It Sealterfrysk, ek wol Sealterlânsk of Sealtersk neamd, is in taal dy't heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan de Westgermaanske talen. It is it iennichste noch libbene dialekt fan it Eastfrysk, dat eartiids yn alle Eastfryske lannen fan de Iems oant de Weser sprutsen waard. Mei it Westerlauwersk Frysk en it Noardfrysk foarmet it de Fryske taalgroep.
It Sealterfrysk wurdt sprutsen yn de gemeente Sealterlân (Dútsk: Saterland), yn it noardwesten fan de dielsteat Nedersaksen, bewesten de stêd Aldenburch, sa'n fyftich km fan de Nederlânske grins by Bad Nijeskâns ôf. Sealterlân, dat in gebiet fan 123 km² beslacht, heart ta de Landkreis Kloppenburch, yn de regio Aldenburger Múnsterlân. It oantal sprekkers wurdt rûsd op 1500-2500, wat krapoan 20% fan de befolking fan it Sealterlân beslacht.
Histoarysk is it Sealterfrysk fuortkommen út it Aldfrysk, mar de skiednis fan it skreaune Sealterfrysk hat syn oarsprong yn de 19e iuw. It Sealterfrysk hat dialekten, elk doarp dat oarspronklik Sealterfrysktalich is hat ien, mar de ferskillen binne tige lyts.
Yndieling thumb|250px|left|Terreinferlies fan it Frysk. It Sealterfrysk is giel ynkleure. It Sealterfrysk heart ta de grutte Yndo-Jeropeeske taalfamylje, dy't bygelyks ek talen as it Frânsk, Gryksk, Russysk, Perzysk en Hindy omfiemet. Mei û.m. it Deensk, Noarsk en Sweedsk wurdt it ta de Germaanske talen rekkene, en dêrbinnen foarmet it mei bygelyks it Westerlauwersk Frysk, Dútsk, Nederlânsk en Jiddysk de Westgermaanske taalgroep. Lykwols is it Sealterfrysk krekt as it Westerlauwersk Frysk nauwer besibbe oan it Ingelsk en it Skotsk, wêrmei't it de Noardwestgermaanske talen foarmet. Dy falle dan wer útinoar yn 'e Angelsaksyske talen en de Fryske talen. Binnen de Fryske talen heart it Sealterfrysk ta de subgroep Eastfrysk. It Eastfrysk bestiet út twa dialektgroepen: It Iemsfrysk dat yn Grinslân en westlik East-Fryslân praat waard en it Wezerfrysk dat yn it eastlike part fan East-Fryslân sprutsen waard. It Sealterfrysk heart ta de Iemsfryske dialektgroep. thumb|300px|Taalkaart fan it Eastfrysk Men wol wol hawwe dat de Fryske talen it naust oan it Ingelsk besibbe binne, mar noch ôfsjoen fan it feit dat men dêrby foarbygiet oan oare Angelsaksyske talen lykas it Skotsk, jildt dat inkeld noch foar in oantal wurden en grammatikale eigenheden. Yn 'e midsiuwen wiene it Aldfrysk en it Aldingelsk (of Angelsaksysk) inoar yndie net wanlyk, mar troch de oanhâldende ynfloed fan (ferskillende) oanbuorjende talen en oare omstannichheden binne it Ingelsk en it Frysk troch de iuwen hinne sterk útinoar groeid. Ien fan 'e wichtichste ferskillen is datoangeande de ûnbidige ynfloed dy't it Frânsk sûnt de Normandyske ynfaazje fan 1066 op it Ingelsk útoefene hat, wylst it Sealterfrysk reedlik konservatyf oerlevere waard. Fanâlds waard it Sealterfrysk (beheind) beynfloede troch it Nederdútsk. Sûnt de komst fan massamedia en Dútsktalige ynwenners yn it Sealterlân, wurdt it Sealterfrysk tige beynfloede troch it Standertdútsk. Sûnt de njoggentiger jierren fan de tweintichste iuw hat ek de ynfloed fan it Ingelsk tanommen.
It Noardfrysk, Westerlauwersk Frysk en it Eastfrysk binne sûnt de midsiuwen har eigen paad gien en binne no (sûnder foarkennis) al lang net mear ûnderling fersteanber. De Eastfryske tongfallen Sealterfrysk en Wangereager Frysk wienen mooglik ûnderling wol foar in part fersteanber, hoewol't it Sealterfrysk ta de Iemsfryske dialektgroep hearde en it Wangereager Frysk ta de Wezerfryske dialektgroep. It Sealterfrysk en it Wangereager Frysk binne de iennichste twa dialekten fan it Eastfrysk (of Easterlauwersk Frysk), dy't de 20e iuw helle hawwe. It Wangereager Frysk is lykwols yn 1950 mei it ferstjerren fan de lêste sprekker útstoarn. Dêrmei is it Sealterfrysk de iennichste noch libjende fariant fan it Eastfrysk.
Ferlykje de folgjende wurden yn it Sealterfrysk, it Westerlauwersk Frysk, it Wangereager Frysk, it Noardfrysk fan it fêstelân (yn it Mooring-dialekt) en it Noardfrysk fan 'e eilannen (yn it Fering-dialekt):
taalfoarbyldwurdenSealterfrysk:KopStierneOgeNoseMuleTuskKeeuweSokeOorkweedeuusfjauerWesterlauwersk Frysk:hollefoarholleeachnoasmûletoskkinwangearsizzeúsfjouwerWangereager FryskUt de wurdlist dy't opnommen is yn it boek Mittheilungen aus der Sprache der Wangeroger. 1996. Ljouwert: Fryske Akademy & Aurich/Auwerk, Ostfriesische Landschaft:haudfarhauduugnaaziituuttuskkinbacksokeoorquiddëruuzfiaurNoardfrysk: (Mooring)hoodfoorhooduugnoosmüstäiskansiikuurseedeüsfjouerNoardfrysk: (Fering)hoodföörhooduugnöösmöstuskansjuukuarsaiüsfjauer
Skiednis Oerlibjen Yn de Midsiuwen hearde al it gebiet fan de Nederlânske grins oant en mei it lân Woersten, oan de eastkant fan de rivier de Weser, ta it Eastfryske taalgebiet. Mar fan likernôch 1500 ôf binne alle Eastfryske dialekten útsein it Sealterfrysk útstoarn. It lêste oerlibjende dialekt bûten Sealterlân wie it Wangereagersk, dat op it Waadeilân Wangereach sprutsen waard en dêr't de lêste sprekker fan kaam te ferstjerren yn 1954.
Der binne in stikmannich faktoaren dy't bydroegen hawwe oan it behâld fan it Sealterfrysk. Yn it foarste plak wie Sealterlân iuwenlang relatyf isolearre fan de bûtenwrâld troch syn lizzing op in sâneilân middenmank ûnbegeanbere heechfeansompen. De iennichste manear om it gebiet te berikken wie ornaris fia de Sealter Ie (Sealterfrysk: Seelter Äi), dy't der trochhinne streamt. Allinne winterdeis, as de sompen beferzen wienen, koe men Sealterlân oer lân berikke.
Fierders gong de Yndustriële Revolúsje oan Sealterlân foarby en bleau oant yn dizze tiid in plattelânsgebiet. Wichtige middels fan bestean wiene oant likernôch 1800 hannel en skipfeart oer de Seelter Ie en dêrnei turfgraverij en yn it noarden houten skipsbou. Fan 1900 ôf waard lânbou op de kultivearre hege feanen fan belang.
Boppedat hold it Sealterfrysk yn Sealterlân altiten in hegere status as it Nederdútsk, dat yn de omlizzende gebieten sprutsen waard en dat troch de Sealterfriezen lang sjoen waard as minderweardich.
En ek wie fan belang dat Sealterlân nei de herfoarming troch de biskoppen fan Múnster rekatolisearre waard. Dêrtroch waarden de bannen mei de oare Eastfryske gebieten, dy't itsij lutersk, itsij kalvinistysk wurden wienen, ferbrutsen en hie it útstjerren fan de oare Eastfryske dialekten dêre gjin neidielige gefolgen foar it Sealterfrysk.
thumbnail|It tsjintwurdige en it eardere Eastfryske taalgebiet.
Werûntdekking It Sealterfrysk is oerlevere út optekenings fan reizgers en taalkundigen fan likernôch 1800 ôf. Oant de twadde helte fan de tweintichste iuw hiene de Sealterfriezen eins gjin besef fan har eigen taal. Se wisten wol dat it Sealterfrysk oars wie as de Nederdútske dialekten dy't om harren hinne sprutsen waarden, mar hienen gjin idee dat it eins in foarm fan it Frysk wie. Ek wie it frijwol útslutend in sprektaal en bestie der gjin stavering. Pas fan likernôch 1950 ôf waard it Sealterfrysk as skriuwtaal brûkt. Yn de jierren 1953-1965 ferskynt it Lesebouk foar Seelterlound yn in rige krante-artikelen; de Seelter Trjoue (1966-1972) wie in tydskrift dat as opfolger dêrfan sjoen wurde kin. Yn dy tiid ferskynden ek ferskate dichtbondels en ferhalebondels.
Delgong In kearpunt yn de skiednis fan it Sealterfrysk kaam yn 1945. Oan de ein fan de Twadde Wrâldoarloch kamen der yn Sealterlân, krekt as yn hiele West-Dútslân, nammentlik withoefolle flechtlingen út de eastlike gebieten (Sileezje, Poasen, Pommeren en West- en East-Prusen), dy't Dútslân ôfstean moatten hie oan Poalen. It tal flechtlingen wie net folle leger as it tal Sealterfriezen en eltsenien waard ferplichte neffens de romte yn syn hûs guon fan dy flechtlingen op te nimmen. Wylst guon fan harren har oanpasten en Sealterfrysk learden, ferbruts de mearderheid him net en spruts gewoan Dútsk of Nederdútsk. Om't de flechtlingen net mear werom koenen, setten in protte fan harren har yn Sealterlân nei wenjen; sa rekke it Sealterfrysk yn ien klap syn posysje as taal fan de mearderheid fan de befolking yn Sealterlân kwyt.
Weroplibbing De earste Sealterfries dy't it belang fan it behâld fan de eigen taal ynseach, wie Hermann Janssen. Yn de sechstiger jierren lei dy kontakten mei akademisy lykas de Amerikaan dr. Marron C. Fort, dy't ferbûn wie (en is) oan de Universiteit fan Aldenboarch. Dy akademisy soargen derfoar dat it Sealterfrysk bekendheid krige as iennichst oerlibjende foarm fan it Eastfrysk.
As gefolch dêrfan waarden der fia de Grutfryske Rie foar it earst kontakten lein mei de Eastfriezen, Noardfriezen en Westerlauwerske Friezen. En oan de Universiteit fan Aldenboarch waard de Arbeitsstelle Niederdeutsch und Saterfriesisch ("Wurkkring Nederdútsk en Sealterfrysk") oprjochte, dy't it ûndersyk nei alle taalfoarmen tusken de Iems en de Weser koördinearje moast.
Yn 1980 kaam Marron Fort syn mânske "Saterfriesisches Wörterbuch" ("Sealterfrysk Wurdboek") út. In oare tige wichtige útjefte foar it Sealterfrysk wie "Lound un Nomen" ("Lân en Nammen"), in beskriuwing fan Sealterlânske topografyske nammen, dat troch de út it Westerlauwersk Fryske Stiens ôfkomstige Pyt Kramer gearstald waard. Ek ferskynde yn 1992 it earste fan trije dielen fan in grou etymologysk Sealterfrysk wurdboek fan de selde skriuwer.
Stavering
De Sealterfryske stavering is troch dr. Marron C. Fort gearstald foar yn "Saterfriesisches Wörterbuch". Yn tsjinstelling ta eardere staveringsfoarstellen wurdt dizze oer it algemien beskôge as maklik lêsber, om't er tichteby dy fan it Dútsk bliuwt. Sa is ûnder mear de saneamde Großschreibung, it Dútske gebrûk om haadwurden te begjinnen mei in haadletter, oernommen. Ek binne der guon letters mei diakrityske tekens ynfierd, dêr't guon fan al en oare net yn it Dútsk foarkomme ("ä", "ì", "ò", "ö", "ù", "ü").
Yn de njoggentiger jierren is dy stavering wat oanpast, ûnder oare troch Pyt Kramer. De klamtekens binne hjiryn ôfskaft en heallange fokalen wurde no mei twa tekens skreaun (bygelyks Fugel > Fuugel). De skriuwwizen fan Fort en Kramer wurde beide foar publikaasjes brûkt. Net ien fan beide is offisjeel fêstlein, mar op skoalle wurdt de stavering fan Marron Fort brûkt. Saterfriesisch in der Schule In lytse ûntjouwing yn de stavering is werom te sjen oan it plaknamboerd fan it doarp Skäddel (Dútsk: Scharrel), dat eartiids as Schäddel skreaun waard.
Grammatika Haadwurd Lidwurd It Sealterfrysk (en it Aldfrysk) makket ûnderskied tusken manlike en froulike haadwurden. It lidwurd die is manlik, ju is froulik en dät is ûnsidich. Foar it meartal wurdt do brûkt. GeslachtIentalMeartalmanlikdie Mon (de man)do Monljuude (de manlju)froulikju Muur (de mem)do Muure (de memmen)ûnsidichdät Bäiden (it bern)do Bäidene (de bern)
Allinnich it manlik lidwurd "die" feroaret yn de 3e (datyf) en 4e (akkusatyf) namfal yn "dän". Yn de sin Die Mon sit ap dän Stoul is "Die Mon" it ûnderwerp (en it nominatyf) en "dän Stoul" it saaklik foarwerp (en it akkusatyf).
Yn in oantal gefallen kin ynstee fan it manlike lidwurd "die" of it froulike lidwurd "ju" de fariant de brûkt wurde. Dat mei lykwols noait oan it begjin fan in sin wêze en it haadwurd dêr't it moat in direkte relaasje mei it byhearrende haadwurd hawwe. Sa wurdt dus sein: "Ju Kuu is in de Weede" (de ko is yn ’t lân). It wurd 'Weede' is froulik en soe ornaris it lidwurd "ju" krije. Yn dit gefal is it net it ûnderwerp, mar in foarwerp dat betrekking hat op de ko. It ôfswakke lidwurd "de" kin nei konsonanten noch fierder ôfswakke ta "e": "iät Flaask is in e Ponne" (it fleis is yn 'e panne). 'das Fleisch ist in der Pfanne'.
Wannear't yn de 3e en 4e namfal de klam net op "dän" of "dät" leit, dan kinne dy lidwurden respektyflik ôfswakkte ta n of t: "hie strookede hier uur n Kop" (hy streake har oer de holle) of "die Pot stoant ap t Fjuur" (de pot stiet op 't fjoer).
Wurdslachte It Sealterfrysk makket ûnderskie tusken trije geslachten: Manlik, froulik en ûnsidich.
Manlik binne: