Muntsjesyl (Kollumerlânsk: Muntjesziel; Nederlânsk en offisjeel: Munnekezijl) is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Muntsjesyl leit noardlik fan Pitersyl, eastlik fan Warfstermûne, westlik fan Lauwerssyl en súdwestlik fan Sâltkamp. De doarpskearn leit benammen oan de Methardusstrjitte.

De buorskippen De Skâns, Krabbuorren en De Kolk (grutendiels) hearre ek by Muntsjesyl.

Muntsjesyl hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners. Skiednis thumb|260px|left|Slûs fan Muntsjesyl yn it Syldjip Muntsjesyl is in kûmdoarp dat yn de lette midsiuwen ûntstien is by de yn 1476 troch Sistersjinzer muontsen fan Gerkeskleaster sleine slûs yn de Lauwers, dy't it troch harren bedike lân beskermje moast. De slûs is in tal kearen ferlein en fernijd. Oan de ein fan de 16e iuw waard in ferdigeningsskâns oanlein. De bou fan de tsjintwurdige slûs yn 1741 foarme in ûnderdiel yn de ferbettering fan it Syldjip en de Muntsjesylster Ryd.

Foar de gemeentlike weryndieling fan 2019 wie it ien fan de tolve doarpen yn de gemeente Kollumerlân.

Bouwurken Tsjerken

It hat lang duorre foar't Muntsjesyl sels in tsjerke krige. De eardere herfoarme tsjerke (ek "Sylstertsjerke") waard yn 1899 boud, mar gyng werom op in gebou út de 17e iuw. Yn 2020 waard de tsjerke troch de PKN-gemeente ferkocht. Yn de tsjerke wie in oargel út om 1755 hinne, dat yn 2021 ferhûze nei de tsjerke fan Terkaple.

De grifformearden lieten yn 1913-1914 de grifformearde tsjerke bouwe. It ûntwerp wie fan de Grinslânske tsjerke-arsjitekt Lammert Reitsma. De tsjerke is noch jimmeroan yn gebrûk.

Oare bouwurken thumb|260px|Rust Roest yn 2009 Yn it doarp stiet de yn 1856 boude nôtmûne Rust Roest, dy't ek wol de Muntsjesylster Mûne neamd wurdt. De mûne is in reiddekte achtkante stellingmûne mei stiennen ûnderbou.

Deunby Muntsjesyl stiet de slûs fan Muntsjesyl, in ryksmonumint út 1882.

Súdlik fan it doarp leit 'it Pypke', in âlde bôgebrêge fan 1802.

Mienskip It yn 2016 ferboude doarpshûs hjit De Skâns.

Tsjerke PKN gemeente Boerum-Muntsjesyl-Warfstermûne PKN Muntsjesyl-Lauwersyl

Ferienings Biljertferiening Iisferiening 'De Lauwers' Muzykferiening 'Tida Kira' Skuttersferiening 't Mikpunt' Fuotbalferiening De Lauwers

Skoalle Kristlike basisskoalle 't Oegh

Ynfrastruktuer

Passantehaven It doarp leit oan de Muntsjesylster Ryd tsjin Grinslân oan. It doarp hat tsjintwurdich in passantehaven.

Bustsjinst Troch Muntsjesyl rint de folgjende busline:

Line 37: Súdhorn - Sâltkamp

De busline troch Muntsjeyl wurdt fersoarge troch Qbuzz.

Publikaasje - Munnekezijl-Beeld van een dorp

Kategory:Doarp of stêd yn Noardeast-Fryslân Kategory:Doarp of stêd yn Kollumerlân