Augsbuert-Lytsewâld (Standertfrysk: Lytsewâld; Grinslânsk: Lutjewolde; Nederlânsk: Augsbuurt of Lutjewoude) is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Augsbuert-Lytsewâld leit noardeastlik fan Bûtenpost, súdlik fan Kollum, westlik fan Boerum en noardwestlik fan Gerkeskleaster-Strobos.

De buorskip Stienharst heart ek by Augsbuert-Lytswâld.

Augsbuert-Lytsewâld hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners. Skiednis It doarp is fan midsiuwske oarsprong en kaam yn 1654/1656 oan de doe groeven Strobosser Trekfeart tusken Dokkum en Strobos te lizzen.

Augsbuert-Lytsewâld hearde oant de gemeentlike weryndieling yn 2019 by de gemeente Kollumerlân. Clantsate Clantstate (1723)|thumb|220px|left|Clantstate (1723) De namme Clant is foar it earst oan de eartiidske state ferbûn, doe't Claes Clant him kocht yn 1536. Foar dy tiid hjitte er Harkema Heerd en dy namme waard foar it earst yn 1463 neamd. Claes Clant waard grytman fan Nij-Krúslân yn 1542 en letter fan Kollumerlân en NK oant 1569. Op de state wennen doe noch wol Harkema's. De sate waard letter troch de famyljes Roorda, Van Scheltema en Van Aylva bewenne. Nei alle gedachten is de state koart foar 1650 opnij boud; oanwizings derfoar jout ek de tekening fan J. Stellingwerf út 1722.,Noordelijk Oostergo/Kollumerland en NK, 1989. Siden 9,10 Reizgers dy't troch de Strobosser Trekfeart fearen hiene it oer in bysûnder gebou. Yn 1757 waard Clantsate of de Augsboarch ôfbrutsen.

Tsjerke

De eardere herfoarme tsjerke is it meast yn it each rinnende gebou yn Augsbuert-Lytsewâld. Op it plak fan de tsjintwurdige tsjerke stie yn 1347 al in kapel. It tsjerkje is boud yn 1782. De toer is lykwols fan resintere datum: 1917. Doe is der ek in nije klok getten as ferfanging fan it troch Jurjen Balthasar getten eksimplaar, mar hy is yn de oarloch yn de raantsjettel bedarre. Yn 1976 is de tsjerke renovearre en is der boukundich ûndersyk dien., Noordelijk Oostergo/Kollumerland en NK, 1989. Siden 9,10 Yn de tsjerke binne in twatal roubuorden fan de Van Scheltinga’s út 1708 en 1712 te bewûnderjen. thumb|left|Pastorij De tsjerke, dêr't de banken úthelle binne, hat in bysûndere preekstoel. Op it foarstik binne Mozes en Aäron ôfbylde mei de wet. De preekstoel is yn de 17e iuw skonken troch de grytman Epo van Aylva.

De tsjerke, dy't mar fjouwer kear yn it jier brûkt wurdt, is besit fan de stifting Alde Fryske Tsjerken.

It tsjerkje wurdt winterdeis brûkt as muzykkapel troch streekmuzykskoalle De Wâldsang. Ek wurde der wol eksposysjes hâlden.

De herfoarme gemeente fan Augsbuert-Lytsewâld wie oant 1857 kombinearre mei dy fan Kollumersweach. Doe krige Kollum in twadde dûmny, dy't yn Augsbuert-Lytsewâld wenne. Yn 1869 krige Kollum wer ien dûmny. De pastorij stiet der noch.

Mienskip Skoalle en skoalhûs thumb|260px|Skoalle mei skoalmasterswente Yn 1833 krige Augsbuert-Lytsewâld in nije skoalle en dêr waard yn 1839 it skoalhûs tsjinoan boud. Yn 1880 is de skoalle sletten, mei't master Tije van Teijens, doe't er 77 jier wie, mei pinsjoen gie.

Befolkingsferrin Jier 1954 1959 1964 1969 1973 2007 2015 2020 Ynwenners 157 121 113 101 103 68 68 80

De brêge thumb|260px|Brêge oer de Strobossertrekfeart Wa't fan de Dokkumer Trekwei nei Augsbuert-Lytsewâld giet, komt oer in no seldsume brêge. Yn 1907 krige Augsbuert-Lytsewâld in nije brêge. As model waard de âlde balkebrêge, dy't meastentiids oer de trekfeart leinen, brûkt.

Kategory:Doarp of stêd yn Noardeast-Fryslân Kategory:Doarp of stêd yn Kollumerlân