thumb|right|300px|Henk Vonhoff (2005)

Hendrik (Henk) Johan Lubert Vonhoff (Amsterdam, 22 juny 1931 - Hilfertsom, 25 july 2010) wie VVD-politikus. Hy wie troud mei Louise Luijendijk en tegearre hienen se twa dochters en in soan (1957, 1958, 1961). Wie lid fan de liberale VVD sûnt de oprjochting yn 1948, dêrfoar aspirant-lid fan de Partij fan de Frijheid, ien fan de foargongers fan de VVD. Ek wied er fan 1995 - 2001 bysûnder heechlearaar arbeidsfoarweardenbelied oan de Erasmus Universiteit Rotterdam. Fanút syn oplieding wie Vonhoff, dy't yn Amsterdam de HBS en dêrnei in m.û. skiednis folge en yn de perioade 1957-1957 as skiednislearaar wurke, in autoriteit op it mêd fan de heitelânske skiednis.

Syn ûnderfinings yn de lêste oarlochsjierren, dêr't er him it lot fan ûnderfiede bern oanluts, makken datt er lid waard fan de nije Partij fan de Frijheid en letter de VVD, dêr't er him opwurke ta prominint. Fan 1967-1971 wie hy lid fan de Twadde Keamer foar de VVD. Vonhoff wie yn in kabinet-Biesheuvel dêrnei twa jier steatssekretaris fan Kultuer. Fan 1974-1980 wie hy boargemaster fan Utert. Dêrnei waard er kommissaris fan de Keninginne yn Grinslân, dêr’t hy yn 1996 wei gie.

Nei syn aktive perioade bleau hy gesachhawwend yn de VVD. Yn it konflikt tusken Rita Verdonk en de VVD spile hy in bemiddeljende rol. Yn 1999 op fakânsje yn Denemark, krige er in skuorde aorta, mar knapte wer op. Ferstoar op 25 july 2010 nei in koart siikbêd.

Publikaasjes Liberalen onder één dak. VVD: 50 jaar liberale vereniging, SDU Utjouwerij, ISBN 9012085810, 1998 Vrijmetselaren in de politiek: acht biografische schetsen van bekende vrijmetselaren-politici (tegearre mei Joh. S. Wijne}, Utj.: Fama Fraternitatis, ISBN 90-72032-10-1, 2002

Underskiedingen en prizen Sulveren earepeinje fan it Ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit (4 novimber 2005) Perspriis fan de Nederlânske Feriening fan Sjoernalisten (1988) Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau (29 april 1987) Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw (8 juny 1973)

Keppeling om utens H.J.L. (Henk) Vonhoff, Parlement & Politiek

Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânsk skiedkundige Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:VVD-politikus Kategory:Boargemaster fan Utert Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Nederlânsk steatssekretaris Kategory:Kommissaris fan de Kening(inne) yn Grinslân Kategory:Nederlânsk sportbestjoerder Kategory:Nederlânsk liberaal Kategory:Nederlânsk frijmitselder Kategory:Nederlânsk ateïst Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Persoan berne yn 1931 Kategory:Persoan stoarn yn 2010