rock and roll’s greatest songwriters and performers".rockhall.com - Neil Young - Biography. Sjoen 2010-4-9. Hy is twaris yntrodusearre yn de Hall of Fame: earst as a solo artyst yn 1995, en letter as lid fan Buffalo Springfield yn 1997. Young by in optreden ynAustin (Teksas) op 9 novimber 1976|left|thumb|250px Young's wurk wurdt skaaimerke troch syn typyske gitaarwurk en syn falset/tenor-sjongstim. Hoewol't er himsels begeliedet op ferskate ynstruminten, sa as piano en harmonika, wurdt syn lûd fral bepaald troch syn gitaarspyljen (akûstysk en elektrysk), dy't er somtiden melodieusk en dan wer rûch bespilet. Young hat mei in soad muzykstilen eksperimintearre, begelyks swing en elektroanyske muzyk, mar yn syn meast bekende wurk kin dochs trije haadstreamen ferdield wurde: akûstyske folk en country-rock, of fersterke hard-rock yn mei de band Crazy Horse. Wol hat Young ek eleminten fan nijere muzykstilen oernaam sa as alternative rock en grunge. Syn ynfloed op dy lêste hat him de earetitel Godfather of Grunge" besoarge."It had already been noted that Neil Young was an important influence on grunge musicians, and in the mid- 1990s it became common to see Neil Young described as 'the godfather of grunge'." yn Echard, William: Neil Young and the Poetics of Energy, Indiana University Press 2005, s. 43 | isbn = 9780253217684
Young hat in stikmannich fils (mei)regisearre ûnder de skûlnamme Bernard Shakey, dit binne Journey Through the Past (1973), Rust Never Sleeps (1979), Human Highway (1982), Greendale (2003), en CSNY/Déjà Vu (2008). y wurket no oan in dokumintêre oer de techyk fan elektryske auto's, foarearst mei de titel Linc/Volt. It projekt bestiet ûnder mear út it ombouwen fan in Lincoln Continental út 1959 nei hybride technology; Young is fan doel om dêrmei nei Washington, D.C. te riden om sa omtinken foar miljeufreonlike technology fan politisy te freegjen.
Young is in útsprutsen pleiter foar miljeusaken en foar it wolwêzen fan lytse boeren; yn 1985 organisearre er mei it benefit concert Farm Aid. Yn 1986 holp Young mei oan it stiftsjen fan The Bridge School,Welcome to The Bridge School in ûnderwiisynstelling foar bern mei slimme ferbale en fysike beheiningen, en docht er mei oan it jierlikse Bridge School Benefitkonsert. Young wennet op syn ranch yn La Honda, Kalifornje. Hoewol't er al tsientallen jierren yn Kalifornje wennet en wurket en like faak oer de F.S. as oer syn heitelân songen hat, hinget er oan syn Kanadeesk boargerskip; hy hat nea Amerikaan wurde wollen.Time, Resurrection of Neil Young, Continued Op 14 july 2006 waard Young ûnderskieden mei de Oarder fan Manitoba.
Young hat gearwurke mei in protte grutte artysten, sa as Bruce Springsteen, Willie Nelson, Jerry Lee Lewis, Rick James, Pearl Jam, Nils Lofgren en de Pixies.
Bob Dylan, U2, Tori Amos, Johnny Cash, Boney M., The Mission, Nick Cave, Pearl Jam en Stereophonics binne mar in pear namme fan artysten dy't Young-nûmers op harren repertôre set hawwe.
Privee Neil Young is troud mei Pegi Morton. Sy hawwe twa bern, dochter (Amber), dy't lykas Young ek te lijen hat fan epilepsy, en in slim handikepte (foar it measte part ferlamme) soan (Ben). Ut in eardere relaasje mei aktrise Carrie Snodgress, waard soan Zeke berne, dy't mei in Sykte fan Little op de wrâld kaam.
Young is sûnt midden jierren 70 in entûsiast samler fan modeltreinen fan it merk Lionel. Sûnt 1994 hat er in frijwat grut oandielepakket opboud by de produsint fan dizze treinen en is er warber yn it management fan dit bedriuw. Efterhûs hat Young in hal sette litten, dêr't er (mei syn famylje) in mânske modelbaan boud hat.
Diskografy mei in band Studio-albums Album Utbrocht op Band Single(s) Buffalo Springfield1966Buffalo SpringfieldBuffalo Springfield Again1967Last Time Around1968Déjà Vu11 maart 1970Crosby, Stills, Nash & YoungWoodstock,Teach Your Children,Our House,Carry OnAmerican Dream1 novimber 1988American Dream,This old house,Nighttime for generals,That girlLooking Forward26 oktober 1999No tears left
Diskografy solo Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesNeil Young 22 jannewaris 1969RepriseThe LonerEverybody Knows This is Nowhere(mei Crazy Horse) 14 maaie 1969 Down by the River,Cinnamon GirlAfter the Gold Rush19 septimber 1970 Only Love Can Break Your Heart,When You Dance I Can Really LoveHarvest(mei The Stray Gators)14 febrewaris 1972Heart of gold,Old manOn the Beach 19 july 1974 Walk OnTonight's the Night(mei The Santa Monica Flyers) 20 juny 1975 Zuma(mei Crazy Horse)10 novimber 1975Lookin' for a Love,Drive BackLong May You Run(Stills-Young Band; mei Stephen Stills) 10 septimber 1976 Long May You Run,Midnight on the BayAmerican Stars 'N Bars 13 juny 1977 Hey Babe,Like a HurricaneComes a Time21 oktober 1978Comes a Time,Four Strong WindsRust Never Sleeps(mei Crazy Horse)22 juny 1979 Hey Hey, My My (Into the Black)Hawks and Doves 29 oktober 1980Stayin' Power,Hawks & DovesRe-ac-tor(mei Crazy Horse) 28 oktober 1981Opera Star,Southern Pacific Trans 29 desimber 1982 GeffenLittle Thing Called Love,Sample and Hold,Mr. Soul (Parts I and II)Everybody's Rockin'(mei Shocking Pinks) 27 july 1983Wonderin,Cry, Cry, CryOld Ways 12 augustus 1985 Get Back to the Country,Old Ways,Are There Any More Real Cowboys? (mei Willie Nelson)Landing on Water 21 july] 1986Touch the Night,Weight of the WorldThis Note's For You(mei The Bluenotes) 12 april 1988RepriseThis Note's for You,Ten Men WorkinFreedom2 oktober 1989 Rockin' in the Free World,No More,SomedayRagged Glory(mei Crazy Horse) 9 septimber 1990 Mansion on the Hill,Over and OverHarvest Moon(mei The Stray Gators) 2 novimber 1992 War of Man,Harvest Moon,Unknown LegendSleeps With Angels(mei Crazy Horse) 6 augustus 1994 Change Your MindMirror Ball(mei Pearl Jam) 27 juny 1995 Downtown (mei Pearl Jam),Peace and Love (mei Pearl Jam)Broken Arrow(mei Crazy Horse) 2 july 1996 Big TimeSilver & Gold25 april 2000Are You Passionate?(mei Booker T. & the M.G.'s) 9 april] 2002 Let's RollGreendale(mei Crazy Horse) 19 augustus 2003 Prairie Wind 27 septimber 2005 Living With War(mei The Restless) 2 maaie 2006 Let's Impeach the PresidentLiving With War: "In the Beginning"(rauwe ferzjes, mei The Restless)19 desimber 2006 Chrome Dreams II 16 oktober 2007Fork in the Road 7 april 2009 Fork in the Road,Johnny MagicLe Noise 28 septimber 2010 Love and War,Sign of LoveAmericana(mei Crazy Horse) 5 juny 2012Psychedelic Pill(mei Crazy Horse) 30 oktober 2012 A Letter Home 18 april 2014Third Man RecordsStorytone4 novimber 2014 RepriseWho's Gonna Stand UpThe Monsanto Years(mei Promise of the Real) 29 juny 2015 A Rock Star Bucks a Coffee ShopPeace Trail 9 desimber 2016My Pledge,Indian Givers,Peace TrailHitchhiker8 septimber 2017 HitchhikerThe Visitor(mei Promise of the Real)1 desimber 2017 Children of Destiny,Already GreatColorado(mei Crazy Horse)25 oktober 2019Milky Way,Rainbow of ColorsBarn(mei Crazy Horse)10 desimber 2021Song of the Seasons,Heading West,Welcome BackWorld Record(mei Crazy Horse)18 novimber 2022
Live-albums Album Utbrocht op Label Time Fades Away15 oktober 1973 RepriseLive Rust(mei Crazy Horse)19 novimber 1979 Life(mei Crazy Horse)30 july 1987 GeffenWeld(mei Crazy Horse) 23 oktober 1991 RepriseUnplugged8 juny 1993 Year of the Horse(mei Crazy Horse) 17 juny 1997Road Rock Vol. 1(mei Friends & Relatives) 5 desimber 2000Live at the Fillmore East 1970 14 novimber 2006 Live at Massey Hall 1971 13 maart 2007Sugar Mountain – Live at Canterbury House 19682 desimber 2008 Live At The Riverboat 19692 juny 2009Dreamin' Man Live '928 desimber 2009Bluenote Café 13 novimber 2015Earth(mei Promise of the Real)17 juny 2016 Carnegie Hall1 oktober 2021Dorothy Chandler Pavilion 19716 maaie 2022Royce Hall 1971Citizen Kane Jr. BluesNoise & Flowers(mei Promise of the Real)5 augustus 2022
Soundtrack-albums Film Album Utbrocht op Label Journey Through the PastJourney Through the Past7 novimber 1972RepriseWhere the Buffalo RoamWhere the Buffalo Roam1 maart 1980BackstreetDead ManDead Man27 febrewaris 1996VaporParadoxParadox(mei Promise of the Real)2018Shakey Pictures Inc.
Kompilaasje-albums Album Utbrocht op Decade28 oktober 1977Lucky Thirteen6 jannewaris 1993Mystery Trainmaaie 2001Greatest Hits novimber 2004
EP El Dorado (mei The Restless) - (17 april 1989) - Reprise Arc (mei Crazy Horse) - (oktober 1991) - Reprise The Times - (18 septimber 2020) - Reprise
Dvd 2000 Silver & Gold (film) 2000 Year of the Horse (regy Jim Jarmusch, mei Crazy Horse) 2000 Red Rocks Live (mei 'Friends & Relatives') 2001 In Berlin (mei Trans-Band) 2002 Rust Never Sleeps (mei Crazy Horse) 2003 Live at Vicar St. (bonus dvd by cd 'Greendale (Indiana)') 2004 Greendale (film) 2005 Live (mei Crazy Horse) 2006 Heart of Gold (regy Jonathan Demme; mei dokumintêres) 2006 Living with War (+ cd) 2006 Under Review (mei Crazy Horse) 2006 Live at The Fillmore East 1970 (+ cd, mei Crazy Horse) 2007 Live at Massey Hall 1971 (+ cd) 2008 Déjà Vu Live (mei Crosby, Stills & Nash, regisearre troch Neil Young Keppelings om utens Offisjele webside Neil Youngs Living With War Blog
Kategory:Kanadeesk sjonger Kategory:Kanadeesk muzikant Kategory:Kanadeesk gitarist Kategory:Kanadeesk pianist Kategory:Kanadeesk country-artyst Kategory:Kanadeesk folksmuzykartyst Kategory:Kanadeesk rockartyst Kategory:Kanadeesk lietsjeskriuwer Kategory:Kanadeesk filmregisseur Kategory:Kanadeesk polityk aktivist Kategory:Kanadeesk autobiograaf Kategory:Grammy-winner Kategory:Kanadeesk persoan fan Amerikaansk komôf Kategory:Kanadeesk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Kanadeesk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1945