De Sulveren Krystbal is de kultuerpriis fan Snits. De ûnderskieding wurdt alle jierren útrikt oan immen dy't him op it mêd fan muzyk en kultuer foar Snits en omkriten ynset hat. Ornaris wurdt op de sneon nei Kryst it Oaljekoekenkonsert fan Rolling Home holden. Op dat konsert wurdt dan troch dejinge dy't in jier earder de Sulveren Krystbal ûntfongen hat de nije Krystbal útrikt.

Untfangers 2023 - Jan Blanksma, dirigint 2022 - Tseard Verbeek, dirigint 2021 - Kees Poiesz, ynset stifting Sneek 75 vrij. 2020 - net útrikt 2019 - Lieuwe Toren, eardere direkteur fan Cultuur Kwartier 2018 - Douwe Visser, skûtsjeskipper 2017 - Showkorps Advendo 2016 - Teäter Snits - Ben van der Knaap 2015 - Bob Reek - muzykman 2014 - Harm Rozenberg, "Mister Waterpoort", mei-oprjochter fan Rolling Home. 2013 - Hans Faber, foaroanman fan Rolling Home, foar syn wurk foar it koar, en benammen wat er dien hat foar it iepenloftspul De Drie Gebroeders. 2012 - De Blauhúster Dakkapel 2011 - Wiesje Jansma, regisseurske fan ûnder oaren Hoe no, Robin Hood, wat de Gouden Gurbe wûn hie. 2010 - Riek Landman 2009 - Jan de Wreede 2008 - Yde van Dijk 2007 - Bennie Hoogstra, 25 jier tamboer-majoar fan Advendo 2006 - Yede van Dijk, toanielspiler 2005 - Maaike Schuurmans, musikalstjer 2004 - Henk van der Veer, skriuwer 2003 - Diba Concerts: Bauke Algera en Dick Jaarsma 2001 - Coen Dijkstra, Advendo 2000 - Steven de Jong, regisseur Jan de Wreede, ynstrukteur Advendo Dave Tearney, lieder Rolling Home Anne Oosterhaven, dirigint Dirk Donker, organist Riek Landman Theo Wiersma

Kategory:Snits Kategory:Fryske kultuerpriis Kategory:Fryske literatuerpriis Kategory:Fryske muzykpriis Kategory:Priis of ûnderskieding mei ûnbekend jier fan ynstelling