thumb|rjochts|Gabriël De Voorste Molen (ek wol oantsjutten mei Gabriël) yn Kortenhoef is yn 1635 boud en bemealde, tegearre mei de wyls ferdwûne Middelste Molen en de Achterste Molen, de polder Kortenhoef. Yn 1957 is de achtkante binnenkruier ferkocht oan de Stichting Molen Gabriël dy't de mûne oan de bûtekant restaurearje liet. It geandewurk en it skûprêd wienen doe al weihelle. Yn dizze grûnsiler sit no in wente. De mûne is net te besichtigjen.

De namme Gabriël is ûntliend oan de keunstskilder Paul Joseph Constantin Gabriël, dy't fan dizze mûne ferskate skilderijen makke hat.

Kategory:'s-Graveland Kategory:Bouwurk yn Widemarren Kategory:Mole yn Noard-Hollân Kategory:Poldermole Kategory:Bouwurk út 1635