In taalfamylje is in kloft talen dy't mei-inoar besibbe binne om't se ûntstien binne út in mienskiplike foarâlderlike oertaal, dy't oantsjut wurdt mei it foarheaksel "proto-" (dus de oertaal fan 'e Keltyske talen is bgl. it Proto-Keltysk). De term "famylje" yn it wurd "taalfamylje" ferwiist nei it stambeammodel fan taaloarsprong yn 'e histoaryske taalkunde, dat gebrûk makket fan in metafoar wêrby't talen ferlike wurde mei minsken yn in biologyske famyljestambeam, of oars mei biste- of plantesoarten yn in taksonomyske stambeam dy't de evolúsjonêre skiednis fan dy soarten oanjout. By it tapassen fan sa'n systeem op talen ûntbrekt fansels de komponint fan biologyske ôfstamming, en taalbesibskip stiet dan ek folslein los fan 'e al of net besteande biologyske of rasiale sibskip tusken de sprekkers fan 'e oangeande talen.
Taalbesibskip Op grûn fan 'e ferlykjende taalkunde wurdt útmakke oft in beskate taal al of net diel útmakket fan in taalfamylje. Talen dy't binnen in taalfamylje op deselde hichte steane, wurde sustertalen neamd; de taal dêr't sokke talen út fuortkomme, hjit dan de memmetaal, dy't sels ek wer sustertalen hawwe kin, ensfh. It bewiis foar taalkundige sibskip leit yn waarnimbere mienskiplike skaaimerken dy't net feroarsake wurde troch kontakt mei buortalen of it oernimmen fan lienwurden.
Besibbe talen beskikke oer oerbliuwsels fan 'e mienskiplike oertaal dy't net ferklearre wurde kinne troch ûntliening of oare foarmen fan taalkontakt. Fierders kin oantoand wurde by hokker tûke fan in taalfamylje oft in taal heart troch mienskiplike ynnovaasjes dy't net foarkomme yn 'e oertaal of yn talen dy't ta oare tûken fan deselde taalfamylje hearre. Om in foarbyld te jaan: de Germaanske talen, dêr't it Frysk ta heart, binne "Germaansk" om't se fokabulêre en grammatikale skaaimerken gemien hawwe dy't net foarkamen yn 'e Proto-Yndo-Jeropeeske oertaal en dy't likemin foarkomme yn 'e oare tûken fan 'e Yndo-Jeropeeske talen, mar wêrfan't ynstee oannommen wurdt dat se har ûntjûn hawwe yn it Proto-Germaansk, de oertaal fan alle Germaanske talen.
Hjoed de dei binne der 5.000 oant 8.000 libbene talen op 'e wrâld (ôfhinklik fan wêr't men de grins lûkt tusken taal en dialekt). Dêrnjonken binne der noch hûnderten, miskien wol tûzenen útstoarne talen. As men derfan útgiet dat de minske as soarte op ien plak ûntstien is, moatte al dy talen logyskerwize weromgean op ien oarspronklike oertaal. Mar talen binne libbene dingen, dy't oanhâldend oan it feroarjen binne, en yn it ferline nei alle gedachten noch folle mear as no, mei't it ferskynsel skreaune taal as in rem op dy feroaring wurket.
Sadwaande is it faak tige dreech om noch oerienkomsten tusken talen te finen dy't hiel, hiel yn 'e fierte mooglik mei-inoar besibbe binne. Yn it ferline waarden sadwaande de Keltyske talen earst net ta de Yndo-Jeropeeske talen rekkene, oant der dochs besibskip ûntdutsen waard. Tsjintwurdich is de taalkunde op it mêd fan it gearstallen fan taalfamyljes hast safier kommen as dat mooglik is, en bejouwe taalwittenskippers har hieltyd faker op it tinne iis fan teoretyske taalbesibskip.
Yndieling fan talen yn taalfamyljes Supertaalfamyljes Ien fan 'e meast foaroansteande en ek ien fan 'e kontroversjeelste taalkundigen fan 'e tweintichste iuw wie de Amerikaan Joseph Greenberg, dy't oerienkomsten seach op plakken dêr't oaren dy net seagen. Ek oare taalkundigen, lykas Edward Sapir, hawwe de lêste iuw op dy manear oan 'e gong west. Dêrmei is in ramtwurk fan supertaalfamyljes skepen dat yn grutte linen in universele yndieling fan talen werjout, ek al is it net algemien akseptearre of hielendal sekuer. Hjirûnder in oersjoch, op folchoarder fan sprekkersoantal.
taalfamylje tal talen tal sprekkers foarbylden fan talen de Yndo-Jeropeeske talen ±440 talen ± 3 miljard spr.Ingelsk, Frânsk, Spaansk, Portegeesk, Russysk, Dútsk, Italjaansk, Nederlânsk, Frysk, Gryksk, Armeensk, Perzysk, Koerdysk, Pataansk, Hindy, Pûndjaby, Oerdû, Maratysk, Bingaleesk, Singaleesk, Nepaleesk, Latyn †, Hettitysk †, mooglik Filistynsk † de Sino-Tibetaanske talen ±400 talen 1,3 miljard spr.Mandarynsk, Kantoneesk, Birmeesk, Tibetaansk de Niger-Kongoleeske talen (foarhinne de Niger-Kordofaanske talen) >1.500 talen 600 miljoen spr.Swahily, Jorûba (Yoruba), Ibo, Fûlany, Kikûjû (Kikiyu), Sjona (Shona), Sûlû (Zulu), Kosa (Xhosa) de Austronezyske talen <1.300 talen 390 miljoen spr.Yndonezysk, Maleisk, Javaansk, Filipynsk, Sebûaansk, Balineesk, Malagassysk, Maoary (Maori), Hawajaansk de Afro-Aziatyske talen ±300 talen >350 miljoen spr. Arabysk, Hebriuwsk, Amhaarsk, Somalysk, Malteesk, Berbertalen, Egyptysk †, Akkadysk † de Altayske talen 66 talen ±350 miljoen Turksk, Azerbeidzjaansk, Kazachsk, Turkmeensk, Kirgizysk, Oezbeeksk, Oeigoersk, Mongoalsk, Jakoetysk, Ewinkysk de Dravidyske talen 73 talen ±225 miljoen spr.Tamylsk, Telûgû, Kanareesk, Malayalam de Japanske talen 7 talen 127 miljoen spr. Japansk, Okinawaansk de Tai-Kadai-talen ±95 talen 100 miljoen spr.Taisk, Laotiaansk, Sjan (Shan), Sjûang (Zhuang) de Austro-Aziatyske talen ±170 talen 80 miljoen spr.Fjetnameesk, Kmer (Khmer), Mon de Koreaanske talen 2 talen 77 miljoen spr.Koreaansk, Djedjûaansk de Nilo-Saharaanske talen ±205 talen 50 miljoen spr. Lûo (Luo), Songhai, Dinka, Kanoery (Kanuri), Masaï (Maasai) de Ameryndyske talen ±1.000 talen ±26 miljoen spr.Ketsjûa (Quechua), Aymara, Azteeksk, Sjeroky (Cherokee), Sjajinsk (Cheyenne), Sû (Sioux), Odjibwe (Ojibwe), Kry (Cree) de Oeralysk-Jûkagierske talen 41 talen 25 miljoen spr.Finsk, Estysk, Hongaarsk, Oedmoertysk, Mary, Komy de Yndo-Pasifyske talen ±1.100 talen ±10 miljoen spr.Westlik Dary, Ekary, Enga, Hûly (Huli), Melpa, Eastlik Torresstrjitte-eilânsk de Hmong-Miën-talen 17 talen 8,3 miljoen spr.Hmong-talen, Miën-talen de Noardkaukazyske talen 38 talen 5,9 miljoen spr.Tsjetsjeensk, Sirkassysk, Abgazysk, Yngûsjetysk, Avaarsk de Súdkaukazyske talen 4 of 5 talen 5,2 miljoen spr.Georgysk, Mingrelysk de Koisan-talen 20-40 talen ±300.000 spr.Sandawe, Nama, Hadza, Taa de Dené-Jenisejaanske talen 52 talen ±205.000 spr. Navaho, Apache-talen, Tlingit, Haida, Sarsy (Sarcee), Kettysk de Eskimo-Aleoetyske talen ±13 talen ±120.000 spr.Grienlânsk, Inûktitût (Inuktitut), Inûvialûktûn (Inuvialuktun), Inûpiat (Iñupiat), Middenalaskaansk Jûpik (Central Alaskan Yup'ik), Aleoetysk de Australyske talen ±230 talen 52.000 spr. Tiwy, Warlpiry, Mabûjak (Mabuyag), Westwoastynsk (Western Desert) de Tsjûkotko-Kamtsjatkaanske talen 5 talen 8.000 spr.Tsjûktsjysk, Korjaaksk de Tyrreenske talen 3-7 talen útstoarnEtruskysk †, Retysk †, Lemnioatysk † de Hoerritysk-Oerarteeske talen 2-3 talen útstoarnHoerritysk †, Oerarteesk †, mooglik Kassitysk †
Sekuerdere yndieling Hjirûnder in list fan alle taalfamyljes (d.w.s., allinne de grutste ferbannen werjûn).
de Afro-Aziatyske talen de Altayske talen (noch altyd net hielendal algemien akseptearre) de Mongoalske talen de Tûngûzysk-Mantsjoeske talen de Turkske talen de Ameryndyske talen (fierre fan algemien akseptearre) de Almosaansk-Kerresûaanske talen (net algemien akseptearre) de Kerresûaanske talen (net algemien akseptearre) de Kerresaanske talen de Makro-Sûaanske talen (net algemien akseptearre) de Irokeeske talen de Keddoaanske talen de Sûaanske talen de Almosaanske talen (net algemien akseptearre) de Makro-Algonkwynske talen (net algemien akseptearre) de Algyske talen de Jûkyske talen de Muskogeeske talen de Mosaanske talen (net algemien akseptearre) de Salisjaanske talen de Tsimakûaanske talen de Wakasjaanske talen de Andeaansk-Ekwatoriale talen (net algemien akseptearre) de Andeaanske talen (net algemien akseptearre) de Alakalûfaanske talen de Araukaanske talen (of mooglik yn 'e Makro-Penûtiaanske taalfamylje) de Esmerelda-Jaroero-talen de Hibito-Tsjoloanske talen de Hivaroaanske talen de Katakoaanske talen de Ketsjûmaraanske talen (net algemien akseptearre) de Aymaraanske talen de Ketsjûaanske talen de Makro-Arawakaanske talen (net algemien akseptearre) de Arauaanske talen de Arawakaanske talen de Katembry-Harûmaanske talen de Otomakoaanske talen de Tinigûaanske talen de Tsjapakoeraanske talen de Urû-Tsjipayaanske talen de Patagoanyske talen (ek wol de Chon-talen neamd) de Salivaanske talen de Samûkoaanske talen de Saparoaanske talen de Timoteaanske talen de Tsjahûapaanske talen de Tûpiaanske talen de Ekwatoriale talen (net algemien akseptearre) de Makro-Tûkanoaanske talen (net algemien akseptearre) de Arûtany-Sape-talen de Katûkinaanske talen de Nambikwaraanske talen de Pûinaafske talen de Tekiraka-Kanitsjaanske talen de Tûkanoaanske talen de Tsjiptsjaansk-Paézaanske talen (net algemien akseptearre) de Janomamyske talen de Lenkaanske talen de Misûmalpaanske talen de Paézaanske talen (net algemien akseptearre) de Barbakoaanske talen de Hiraharaanske talen de Kokonûkaanske talen de Moeraanske talen de Tsjimûaanske talen de Tsjoko-talen de Sjinkaanske talen (ek wol stavere as Xinca-talen) de Tsjiptsjaanske talen de Azteeksk-Tanoaanske talen (net algemien akseptearre) de Jûto-Azteekske talen de Sapotekaanske talen de Oto-Mangeaanske talen de Popolokaanske talen de Tanoaanske talen de Hody-talen de Hokaansk-Koähûyltekaanske talen (net algemien akseptearre) de Hokaanske talen de Koähûyltekaanske talen de Sjûmassyske talen de Tolûpaanske talen (ek wol stavere as Jicaque- of Xicaque-talen) de Makro-Penûtiaanske talen (net algemien akseptearre) de Araukaanske talen (of mooglik yn 'e Andeaansk-Ekwatoriale taalfamylje) de Mayaanske talen de Maidûaanske talen de Mys-Sok-talen (ek wol stavere as Mixe-Zoque-talen) de Penûtiaanske talen de Sahaptynske talen de Totonaakske talen de Wintûaanske talen de Nadahûp-talen de Sjê-Pano-Karibyske talen (net algemien akseptearre) de Makro-Karibyske talen (net algemien akseptearre) de Karibyske talen de Peba-Jagûaanske talen de Witotoaanske talen de Makro-Panoaanske talen (net algemien akseptearre) de Lûle-Wilela-talen de Maskoiaanske talen de Matako-Gûaiakoerû-talen (net algemien akseptearre) de Gûaiakoerû-talen de Matakoaanske talen de Mosetenaanske talen de Pano-Takanaanske talen de Tsjarrûaanske talen de Makro-Sjê-talen (net algemien akseptearre) de Borôro-talen de Jabûtiaanske talen de Kamakaanske talen de Kariry-talen de Krenakaanske talen de Masjakalaanske talen de Poeriaanske talen de Sjê-talen de Australyske talen (net algemien akseptearre) de Arnhimlânske talen (net algemien akseptearre; hjir soene ek twa isolearre talen ta hearre) de Burraraanske talen de Giimbiyu-talen de Iwaidjaanske talen de Bunaba-talen de Daly-talen de Djeragaanske talen de Gunwinyguaanske talen de Limilngaanske talen de Mirndy-talen de Nyulnyulaanske talen de Pama-Nyungaanske talen de Wororaanske talen de Austro-Aziatyske talen de Austronezyske talen de Dené-Jenisejaanske talen (hurd ûnderweis nei algemiene akseptaasje) de Jenisejaanske talen de Na-Dené-talen de Dravidyske talen de Eskimo-Aleoetyske talen de Hoerritysk-Oerarteeske talen † (mooglik besibbe oan 'e Noardeastkaukazyske talen) de Hmong-Miën-talen de Yndo-Jeropeeske talen de Yndo-Pasifyske talen (net algemien akseptearre) de Andamaanske talen de Papoeaaske talen (net algemien akseptearre) de Baining-talen de Eastfûgelkop-Sentany-talen de Eastpapoeaaske talen (ek wol Middensalomoneilânsk talen neamd) de East-Trans-Fly-talen de Fas-talen de Gielfinkbaaitalen de Yele-Westnijbrittanyske talen de Yuat-talen de Kwomtary-talen de Lofts-May-talen de Mairasy-talen de Marreflaktetalen de Nimboran-talen de Noardbougainvylske talen de Papoeaaske Grinstalen de Piawy-talen de Ramû-Nedersepik-talen de Senagy-talen de Sepik-talen de Sko-talen de Súdbougainvylske talen de Tor-Kwerba-talen de Torricelli-talen de Trans-Fly-Bulaka-talen de Transnijguineeske talen de Westpapoeaaske talen de Tasmaanske talen † de Japanske talen (mooglik ûnderdiel fan 'e Altayske talen)