thumb|Geuchien Zijlma Geuchien Zijlma (Zuurdijk, 23 septimber 1842 - Grins, 12 juny 1922) wie in Nederlânsk politikus.

Zijlma wie in Grinslânske heareboer, dy't by de wat foarútstribjende liberalen yn Twadde en Earste Keamer hearde en hearde by de saneamde Club Pyttersen. Hy wie warber as gemeente- en provinsjebestjoerder yn Grinslân en waard troch it distrikt Súdhorn yn de Keamer keazen. Hy spriek meast oer lânbou en wettersteat en bepleite it proteksjonisme.

Yn 1891 publisearre Zijlma it boek Ommelander Schetsen. Dêrút binne twa koarte ferhalen bekend wurden. Dat wiene Het Monsterproces (oer Rudolf de Mepsche) en ’n Oavend op Dijpswaal, in humoristysk teltsje yn it Grinslânsk.

Kategory:Nederlânsk boer Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk gemeenteriedslid Kategory:Nederlânsk wethâlder Kategory:Nederlânsk provinsjaal politikus Kategory:Earste Keamerlid Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Nederlânsk liberaal Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Grinslânsk Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Liberalen Kategory:Persoan berne yn 1842 Kategory:Persoan stoarn yn 1922