thumb|left|125px|Wapen Manchester City Counsel Manchester is in stêd en distrikt yn Ingelân. Der wenje sa'n 452.000 minsken yn de stêd, yn de stêdekloft wenje sa likernôch 2,6 miljoen.

Manchester jildt yn de hiele wrâld as in soarte fan argetype fan in tekstylstêd, mei omdat Flaamske wevers harren dêr fêstigen. De stêd wie wichtich by it opgong meitsjen fan de Yndustriële Revolúsje dêr't de rivier de Irwell, it Manchester Ship Canal, it Rochdale Canal en it Bridgewater Canal ek harres ta dienen.

Der komme twa fuotbalklups út Manchester dy't beide yn de Ingelske Premier League spylje; Manchester United en Manchester City.

Dielen fan distrikt City of Manchester Castlefield Chorlton-cum-Hardy Chorlton-on-Medlock Crumpsall Didsbury Fallowfield Manchester City Centre Moss Side Old Trafford Rusholme Withington

Berne yn Manchester Elihu Thomson (29 maart 1853), Amerikaansk útfiner Jeremy Gittins (30 jannewaris 1956), akteur Marsha Thomason (19 jannewaris 1976), aktrise

Ofbylden

Kategory:Plak yn Ingelân Kategory:Plak yn Cheshire Kategory:Plak yn Lancashire Kategory:Plak stifte yn de 1e iuw