J.R.R. Tolkien (folút: John Ronald Reuel Tolkien; Blomfontein (Oranje Frijsteat), 3 jannewaris 1892 – Bournemouth (Ingelân), 2 septimber 1973) wie in Ingelsk skriuwer, taalkundige en heechlearaar Angelsaksysk en Ingelske taal- en letterkunde oan 'e Universiteit fan Leeds en de Universiteit fan Oxford. Hy wurdt beskôge as de grûnlizzer fan it moderne fantasysjenre en groeide út ta ien fan 'e meast ferneamde auteurs fan 'e tweintichste iuw mei syn berneboek The Hobbit en syn trilogy The Lord of the Rings, dy't er pleatste yn in eigenoptochte fantasijwrâld mei de namme 'Midden-Ierde'. Postúm waarden ûnder redaksje fan syn soan Christopher Tolkien noch ferskate oare wurken fan him publisearre, mei as wichtichsten The Silmarillion en Unfinished Tales. Yn 2008 waard Tolkien troch de krante The Times op it sechsde plak pleatst op in ranglist mei de fyftich grutste Britske skriuwers sûnt 1945. It Amerikaanske tydskrift Forbes parte him yn 2009 it fyfde plak ta op in ranglist mei 'bêst fertsjinjende deade bekendheden'.

Libben en karriêre Komôf De foarâlden fan Tolkien wiene ambachtslju dy't klokken, horloazjes en piano's makken en ferkochten yn Londen en Birmingham. Yn 'e manlike line wie syn famylje fan Dútske oarsprong; de Tolkiens hiene har neffens de famylje-oerlevering yn 1756 as oarlochsflechtlingen yn Ingelân fêstige, nei't se yn Dútslân alles ferlern hiene by de ynvaazje troch it Prusyske leger ûnder Freark de Grutte fan it Karfoarstedom Saksen, in ûnderdiel fan 'e Sânjierrige Oarloch. Yn Ingelân rekke de famylje "al hiel gau yntins feringelske", sa't Tolkien letter sels yn in brief skriuwe soe.

De oarsprong fan 'e efternamme Tolkien is ûndúdlik, hoewol't der noch ferskate famyljes mei dy of in fierhinne gelikense namme yn 'e tsjintwurdige Dútske dielsteaten Nedersaksen en Hamburch libje. Tolkien sels tocht dat de namme ôflaat wie fan it Dútske wurd tollkühn, dat "dwaas" of "dryst" betsjut. In oare teory is dat de namme basearre is op 'e plaknamme fan it doarp Tolkynen, yn 'e neite fan Rastenburg yn East-Prusen (no Tołkiny yn Poalen). Dy doarpsnamme is ôflaat fan 'e útstoarne Aldprusyske taal.

Jonkheid en oplieding John Ronald Reuel Tolkien waard op 3 jannewaris 1892 berne yn Blomfontein, de haadstêd fan 'e Oranje Frijsteat, in doe noch ûnôfhinklike Afrikaner republyk (no de Frijsteatprovinsje fan Súd-Afrika). Syn âlden wiene de Ingelske bankier Arthur Reuel Tolkien (1857-1896) en dy syn frou Mabel Suffield (1870-1904). Hja hiene har koart tefoaren yn 'e Oranje Frijsteat fêstige doe't Arthur Tolkien oansteld waard as it haad fan it filiaal yn Blomfontein fan 'e Britske bank dêr't er foar wurke. Tolkien hie ien jongere broer, Hilary Arthur Reuel Tolkien, dy't berne waard op 17 febrewaris 1894.

As jong bern waard Tolkien yn 'e tún fan 'e wente fan it gesin yn Blomfontein in kear biten troch in grutte baviaanspin, in foarfal wêrfan't guon lettere kritisy mienden dat it yn syn wurk wjergalme, yn 't bysûnder yn De Twa Tuorren, hoewol't Tolkien nei eigen sizzen gjin oantinken oan it barren hie en as folwoeksene ek gjin útsûnderlike haat foar of ôfkear fan spinnen hie. Yn 1895, doe't er trije jier wie, naam syn mem him en syn broer Hilary mei nei Ingelân foar wat in lange famyljebesite wurde moast. Syn heit kaam lykwols yn 1896 yn Súd-Afrika te ferstjerren oan akút reuma ear't er him by harren jaan koe. Om't it gesin dêrtroch sûnder ynkommen kaam te sitten, loek Tolkien syn mem mei de bern by har âlden yn, dy't yn King's Heath, yn Birmingham wennen.

Noch yn 1896 ferfearen frou Tolkien en de bern nei in eigen húske yn Sarehole (doe in doarp yn Worcestershire, mar no ûnderdiel fan Birmingham). Dêr mocht Tolkien graach de Mole fan Sarahole, de Moseley-sompe en de Clent-, Lickey- en Malvern-heuvels ferkenne, dy't letter ynspriraasje wêze soene foar sênes yn syn boeken, krekt as oare doarpen yn 'e omkriten, lykas Bromsgrove, Alcester en Alvechurch. Frou Tolkien joech har soannen thúsûnderwiis. De jonge Tolkien wie in iverige learling en die fan syn mem in soad op oer botany en taalkunde. Mei fjouwer jier koed er lêze en net folle letter makke er him it skriuwen ek eigen.

Mabel Tolkien liet har yn 1900 tsjin fûleindich ferset fan har baptistyske famylje yn bekeare ta it roomsk-katolisisme. Dêrnei hold har famylje op mei alle finansjele stipe oan har en har bern. Yn 1904, doe't Tolkien tolve jier wie, kaam syn mem te ferstjerren oan akute diabetes yn in hierhûs yn Rednal. Hja wie doe 34 jier, en dat wie likernôch sa âld as immen mei type 1-diabetes libje kin sûnder behanneling; in behanneling dy't doe noch net bestie, mei't ynsuline pas tweintich jier letter ûntdutsen wurde soe. Foarôfgeande oan har dea hie frou Tolkien de fâdij oer har soannen opdroegen oan in goede freon fan harres, frater Francis Xavier Morgan fan it Oratoarium fan Birmingham. Dy moast de jonges goedroomsk grutbringe. Tolkien skreau letter oer Morgan dat it in konservatyf fan Welsk-Spaansk komôf wie dy't him goeddiedichheid en ferjeffenis bybrocht.

Nei't er mei syn mem oergien wie nei de Roomsk-Katolike Tsjerke, groeide Tolkien fierder op yn 'e wyk Edgbaston yn Birmingham en gie dêr fan 1900 oant 1902 nei de King Edward's School en fan 1902 oant 1903 nei de St. Philip's School. Yn 1903 wûn er in stúdzjebeurs dy't him by steat stelde om werom te kearen nei de King Edward's School, dêr't er oant 1911 bleau. It wie yn dy snuorje dat er foar it earst yn kontakt kaam mei it ferskynsel keunsttaal, troch Animalic, in útfynsel fan syn nichten Mary en Marjorie Incledon. Letter konstruëarre Mary mei help fan oaren, wêrûnder Tolkien, de yngewikkelder keunsttaal Nevbosh, foar't Tolkien sels it Naffarin betocht. Fierders learde er al foàr 1909 it Esperanto.

Yn 'e simmer fan 1911 gie Tolkien op fakânsje nei Switserlân, wêrby't er, sa't er yn 1968 yn in brief notearre, ideeën opdie foar de reis fan 'e hobbit Bilbo troch de Diisbergen. Werom yn Ingelân sette er yn oktober fan datselde jier útein mei syn stúdzje oan it Exeter Kolleezje fan 'e Universiteit fan Oxford. Dêr lei er him yn 't earstoan ta op 'e klassike talen, mar yn 1913 ferlei er syn stúdzjemêd nei Ingelske taal- en letterkunde, dêr't er yn 1915 cum laude yn ôfstudearre.

Houlik en gesin Yn 1908, doe't er sechstjin jier wie, kaam Tolkien yn 'e kunde mei Edith Mary Bratt, dy't trije jier âlder wie as hy. Hja ferbleau yn itselde kosthûs as Tolkien en syn broer Hilary, oan Duchess Road yn Edgbaston. Tolkien en Edith brochten almar mear tiid yn inoars selskip troch, en tsjin 'e simmer fan 1909 besleaten se dat se fereale opinoar wiene. Morgan, Tolkien syn fâd, beskôge Edith lykwols as de reden dat Tolkien him minder talei op syn ûnderrjocht, en fûn it boppedat alhiel net gaadlik dat er in relaasje ûnderhold mei in âldere en, slimmer noch, protestantske frou. Hy ferbea Tolkien dêrom om op lykfol hokker wize noch kontakt mei Edith te hawwe oant er 21 jier en dêrmei mearderjierrich wie.

Op ien iere útsûndering nei hold Tolkien him oan dat foarskrift, en trije jier lang moete er Edith net, noch prate er of korrespondearre er mei har. Op 'e jûn fan syn 21e jierdei skreau er har lykwols in brief wêryn't er har syn leafde ferklearre en har frege om mei him te trouwen. Edith, dy't tsjin dy tiid ferloofd wie mei in George Field, stimde deryn ta om him te ûntfangen, sadat se de kwestje útprate koene. Dêrfandinne reizge Tolkien op 8 jannewaris 1913 nei Cheltenham ta, dêr't Edith yn 'e kost wie. Hja kuieren dy deis in hiel ein en praten oerenlang. Tsjin 'e jûn hie Edith Tolkien tawurd jûn; de oare deis briek se har ferloving mei Field ôf.

Nei't se ein jannewaris in nije ferloving mei Tolkien oangien wie, stimde se der mei tsjinnichheid yn ta om oer te gean nei de Roomsk-Katolike Tsjerke, hoewol't dat har op in soad swierrichheden mei famylje en freonen kaam te stean. It houlik fan Tolkien en Edith fûn op 22 maart 1916 plak te Warwick. Hja krigen neitiid fjouwer bern, trije soannen en ien dochter: John Francis Tolkien (1917-2003), Michael Hilary Tolkien (1920-1984), Christopher John Tolkien (1924) en Priscilla Anne Tolkien (1929).

Militêre tsjinst Doe't yn augustus 1914 de Earste Wrâldoarloch útbriek, shockearre Tolkien syn famyljeleden troch net daliks yn militêre tsjinst te gean. Ynstee keas er derfoar om dat út te stellen oant er syn stúdzje ôfrûne hie. Tsjin 'e tiid dat dat syn beslach hân hie, yn july 1915, wiene de bedutsen winken dat er tsjinst nimme moast, feroare yn útsprutsener oantrunings. "Yn dy dagen," sa skreau Tolkien letter, "joegen knapen har by it leger of oars waarden se publyklik ferhune. Dat wie in aaklik dilemma foar in jongeman mei tefolle ferbylding en net in protte fysike moed." Op 15 july 1915 joech er ta oan 'e druk en naam er tsjinst as twadde luitenant by it rezjimint Lancashire Fusiliers, wêrnei't er alve moannen trening krige yn Staffordshire.

Op 5 juny 1916 sette Tolkien ôf nei Frankryk om dêr oan it Westfront te fjochtsjen, dêr't er op 27 juny yn Rubenpré, by Amiens, oansteld waard as ofsier fan it 11e Bataljon Lancashire Fusiliers fan 'e 74e Brigade, 25e Difyzje fan it Britske Ekspedysjeleger. Neitiid joech Tolkien lieding oan soldaten dy't foar it meastepart mynwurkers, fabryksarbeiders en wevers út Lancashire wiene. Dat wie de earste kear yn syn libben dat er mei sokke sljochtwei lju te krijen hie, om't er earder altyd yn 'e middenklasse en mank de hegerein ferkeard hie. Nettsjinsteande de omstannichheden bleau er de rest fan syn libben tankber foar de lessen dy't er dêrby learde.

Begjin july 1916 waarden de Lancashire Fusiliers ynset yn 'e Slach oan de Somme, ien fan 'e bloedichste fjildslaggen fan 'e Earste Wrâldoarloch. Tolkien naam dêrby diel oan oanfallen op 'e Dútske posysjes dy't bekend stiene as it Schwaben-redût en de Leipzig-bôge. Ein oktober rûn er dêrby rinfuorgekoarts op, in sykte dy't oerbrocht waard troch luzen dy't oan it Westfront rûnom foarkamen. Op 8 novimber waard Tolkien op siketransport nei Ingelân steld, wat nei alle gedachten syn libben rêde, mei't syn bataljon neitiid frijwol oan 'e lêste man ta kaam te sneuveljen. Dêropta ferlear er in soad fan 'e freonen út syn skoaltiid, lykas Rob Gilson, dy't op 'e earste dei fan 'e Slach oan 'e Somme omkaam by in oanfal op Beaumont Hamel, en Geoffrey Smith, dy't it libben liet doe't der in Dútske artillerygranaat delkaam op syn hospitaalpost. Tsjin 1918 wiene op ien nei al Tolkien syn bêste freonen dea.

Wylst er, ferswakke en fermeagere, stadichoan opbettere yn in arbeidershúske yn Little Haywood, yn Staffordshire, sette Tolkien útein mei wurk oan wat er The Book of Lost Tales ("It Boek fan Ferlern Giene Ferhalen") neamde. Dat begûn mei The Fall of Gondolin, dat úteinlik ûnderdiel wurde soe fan The Silmarillion. Dêrmei besocht er in mytology foar Ingelân te skeppen, in projekt dat er nei jierren fan wurk lykwols oan 'e kant lizze soe. Yn 1917 en 1918 stiek kear op kear syn sykte de kop wer op, mar tsjin dy tiid wie Tolkien genôch opknapt dat er ynset wurde koe op garnizoensposten, hoewol't er medysk ôfkard waard foar tsjinst oan it front. Op 6 jannewaris 1918 waard er befoardere ta de rang fan luitenant. Net folle letter, doe't er yn Kingston-upon-Hull legere wie, giene hy en Edith dêr ris út te kuierjen yn 'e bosk, en op in iepen plak dûnse hja foar him mank it bloeiende dolkrûd, in foarfal dat de moeting fan Beren en Lúthien yn The Silmarillion ynspirearre.

Karriêre