thumb|Izaak Hendrik Gosses Izaäk Hendrik Gosses (Dokkum, 9 jannewaris 1873 - Grins, 23 jannewaris 1940) wie in skiedkundige. Hy wie troud mei Jacoba Keij sûnt 4 novimber 1902.
Gosses kaam út in ûnderwizerslaach, sawol fan memme- as heitekant. Nei it gymnasium yn Ljouwert studearre er skiednis yn Leien, wie in learling fan Robert Fruin. Letter promovearre er by prof. P. J. Blok; dêrfoar studearre er noch in pear semesters yn Marburch en Wenen.
Gosses wie in autoriteit op it mêd fan ekonomyske- en midsiuwske skiednis. Yn 1915 waard er heechlearaar yn Grins, as opfolger fan Johan Huizinga. Hy bestudearre it gebiet fan Swin oant Weser, it wengebiet fan de Friezen. Benammen syn lytsere publikaasjes hannelje oer Fryske skiednis.
Gosses waard yn 1922 beneamd ta lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen.
Keppeling om utens S.B.J. Zilverberg, 'Gosses, Izaak Hendrik (1873-1940)', yn: Biografisch Woordenboek van Nederland 1 (1979)
Kategory:Frysk skiedkundige Kategory:Frysk ekonoom Kategory:Frysk heechlearaar Kategory:Frysk publisist Kategory:Nederlânsk skiedkundige Kategory:Nederlânsk ekonoom Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Heechlearaar oan de Ryksuniversiteit Grins Kategory:Lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Dokkum Kategory:Persoan berne yn 1873 Kategory:Persoan stoarn yn 1940