Skearnegoutum is in doarp benoarden Snits oan De Swette (Snitser Trekfeart) yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It is ien fan de doarpen fan de Snitser Fiifgea. Op it doarpsgebiet lizze ek de buorskippen Nijekleaster, Loaiïngea en foar in part De Pôle. thumb|left|150px|Komboerd
Skiednis Skearnegoutum is ûntstien op in terp, weryn't by opgravings saken út de 4e iuw fûn binne. It doarp lei yn it earstoan oan de Middelsee oant dy om 1300 hinne drûchlein waard. Mei de doarpen Loaiïngea, Goaiïngea, Gau, en Offenwier foarme Skearnegoutum yn de midsiuwen it ferbûn Snitser Fiifgea.
Tusken 1233 oant de reformaasje stie eartiids krekt bûten de Middelseedyk by it tsjintwurdige krúspunt oan de Ljouwerterdyk mei de Spearsterdyk it Aula Dei ('Hûs fan God'), ek bekend as it Nijekleaster. It nonnekleaster hie grutte ynfloed op de ûntwikkeling fan de krite. Yn 1572 ferrinnewearren geuzen it kleaster. Ta neitins oan it kleaster stiet sûnt 1996 oan de Lege Dyk in lyts monumint fan seis nonnen op in sokkel. thumb|left|Eardere grifformearde tsjerke De âlde tsjerke fan Skearnegoutum wie wijd oan Sint-Marten. De midsiuwske tsjerke waard yn 1861 ôfbrutsen en ferfongen troch it hjoeddeiske gebou. Yn de 19e iuw krige Skearnegoutum der noch in tsjerke by, de grifformearde tsjerke. Mei de foarming fan ien protestantske federaasje yn de jierren 1990 waard de grifformearde tsjerke ferkocht en it gebou is no in wente.
Skearnegoutum hie fan 6 juny 1883 oant 15 maaie 1938 in stasjon oan it spoar Ljouwert - Starum. De stasjonskoade fan Stasjon Skearnegoutum wie Sgm. Op 1 juny 1940 waard it stasjon weriepene, mar op 24 novimber fan dat jier waard it wer sletten.
Yn 1897 waard it Koöperative Suvelfabryk Skearnegoutum oprjochte. It fabryk waard yn 1972 sletten.
Oant 2011 lei Skearnegoutum yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.
Doarpswapen De fiif punten fan de stjer yn 'e emblemen fan it doarp ferwizet nei de fiif doarpen yn it noarderkertier fan de eardere gemeente Wymbritseradiel, dêr't Skearnegoutum it haadplak fan wie. De kleuren binne ek ûntliend oan it wapen fan Wymbritseradiel. De dwersbalke is De Swette, it wetter dat troch it doarp rint. De earn komt fan it wapen fan Karel V, dat yn de doarpstsjerke ôfbylde is.
Mienskip Yn it yn Multyfunksjonele Akkomodaasje It Swettehûs is it doarpshûs ûnderbrocht. Ek de KBS Op 'e Hichte krige dêr syn ûnderdak. De Doarpsomropper is de namme fan de doarpskrante. De ynwenners hawwe as skelnamme 'Sûkerfretters'.
Tsjerke De PKN-gemeente Skearnegoutum-Loaiïngea hat alle sneinen tsjinst yn de Martenstsjerke.
Skoalle Prot.-kristlike basisskoalle Op 'e Hichte thumb|260px|Ryksmonumint Zwettewei 68
Ferienings thumb|260px|It oarlochsmonumint by de Martenstsjerke Der binne ferskillende buertferienings: buorskip Mastenbroek, beskerme wenje Fridsmastrjitte, Willem Santemastrjitte, St Martensdijk en Alddyk. Badmintonklub Skearnegoutum 76 Biljertferiening De Lakenkrakers Biljertferiening Skearnegoutum Follybalferiening Swette Switters Fûgelwacht Skearnegoutum e.o. Fuotbalferiening Skearnegoutum '70 Gymklub Sport Staalt Spieren Jeu de Bouleferiening Krekt sa't Rôlet Keatsferiening De Lytse Stuit Konsertkoar Martens Cantorij Muzykferiening Excelsior Oranjeferiening Shantykoar De Brûskoppen Tennisferiening De Skearnetikkers Damklub De stadige Strikers Stifting Natuergebiet de Flearen/Oer't Lange Rek (sjoch doarpsside foar mooglike feroarings) thumb|260px|De Swette by Skearnegoutum Befolkingsferrin Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2006 2015 Ynwenners 323 1.031 1.002 955 1.020 996 1.677 1.666 Jier 2020 2022 Ynwenners 1.667 1.613 Berne Jan Simons Hager (om 1734? - ?), dichter Jouwert Jouwertsma (1857-1889), folksskriuwer en dichter. Tjitte de Jong (1889-1972), rjochter en wethâlder Sjoerd Wiersma (1899-1971), fersetsman. Willem Santema (1902-1944), fersetsstrider Berend Joukes Fridsma (1905-2005) taalkundige en dichter Fokje van der Velde, (1918-2008), koartebaanrider Jurjen van der Meer (1957), (tekst)skriuwer Jan Wagenaar (1976-), krêftsporter Geert Jelle de Vries (1974), âld-proffuotballer.
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch Skearnegoutum rinne de folgjende buslinen:
Line 35: Snits - Frjentsjer Line 38: Hidaard - Snits fia Wommels Line 93: Snits - Ljouwert fia Mantgum Line 94: Snits - Reduzum
De buslinen troch Skearnegoutum wurde fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten Alle strjitten yn Skearnegoutum.
Publikaasjes , Scharnegoutum in oorlogstijd - 'Das Terroristendorf'
Kategory:Doarp of stêd yn Súdwest-Fryslân Kategory:Doarp of stêd yn Wymbritseradiel (oant 1984) Kategory:Doarp of stêd yn Wymbritseradiel