300px|thumb|East-Fryslân East-Fryslân (Eastfrysk: Ōstfräisland, Sealterfrysk: Aastfräislound ) is in gebiet yn it noardwesten fan de dielsteat Nedersaksen; it gebiet tusken de Iems en de Jade. Histoarysk wie it gebiet ûnderdiel fan de sân seelannen. Yn de regionale media wurdt neist it begryp East-Fryslân ek Eastfryske Skiereilân brûkt.
Gebiet 300px|thumb|Satellytfoto fan East-Fryslân De neikommende gebieten wurde rekkene ta East-Fryslân. Dizze gebieten binne kultureel fertsjintwurdige troch de Fryske Rie 'Seksje East'. Eastfryslân Emden Auwerk Lier Wittmund Sealterlân Landkreis Friesland Jeverlân Fryske Wede Wilhelmshaven Bûtjadingen (it eardere Rustringen) Lân Woersten
De neikommende eilannen hearre by East-Fryslân: Boarkum, Kachelotplaat, Memmert, Júst, Norderney, Baltrum, Langereach, Spikereach, en Wangereach.
Eastfryslân en East-Fryslân thumb|right|300px|Eastfryslân en East-Fryslân. Der bestiet bûten East-Fryslân lykwols wat betizing oer wat by Eastfryslân en East-Fryslân heart. Eastfryslân beslacht likernôch it gebiet fan it eardere Greefskip Eastfryslân en omfiemet de lânkringen Lier, Auwerk en Wittmund en de kringfrije stêd Emden. Eastfryslân wie oant 1978 in bestjoerlike ienheid. Hjoed-de-dei is Eastfryslân noch hieltyd it wurkgebiet fan it Eastfryske Lânskip (Ostfriesische Landschaft), in semy-politike organisaasje, as opfolger fan de âlde stannegearkomste fan Eastfryslân dy't warber is op it mêd fan kultuer, sosjale saken, ûndersyk en ûnderrjocht.
It gebiet East-Fryslân, ek gauris it Eastfryske Skiereilân neamd, beslacht it gebiet fan Eastfryslân en de lânkring Fryslân (Lankreis Friesland) (it Jeverlân en de Fryske Wede) en de kringfrije stêd Wilhelmshaven. Dy lêste twa ûnderdielen hearden ta it Hartochdom Aldenburch, en net ta it Greefskip Eastfryslân, en dy foarmen dan it Fryske part fan Aldenburch, fandêr de namme "Fryslân". Dat makket it dat Fryslân eastlik fan Eastfryslân leit, itjinge betiizjend is foar minsken om utens. Dat gebiet falt lykwols net ûnder it wurkgebiet fan it Eastfryske Lânskip, mar ûnder it Aldenburchske Lânskip.
Ek wurde wol ta East-Fryslân "yn brede sin" rekkene de gebieten fan it Sealterlân, Bûtjadingen en it Lân Woersten, dus it gânse Fryske gebiet yn de Dútske dielsteat Nedersaksen.
Wangereach It eilân Wangereach is it iennige fan de Eastfryske eilannen dy't net ta Eastfryslân heart. Fanâlds hearde it by it Jeverlân en kaam yn 1818 oan Aldenburch. Dêrmei waard er it iennige Aldenburchske eilân. Hjoed-de-dei falt it eilân ûnder de lânkring Fryslân. Op Wangereach waard it Wangereager Frysk sprutsen oant de 1950-er jierren doe't de lêste sprekker ferstoar en dêrmei de taal útstoar.
Sealterlân It Sealterlân wurdt op histoarysk en kultureel mêd ta East-Fryslân rekkene. It Sealterlân is noch it iennige plak dêr't in foarm fan it oarspronklike Eastfrysk, it Sealterfrysk, sprutsen wurdt. Dochs troch syn isolearre lizzing rekke it fan de rest fan Eastfryslân ôfskaat en kaam ûnder ynfloed fan it Bisdom Múnster, wylst it Eastfryske gebiet ûnder it Bisdom Bremen foel. Dy skieding sûnt de lette midsiuwen hat hjoed-de-dei noch hieltyd syn foetdruk, want it Sealterlân falt ûnder de lânkring Kloppenburch en is fan oarsprong noch hieltyd katolyk, wylst de rest fan East-Fryslân protestantsk is. Troch dy isolearre lizzing koe it Sealterfrysk him hanthavenje.
Geografy thumb|Strân op Júst thumb|Dunen op Langereach thumb|Uterdyks lân by Dornum Lânskip East-Fryslân hat in foar Dútslân ôfwikend, mar foar Westerlauwerske Friezen weromkennend lânskip mei flakke greidlannen. De folgjende lânskipstypen wurde ûnderskaat:
Dúnlânskip op de Waadeilannen Waadsee mei tijlânskip Polderlânskip yn it kustgebiet en by de rivieren del Kûlisselânskip mei houtwâlen fierder yn it binnenlân Feankolonjaal lânskip mei lintbebouwing by de feankanalen (Wieken - wiken) del net oanmakke leech- en heechfeangebieten
Fierders binne der noch boskgebieten fierder it lân yn.
Histoaryske lânskippen East-Fryslân bestie oarspronklik út de folgjende lânskippen (goaen):
Auwerkerlân Brokmerlân Emsigerlân Federgoa Harlingerlân Lengenerlân Moarmerlân Norderlân Oerledingerlân Östringen Reiderlân Rjustringen Sealterlân Wangerlân Woersten
Skiednis Iere skiednis thumb|Kaart fan de Germaanske stammen om 50 n.Kr. hinne East-Fryslân wurdt foar it earst neamd yn Romeinske boarnen. De berjochtjouwing fan Plinius, Tacitus en Stabon binne bewiis fan bewenning yn East-Fryslân oan it begjin fan de kristlike jiertelling. Plinius skriuwt oer de Sjauken, dy't primityf yn it Elbegebiet wisten te oerlibjen. De Sjaukyske folksgroep is wierskynlik opgien yn de Fryske en Saksyske stamferbannen. Sûnt de twadde iuw wurde de Sjauken net mear neamd.
De Wezer wie de eastgrins fan it Fryske ryk. Under kening Redbad wie it Fryske Ryk op syn grutst. Under syn opfolger Poppo ferlearen de Friezen de slach oan de Boarn, sadat it Fryske gebiet bewesten de Lauwers Frankysk waard. Karel de Grutte ferovere it oerbliuwsel fan it Fryske Ryk beëasten de Lauwers yn 785. De Saksenkriich wie it lêste ferset fan de Friezen en de Saksen tsjin de gebietsútwreiding fan de Franken.
Mei de komst fan de Franken begûn ek de kerstening fan de Friezen mei ûnder oaren de kristlike missionarissen Bonifatius, Liudger en Willibrord. It iene part fan East-Fryslân foel ûnder it Bisdom Bremen, en it oar ûnder it Bisdom Munster.
Fryske frijheid thumb|left|Upstalbeam troch C.B. Meyer (1790) thumb|Fryslân tusken Fly en Weser om 1300 hinne thumb|East-Fryslân yn de tiid fan de haadlingen
Mei it ferfal fan it Frankyske ryk koe East-Fryslân him frij ûntwikkelje. Der koenen saneamde „Redjeven“ (rjochtsprekkers, doarpsâldsten) jierliks keazen wurden, dy't rjochtsprekke koenen en de yndieling en organisaasje fan it gebiet op har namen.
Yn de tolfde iuw begûnen de gearkomsten by de Upstalbeam. Dêrby kamen de Friezen út de sân frije Fryske seelannen alle jierren krekt bûten Auwerk gear om rjocht te sprekken en mienskiplike besluten te nimmen. Yn de fjirtjinde iuw waarden foar 't lêst gearkomsten by de Upstalbeam holden. Dat hie ûnder oaren te krijen mei de pest en stoarmfloeden. Mei it weiwurden fan de Upstalbeam ferdwûn ek it feodale systeem yn East-Fryslân. Ferskate haadlingen ("hovedlinge") krigen de sizzenskip oer lytse gebieten. Tenei hienen de haadlingen de macht yn East-Fryslân.
Oan 'e ein fan de fjirtjinde iuw boaze de striid tusken de ferskillende haadlingelagen oan. Nei de Slach op de Wylde Ikers yn it jier 1427 begûn de hearskippij fan haadling Fokko Ukena oer Eastfryslân. Troch ûnderdrukking fan it folk en hieltyd hegere belestings groeide it ferset fan de Eastfryske befolking tsjin Ukena. Yn 1430 waard it Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen ûnder lieding fan de haadlingefamylje Sirksena út Grutsyl opset. Op 14 novimber sluten de Eastfryske kriten en haadlingen har oan by it Frijheidsbûn. Tenei stie Eastfryslân ûnder de hearskippij fan de haadlingefamylje Sirksena. Yn 1465 waard Ulrik Sirksena troch de keizer fan it Hillige Roomske Ryk ferheft ta ryksgreve fan it Greefskip Eastfryslân. Yn de oarkonde fan de keizer waarden ek rjochten en frijheden út de tiid fan de Fryske frijheid ferwissige. Dy oarkonde is dêrmei de oarsprong foar de lettere Eastfryske Lânskip (Ostfriesische Landschaft), dy't de trije stannen yn Eastfryslân fertsjintwurdige. De haadling Sibet Attena, omkesizzer en helper fan Ulrik krige de hearlikheden Esens, Stedesdorf en Wittmund, dy't mei-inoar it Harlingerlân foarmen, mar foel wol ûnder it gesach fan de Sirksena's. Jever en Friedeburg (it Jeverlân) bleaune ûnôfhinklik, wylst Bûtjadingen yn 1514 oan it Greefskip (letter Hartochdom) Aldenburch foel.
Greefskip Eastfryslân thumb|Greve Edzard I de Grutte (1520/30) troch Jacob Cornelisz. van Oostsanen
Under Edzard de Grutte fûn de grutste útwreiding fan it greefskip plak. Under syn bewâld begûn de Reformaasje yn East-Fryslân en it Eastfryske Lânrjocht waard ûnder syn hearskippij skreaun. De gebietsútwreiding fan Edzard de Grutte einige yn it tiidrek 1514-1517 mei it Saksyske Skeel. Yn dat skeel waard Edzard ferslein troch fjouwerentweintich Dútske hartoggen en prinsen mei harren legers.
Emden waard yn de sechtjinde iuw in wichtich sintrum fan de reformaasje. Yn it tiidrek 1530-1560 kamen in protte religieuze flechtlingen út de Nederlannen nei Emden ta. Ien fan dy flechtlingen wie Menno Simons mei syn folgelingen, de Mennoniten. Yn dy tiid libbe ek Ubbo Emmius (1547–1625), de ferneamde Eastfryske humanist en historikus. Hy wie de stifter fan de Universiteit fan Grins en hold him dwaande mei it skriuwen fan de skiednis fan Fryslân (Rerum Frisicarum Historia).
Yn de tiid fan de Tachtichjierrige oarloch krige it Eastfryske Lânskip (Ostfriesische Landschaft) hieltyd mear betsjutting. Op syn hichtepunt wie it Eastfryske Lânskip ferantwurdlik foar de wetjouwing, belestingen en rjochtspraak. Yn 1654 krigen de greven fan Eastfryslân, fêstige yn Auwerk, de status fan prinsen (ryksfoarst).
Yn 26 maaie 1744 kaam de lêste Sirksena te ferstjerren. Troch in ferdrach (Konvinsje fan Emden) tusken Prusen en de magistraat fan Emden hearde Eastfryslân tenei by Prusen as de Provinsje Eastfryslân. Sebastian Anton Homfeld waard de nije kânselier.
Nei de ûnôfhinklikens thumb|Feankanaal yn Ihlowerfehn. It feandoarp ûntstie yn 1780 Yn 1744 ferlear Eastfryslân syn selsstannigens en hearde tenei by Prusen as de Provinsje Eastfryslân. Yn 1806 waard East-Fryslân anneksearre troch it Napoleonske Nederlân, en waard letter ynlive by it Frânske Keizerryk. East-Fryslân krige de namme Département Ems-Oriental, en it Reiderlân wie in part wurden fan it Département Ems-Occidental. Nei de Napoleonske Oarloggen waard East-Fryslân earst oermastere troch Prúske en Russyske soldaten yn 1813, en fannijs anneksearre troch Prusen. Nei it Kongres fan Wenen kaam Eastfryslân ûnder it Keninkryk Hannover, wylst it Jeverlân yn 1818 by it Hartochdom Aldenburch kaam. Yn 1866 kaam Eastfryslân wer by Prusen en sûnt 1946 is Eastfryslân in ûnderdiel fan de dielsteat Leechsaksen. Troch it opheffen fan de Provinsje Auwerk yn 1978 komt der in ein oan de lange skiednis fan Eastfryslân as bestjoerlike ienheid. It gebiet fan it eardere greefskip hat nei 1978 noch wol syn Ostfriesische Landschaft, in kultuerparlemint foar Eastfryslân.
Ekonomy East-Fryslân hat net in soad yndustry en protte wurkleazens. De ekonomy driuwt benammen op 'e agraryske sektor en toerisme. Yn it ferline wikselen tiidrekken mei woltierigens ôf mei tiidrekken fan grutte ekonomyske problemen. Yn it kustgebiet bestie in maatskippij út in lytse boppelaach en in grutte earme befolking, dat gauris ta sosjale spannings late, te ferlykjen mei dy yn Grinslân.
Der binne eartiids in soad minsken weitôge nei de Feriene Steaten of earne oars fanwegen de earmoede. Hjoed de dei hat East-Fryslân in tekoart oan heger opliede jongerein, dy't bygelyks yn súd-Dútslân better wurk krije kinne. In soad mienskippen hawwe te krijen mei in hieltyd heger tal âlderein dy't in boarne wêze kinne soe foar strukturele problemen yn 'e takomst.
Yndustry thumb|Loftfoto fan de Volkswagenfabryk yn Emden De wichtichste yndustry kearnen binne Emden en Wilhelmshaven. It grutste yndustriële kompleks is it Volkswagenfabryk yn Emden. Leer is nei Hamburch de wichtichste lokaasje foar transportbedriuwen yn Dútslân. Enercon, de grutste Dútske makker fan wynmûnen, hat syn haadkantoar yn Auwerk en biedt oan mear as 3.000 persoanen wurk.
Ek binne der grutte wynparken yn East-Fryslân, dêr't it flakke gea tige gaadlik foar is.
De Meyer Werft yn Papenburch, fuortendaliks oer de grins fan Eastfryslân mei it Iemslân biedt wurk foar in soad Eastfriezen.
Lânbou en fiskerij thumb|In typysk Eastfrysk hûs yn de lânkring Auwerk