thumb|250px|Jenna Elfman thumb|250px Jennifer Mary Butala (Los Angeles (Kalifornje), 30 septimber 1971) is in Amerikaansk aktrise, mar har famylje is fan Kroatysk komôf. Elfman spile ûnder oaren Dharma yn de koartswillige telefyzjerige Dharma & Greg.
Biografy Elfman studearre yn 1989 ôf oan de Los Angeles High School for Arts. Har karriêre sette út ein mei reklamefilmkes. Sy studearre teffens by Milton Katselas, yn de Beverly Hills Playhouse. Sy fersynde yn in stikmannich rigen foardat hja har rol as Dharma krige. Mei dy rol wûn sy in Golden Globe.
Har earste haadrol yn in film wie yn Krippendorf's Tribe. Fierders die hja ûnder oaren mei yn Edtv en Keeping the Faith.
Der waard ea ornearre dat hja in Razzie-nominaasje (Minste Frouljus Byrol) foar har rol yn Looney Tunes: Back in Action takind wurde soe, mar dat is net trochgien.
Elfman wie ek te sjen yn fideoklips en hja wie dûnseresse foar de band ZZ Top by harren wrâldtoernee fan 1994.
Op 18 febrewaris 1995 is hja troud mei de akteur Bodhi Elfman. Op 23 july 2007 krigen sy in soantsje dy't harket nei de namme Story Elias.
Filmografy Film Jier Film Rol Oantekeningen1997Grosse Pointe BlankTanya 1998Dr. DolittleUleStimCan't Hardly WaitDe ingelUncreditedKrippendorf's TribeProf. Veronica Micelli1999EDtvShariVenusFenus2000The Tangerine BearLoreleiStimCyberworldPhigStimKeeping the FaithAnna Riley2001Town & CountryAuburn2003Looney Tunes: Back in ActionKate 2004Clifford's Really Big MovieDorothyStim2005TouchedAngela MartinUtfierend produsintWhat's Hip, Doc?SupermodelStim2008"Struck"Pregnant dateKoarte film2009The Six Wives of Henry LefayOpheliaLove Hurts (2009)Darlene2011Friends with Benefits Annie Telefyzje Jier Titel Rol Oantekeningen1992Murder, She WroteDûnsres op de eftergrûn1 episoade1994The George Carlin ShowPsychedelysk fanke1 episoade1995The Monroes (1995 TV rige)Lily1 episoadeRoseanne (TV rige)Garland1 episoade1996Murder OneAngela Scalese1 episoadeAlmost PerfectBecky Toll1 episoade1997The Single GuyJordan1 episoade1997-2002Dharma & GregDharma Finklestein Montgomery 119 episoades2002ObsessedEllena RobertsTelefyzjefilm2004Two and a Half MenFrankie2 episoades2006Courting AlexAlex Rose13 episoadesProdusint2007Brothers & Sisters (2006 TV rige)Lizzie Jones-Baker1 episoade2008My Name Is EarlKimmi Himmler 1 episoade2009Accidentally on Purpose (TV searje)Billie18 episoades2011Two and a Half MenDharma MontgomeryEpisoade: "Nice to Meet You, Walden Schmidt"2012Shameles (U.S. TV-rige)JillSeizoen 2 Finale2012Damages (TV-rige)Naomi WallingFêste rol2012600 PennEmily Nash GilchristNBC searje út ein set yn seizoen 2012–13 Keppelingen om utens Jenna Elfman har offisjele webside Jenna Elfman yn de IMDb
Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk telefyzjeprodusint Kategory:Amerikaansk filmprodusint Kategory:Golden Globe-winner Kategory:Amerikaansk persoan fan Kroätysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1971