thumb|300px|Martha Gellhorn en Ernest Hemingway mei ûnbekende Sineeske offisieren, Tsjoengking, Sina, 1941 Martha Ellis Gellhorn (St. Louis, Missoury, 8 novimber 1908 — Londen, 16 febrewaris 1998) wie in ferneamd Amerikaansk skriuwster en oarlochskorrespondint. Gellhorn hat praktysk alle grutte wrâldkonfikten ferslein yn har 60 jier duorjende karriêre. Gellhorn wie fan 1940 oant 1945 de tredde frou fan de Amerikaanske romanskriuwer Ernest Hemingway. Doe't hja 89 wie, siik en hast folslein blyn, hat hja harsels tekoart dien.Moorehead, 2003, New York edition, s.424
Ta Gellhorns eare waard nei har dea de Martha Gellhorn Prize for Journalism ynsteld; in Britske priis foar oarlochsferslachjouwing dy't der út pykt.
Wurk In kar: 1934 - What mad pursuit, ferslach út de pasifistyske perioade 1936 - The trouble I've seen, fjouwer novellen 1940 - A stricken field, roman 1941 - The heart of another, koarte ferhalen 1944 - Liana, roman 1946 - Love goes to press, toaniel, tegearre mei Virginia Cowles 1948 - The wine of astonishment, roman 1953 - The honeyed peace koarte ferhalen 1958 - Two by two, fjouwer novellen 1959 - The face of war, bondel kriichsferslaggen 1961 - His own man, roman 1965 - Pretty tales for tired people, koarte ferhalen 1967 - The lowest trees have tops, roman 1978 - The weather in Africa, trije novellen 1978 - Travels with myself and another, autobiografysk reisferslach 1986 - The view from the ground, bondel fredestiidferslaggen 1991 - The short novels of Martha Gellhorn 1993 - The novellas of Martha Gellhorn 2006 - Selected Letters of Martha Gellhorn, garre troch Caroline Moorehead (Nederlânske titel, De ogen van miljoenen, 2008)
Keppelings om utens Martha Gellhorn (Biografy) Review of "Martha Gellhorn: A Life" (The Age) Martha Gellhorn praat oer de Spaanske Boargerkriich (BBC Radio 4). (Martha Gellhorn troch Angie Dorman)
Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk sjoernalist Kategory:Amerikaansk ateïst Kategory:Selsmoarddogger Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1908 Kategory:Persoan stoarn yn 1998