De Ierske See (Ingelsk: Irish Sea, Iersk: Muir Éireann) is in see tusken Ierlân en Grut-Brittanje. De see is ferbûn mei de Atlantyske Oseaan troch it Sint-Georgekanaal tusken Ierlân en Wales yn it suden en fia it Noarderkanaal tusken Noard-Ierlân en Skotlân yn it noarden. It eilân Man leit middenyn de Ierske See.
De see is fan ekonomysk belang foar regionale hannel, skipfeart en transport, fiskjen en enerzjyopwekking in de foarm fan wynmûnes en kearnsintrales.
Fearboatferbiningen tusken Grut-Brittanje en Ierlân oer de Ierske See binne: Swansea - Cork Fishguard en Pembroke - Rosslare Holyhead - Dún Laoghaire Stranraer - Belfast en Larne Cairnryan - Larne. Der is ek in ferbining tusken Liverpool en Belfast fia Man. Elts jier wurde sa'n 12 miljoen passazjiers oerset.
De Ierske See hat tige fersmoarge west troch radioaktive stoffen út de kearnsintrale by Windscale (it Sellafield fan no) dêr't de earste Britske kearnwapens makke waarden. Yn de earste tweintich jier is sa'n 250 kg plutonium yn de Ierske See telâne kaam.
De Ierske See, alteast it middenpart, hat yn de lêste iistiid faaks in swietwettermar west. Doe't it iis him sa'n 10.000 jier lyn tebekluts, waard it mar op 'en nij ferbûn mei de see.
Kategory:Rânesee fan de Atlantyske Oseaan Kategory:See yn Jeropa Kategory:Wetter yn Ierlân Kategory:Wetter yn Man Kategory:Wetter yn Ingelân Kategory:Wetter yn Wales