thumb|right|240px|Oud-Wulven Oud-Wulven is in buorskip yn de gemeente Houten, yn de provinsje Utert. Hy leit krekt benoarden Houten. Tichtby Oud-Wulven binne de ruïnes fan Kastiel Oud-Wulven.

Yn 1811 waard Oud-Wulven by de gemeente Houten foege. Yn 1816 foarmen Oud-Wulven, Waijen, Wulven, Heemstede en de gerjochten Slachtmaat, de Grutte en Lytse Koppel en Maarschalkerweerd de gemeente Oud-Wulven.

Op 1 jannewaris 1858 waarden de gemeenten Houten, Oud-Wulven en Schonauwen gearfoege ta ien nije gemeente Houten.

Kategory:Plak yn Houten Kategory:Eardere gemeente yn Utert