right|thumb|180px|Shawnee Smith Shawnee Smith (Orangeburg (Súd Karolina), 3 july 1969) is in Amerikaansk aktrise, dûnser en sjongster fan de punk/metalband Fydolla Ho (útsprekke as Five-Dollar Whore).
Smith ferskynde foar it earst yn films yn 1982, doe wie hja te sjen as dûnseres yn Annie. Yn 1987 briek hja troch mei in rol as de swiere tsiender yn Summer School. Smith hat har ferneamdens fral te tankjen oan it persoanaazje Amanda Young, dy't yn de films Saw, Saw II, Saw III, Saw IV en Saw V te sjen is. Earder spile sy fan 1998 oant en mei 2004 de eigensinnige, wat domme, Linda yn de telefyzjerige Becker. Smith spile fierders gastrollen yn ûnder oaren Married...with Children, Murder, She Wrote en The X-Files. Neist aktrise is sy muzikant: sy spilet gitaar, piano en drums.
Persoanlik libben Shawnee Smith waard berne as it twadde bern fan Patricia, in onkologyferpleechkundige en Jim Smith, in finansjeel planner en eardere piloat by de US Air Force. Har âlden gienen útelkoar doe't sy twa jier wie. Har mem troude opén nij doe't Shawnee acht wie.
Smith hat twa bern: dochter Verve (1999), út har houlik mei fotograaf Jason Reposar (1998–2003) en in soan Jakson (2005), út har koarte houlik mei de muzikant Kai Mattoon (2005–2006). Verve en Jakson dienen mei yn twa nûmers op it debútalbum fan Smith & Pyle, It's OK to be Happy.
Filmografy Annie (1982) - Dûnser Not My Kid (1985) (tv) - Carol Crime of Innocence (1985) (tv) - Jodi Hayward Iron Eagle (1986) - Joenie Easy Pray (1986) (tv) - Tina Marie Risico Summer School (1987) - Rhonda Altobello Bluegrass (1988) (tv) - Alice Gibbs I Saw What You Did (1988) (tv) - Kim Fielding The Blob (1988) - Meg Penny Who's Harry Crumb? (1989) - Nikki Drowning Desperate Hours (1990) - May Cornell Lucky/Chances (1990) (Minirige) - Olympia Stanislopolous Golden The Stand (1994) (Minirige) - Julie Lawry Leaving Las Vegas (1995) - Fytsend famke The Low Life (1995) - 'Little Tramp'-frou Bombshell (1996) - Shelly Female Perversions (1996) - Make-Up-ferkeapster Face of Evil (1996) (tv) - Jeanelle Polk Every Dog Has Its Day (1997) - ReadHead Dogtown (1997) - Tammy Hayes Something Borrowed, Something Blue (1997) (tv) - Teri Dead Men Can't Dance (1997) - Sgt. Addy Cooper The Shining (1997) (Miniserie) - Waitress Men (1997) - Clara Becker (TV) (1998) - Linda Armageddon (1998) - RedHead Carnival of Souls (1998) - Sandra Grant The Party Crashers (1998) - Carolyn Twice Upon a Time (1998) (tv) - Maggie Fowler A Slipping-Down Life (1999) - Faye-Jean Lindsay Breakfast of Champions (1999) - Bonnie MacMahon Eat Your Heart Out (2000) - Nicole Never Get Outta the Boat (2002) - Dawn Saw (2004) - Amanda Young The Almost Guys (2004) - Bigger Washington Street (2005 (tv) The Island (2005) - Suzie Saw II (2005) - Amanda Young Repo! The Genetic Opera (2006) - Heather Saw III (2006) - Amanda Young Secrets of an Undercover Wife (2007) (tv) - Lisa Traveling in Packs (2007) (tv) - Ivy Saw IV (2007) - Amanda Young Saw V (2008) - Amanda Young The Grudge 3 (2009) - Sullivan Saw 3D (2010) - Amanda Young Anger Management (2012) - Jennifer Goodson
Keppeling om utens Hiemside fan Shawnee Smith
Kategory:Amerikaansk dûnser Kategory:Amerikaansk sjonger Kategory:Amerikaansk hardrockartyst Kategory:Amerikaansk toanielakteur Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Persoan berne yn 1969