thumb|rechts|Sj. fan Welderen Rengers Sjuck van Welderen baron Rengers (Grins, 8 novimber 1799 - Ljouwert, 22 oktober 1870) wie in Nederlânsk politikus.
Rengers waard 17 novimber 1799 doopt yn de Martinitsjerke. Hy wie in soan fan Bernard Walraad fan Welderen baron Rengers (1777-1823) en syn frou Louise Christina Alberda fan Bloemersma (1778-1855). Yn 1811 ferfarde de hûshâlding nei de Epemastate yn Ysbrechtum. Hy studearre Letteren yn Grins en dêrnei Romeinsk en hjoeddeisk rjocht yn Utert.
Wurkpaad Yn 1823 waard er, lykas syn heit, pake en oerpake Sjuck fan Burmania Rengers foar him, grytman yn Wymbritseradiel. Nei de grûnwetsferoaring fan 1848, waard yn 1851 in nije Gemeentewet ynfierd en it grytmanskip ôfskaft. Rengers wie it dêr net mei iens en trede ôf yn 1853.Gemeente Snits - Epemastate, bewenners
Neist grytman wie Rengers ûnder oaren lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân (1823-1830, 1843-1845 en 1850-1870), lid fan de Twadde Keamer (1826-1842), lid fan de Earste Keamer (1845-1850) en lid van Deputearre Steaten van Fryslân (1853-1870).Parlement & Politiek Hy waard mear as ien kear ûnderskieden en wie Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw en Kommandeur yn de Oarder fan de Ikenkroan.
Kategory:Nederlânsk abbekaat Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Wymbritseradiel Kategory:Boargemaster fan Wymbritseradiel (oant 1984) Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Frysk deputearre Kategory:Earste Keamerlid Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Politikus yn it Feriene Keninkryk fan de Nederlannen Kategory:Fryske adel Kategory:Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1799 Kategory:Persoan stoarn yn 1870