Kollumersweach (pleatslik ek: De Sweach) is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Kollumersweach leit noardlik fan Twizel, eastlik fan De Westerein, westlik fan Feankleaster en besuden De Trieme. De doarpskearn leit om de Foarwei hinne.
De buorskippen Sânbulten en Hanenburch hearre ek by Kollumersweach.
Kollumersweach hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.
Skiednis thumb|left|Trochgeande wei thumb|left|Willems hûske Yn 1443 wurdt it doarp Swaech foar it earst neamd yn in offisjele akte: ...Greetmans, Rechters ende meente in Oestbroecksterlande, also Kolmerland, Zwaech, Oldewolde ende Gaest...Andreae, A.J., 1885: Oudheidkundige plaatsbeschrijving van de gemeente Kollumerland en Nieuw-Kruisland, Kollum.. De namme betsjut greide. It destiidse doarp wie tige útstrekt en omfieme it tsjintwurdige Sweagerbosk, De Westerein en it westlik part fan it hjoeddeistige Kollumersweach Nei 1543 kaam de tsjintwurdige namme yn swang. Sweagerbosk is fan 1880 ôf in selsstannich doarp. Fan de eartiidske earmoede is net folle mear oer. De beskieden wenninkjes en boerespultsjes binne frijwol allegearre opromme. Tsjin de tsjerke oer is op nûmer 120, mei in soad ynspannings, ‘Willems Húske’ bewarre bleaun. It foldocht abslút net mear oan bou- en bewenningsfoarskriften, mar as belangrike tsjûgenis fan hoe't hjir troch kreas en himmel folk op in beskieden manier libbe waard, is it stean bleaun en restaurearre. Yn dit húske wennen generaasjes lang de kloklieders fan de tsjerke.
Tsjerke
Yn it sintrum stiet yn in slinger oan de Foarwei op in ferheging de âlde doarpstsjerke. Tsjerke en sealtektoer datearje út de 12e iuw. It koar is yn de 15e iuw fernijd. Der binne doe nije finsters oanbrocht. De tsjerke is yn 1888 fan de ûndergong rêden om't jonkhear Victor de Stuers yn it kueroard Mariënbad in rapport oer de werstelplannen fan de tsjerke skreau: Deze kerk [...] verdient in zijn oorspronkelijke karakter hersteld en onderhouden te worden, iets wat zonder veel moeite noch kosten kan geschieden.
Mienskip Tsjerken PKN-gemeente Kollumersweach Baptistengemeente De Thuishaven Evangelyske Vineyard Gemeente
De Grifformearde tsjerke is yn 2008 fan binnen folslein renovearre; dat wie te folgjen wie op in spesjale ynternetside.http://www.kerkenkollumerzwaag.nl/
Skoalle Kristlike basisskoalle De Stapstien
Befolkingsferrin Oantal ynwenners troch de jierren hinne op 1 jannewaris. 1850* 1998 1999 2000 2001 2002 2003 2004 2005 2006 2007 510 3.031 2.993 3.017 3.034 3.049 3.109 3.076 3.074 3.056 3.053 2008 2009 2010 2012 2013 2014 2015 2020 3.001 3.028 3.031 2.989 2.967 2.969 2.983 2.921 * neffens Abraham Jacob van der Aa
Berne yn Kollumersweach Joop Schotanus (1932-2011), sindeling Ale Geert de Vries (1980-), fuotbalkeeper
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch Kollumersweach rinne de folgjende buslinen:
Line 61: Damwâld - Bûtenpost Line 62: Bûtenpost - Ljouwert fia Kollum en Feanwâlden
De busline troch Kollumersweach wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten Alle strjitten yn Kollumersweach.
Kategory:Doarp of stêd yn Noardeast-Fryslân Kategory:Doarp of stêd yn Kollumerlân