thumb|265px|right|Kaart fan in diel fan de gemeente Barneveld yn 1866 thumb|265px|Barneveld en omjouwing Barneveld (Nedersaksysk: Barreveld) is in gemeente yn de provinsje Gelderlân. It haadplak is it plak mei deselde namme Barneveld. De gemeente beslacht in gebiet fan 176,74 km² en hat in ynwenneroantal fan (, boarne: CBS). In ynwenner fan Barneveld wurdt in "Barnevelder" neamd. De gemeente Barneveld ûntstie yn syn hjoeddeistige foarm op 1 jannewaris 1818, doe't de doetiidske gemeente Barneveld fúzjearre mei de gemeenten Garderen en Voorthuizen, dy't yn 1812 fan Barneveld ôfspjalte wiene.
De gemeente Barneveld wurket sûnt 2010 gear mei de gemeenten Rhenen, Wageningen, Veenendaal, Ede, Nijkerk, Skerpenseel en Renswoude yn it regionaal gearwurkingsferbân Regio Foodvalley.
Kearnen + Ynwenners per wenkearn en kearngebiet1 jannewaris 2021PlaknammeNedersaksyskYnwennersBarneveldBarreveld35.095VoorthuizenVoorthuzen11.340KootwijkerbroekKootjebroek5.740GarderenGarder2.150StroeStroe1.670TerschuurTerschuur/Schuurdaarp1.505ZwartebroekZwartebroek1.440De GlindDe Gliend620KootwijkKootwiek/Kodik275Achterveldalign="leftt"|Achterveld145Boarne: CBS
Buorskippen en oare ûnoffisjele kearnen: Essen, Esveld, Garderbroek, Harselaar, Kallenbroek, Moorst (gedieltlik), Wessel en Rekreaasjegebiet Zeumeren.
Geografy De gemeente grinzget oan de gemeenten Nijkerk, Putten en Ermelo yn it noarden. De gemeente Apeldoarn yn it easten. De gemeenten Ede, Renswoude, Skerpenseel en Woudenberg yn it suden en de gemeenten Leusden en Amersfoart yn it westen.
De gemeente Barneveld leit foar in grut part yn it sintrale diel fan de Gelderske Fallei. Yn it easten en it noardeasten leit sângrûn fan de Feluwe mei bosken, heidefjilden en yn de buert fan Kootwijk it Kootwijkerzand. De gemeente wurdt fan east nei west trochsnien troch de Barneveldske Beek.
Ekonomy Lânbou De gemeente hat in hege konsintraasje bargehâlderijen en plomfeehâlderijen. It lânbougebiet bestiet benammen út greide en relatyf in bytsje ikkerlân, útsein oan de râne fan de Feluwe en hjir en dêr ferspraat oer de gemeente.
It oantal hinnen yn de gemeente Barneveld is it grutste fan alle Nederlânske gemeenten: 3,6 miljoen hinnen (2020).
Troch de hege konsintraaje fan (plom)fee hat de gemeente in heech dongoerskot.
Toerisme Benammen op de oergongssône tusken de Fallei en de Feluwe lizze in bulte campings, de measten tusken Voorthuizen en Garderen.
Media De gemeente Barneveld hat mei de Barneveldse Krant in deiblêd dat alle dagen ynformearret oer nijs út de gemeente en de regio. Fierders is der it hûs-oan-hûsblêd fan Wegener, Barneveld Vandaag. Dy krante ferskynt trije kear yn de wike.
De lokale omrop fan de gemeente is Radio Barneveld. Dy stjoert út op 93.1 FM op de kabel, 93.5 FM yn de eter en fia it ynternet út.
Kategory:Gemeente yn Gelderlân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1818