Yamoussoukro is de haadstêd fan Ivoarkust. Der wenje goed 200.000 minsken.

Skiednis Oarspronklik wie Abidjan, haadstêd fan Ivoarkust. De eardere presidint Félix Houphouët-Boigny makke Yamoussoukro yn de jierren 80 fan de 20e iuw ta haadstêd omdat er der sels berne wie. In protte yn de stêd is plând, grutte wegen binne oanlein, mar noch hieltyd mei net folle bebouwing der omhinne. Tsjintwurdich lizze noch in protte regearingsgebouwen yn Abidjan.

Nijsgjirrichheden It bekendste gebou is de Basilique Notre-Dame de la Paix dy't in kopy is fan de Sint-Pietersbasilyk yn Rome en om-ende-by 300 miljoen Amerikaanske dollars koste hat. Yn it Guinness Book of Records wurdt it neamd as grutste tsjerke fan de wrâld.

Berne Félix Houphouët-Boigny, (18 oktober 1905), eardere presidint Cheik Tioté (21 juny 1986 - 5 juny 2017), fuotballer

<

Kategory:Haadstêd yn Afrika Kategory:Plak yn Ivoarkust