Stellendam is in doarp yn 'e gemeente Goeree-Oerflakkee (foarhinne de gemeente Goederede), yn 'e provinsje Súd-Hollân. Stellendam hat neistenby 3.655 ynwenners (2026) en is tradisjoneel in fiskersplak.
Skiednis thumb|left|De eardere float fan Stellendam. Op in pear kilometer ôfstân leit de Deltahaven, de thúshaven fan 'e fiskersboaten út Ouddorp, Goedereede en Stellendam. Eartiids hie Stellendam in grutte float, mar hjoed-de-dei is de float troch sanearing en ferkeap krompen ta noch mar in hânfol kotters mei in SL-registraasje. De oarspronklike haven fan Stellendam ferlear foar in grut part syn funksje troch de Deltawurken. By de haven leit de Goereeske slûs en in fiskôfslach.
Stellendam is in relatyf jong doarp; de polder wêryn't it leit is healwei de 18e iuw drûchlein. Wol hat der om 1820 hinne deunby de hjoeddeiske lokaasje fan Stellendam in eilân lein, Somerland. Nei de oanlis fan 'e Statendam tusken Westvoorn en Overflakkee yn 1766) koe de grûn noardlik fan 'e daam al gau bedike wurde. Yn 1769 waard it beslút nommen foar de yndiking fan 'e kwelders oan 'e kant fan it eilân Goeree, de Adrianapolder. Yn 1780 waarden alle kwelders tusken Goeree en Overflakkee yn ien kear yndike, wêrtroch't de Eendragtspolder ûntstie, dy't yn 'e folsmûle as de Stellendamske polder oantsjut wurdt. De polder waard ferdield ûnder de partikulieren en der waard in doarpke yn stifte: Stellendam.
Tusken 1846 en 1945 (doe waard de Grote Kroningspolder yndike), binne der tusken Stellendam en Dirksland hieltiten wer nije kwelders yndike. Yn 1956 is it Zuiderdiep oan 'e eastkant ôfdamme, wêrtroch't it oanslykjen noch rapper gyng. Yn it ramt fan 'e Deltawurken is der tusken de Haringvlietdam en de slûs fan 'e haven fan 'e haven fan Dirksland in dyk oanlein, wêrnei't njonken de Scheelhoek oan 'e noardkant fan it Zuiderdiep ek noch in grut part sûdlik fan it wetter drûchfoel. De Zuiderdieppolder wie yn 1968 foltôge en it lân waard dêrnei al gau yn kultuer brocht. Yn dit grutskalige nije lânbougebiet waarden trije nije pleatsen boud. De Zuiderdieppolder is oant no ta de lêste yndike polder fan Goeree-Oerflakkee.
It besjen wurdich thumb|left|Mûne fan Stellendam. De herfoarme tsjerke. Mûne Korenlust. De haven. Berne yn Stellendaam Ab Klink (1958), politikus
Kategory:Plak yn Goeree-Oerflakkee Kategory:Eardere gemeente yn Súd-Hollân