It Simmerhûs stie yn de Prinsetún fan Ljouwert en waard yn of koart nei 1684 boud.
Steedhâlder Willem Freark fan Nassau-Dietz (1613-1664) krige yn it fredesjier 1648 fan it stedsbestjoer fan Ljouwert tastimming om de romte binnen it bastion "de Doeledwinger" te brûken as lusthôf. Hy liet dêr in prachtige renêssânsetún oanlizze mei lange leanen op de wâlen fan it bastion. Dêrnei waard it gebiet geandwewei útwreide en der waard ûnder oaren in toernoaifjild oanlein. Syn skoandochter Henriëtte Amalia fan Anhalt-Dessau, dy't troude mei Hindrik Kasimir II, naam yn 1684 it beslút om it hoveniershûs ferfange te litten troch in grut simmerhûs.
Yn 1734 waard de Prinsetún opnij ynrjochte by gelegenheid fan it houlik fan de lettere steedhâlder Willem IV mei de Ingelske keningsdochter Anna fan Hannover. De tún feroare no yn Frânske, barokke tún. Yn 1842 pakte Roodbaard it park opnij oan, wêrby't de hege wâlen ferlege waarden en it Simmerhûs ferfongen waard troch in nij gebou.
Bewenners 1648 - 1664 Steedhâlder Willem Freark fan Nassau-Dietz 1664 - 1711 Henriëtte Amalia fan Anhalt-Dessau 1711 - 1665 Maria Louise fan Hessen-Kassel 1665 - 1795 Steedhâlder Willem V fan Oranje-Nassau 1819 Gemeente Ljouwert
Kategory:Earder bouwurk yn Ljouwert Kategory:Hûs yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Skiednis fan Ljouwert Kategory:Bouwurk út 1684 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1842