Hylke Michiel Tromp (Wâldsein, 9 febrewaris 1866 - Den Haach, 14 maaie 1935) wie in Nederlânsk boargemaster.
Tromp wie in soan fan boargemaster Michiel Hylkes Tromp en Sipkje Sipkes de Boer. Hy gie nei de skoalle fan de Evangelyske Bruorgemeente yn Zeist en slagge dêr yn 1886 foar it diploma gemeente-administraasje. Yn 1887 waard er oansteld op de sekretary fan de gemeente Frjentsjer.
Yn 1893 waard er beneamd as boargemaster fan Hemelumer Oldephaert en Noordwolde. Teffens wie er ûntfanger fan it wetterskip. Yn 1906 ferhûze er nei Snîts doe't er syn heit opfolge as boargemaster fan Wymbritseradiel. Dêrneist wie er ûnder oaren tsjerkfâld, direkteur fan de pleatslike spaarbank en lid fan de fâdijried. Yn 1931 waard him as borgemaster earfol ûntslach ferliend. Tromp waard foar syn tsjinsten ta Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau beneamd."H.M. Tromp. Oud-burgemeester van Wymbritseradeel" yn Ljouwerter Krante, 15 maaie 1935
Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:Boargemaster fan Himmelumer Aldefurd Kategory:Boargemaster fan Wymbritseradiel (oant 1984) Kategory:Frysk bankier Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Persoan berne yn Wâldsein Kategory:Persoan berne yn 1866 Kategory:Persoan stoarn yn 1935