De Yndo-Jeropeeske talen, foarhinne ek wol bekend as de Yndogermaanske talen, foarmje in tige grutte, saneamde supertaalfamylje, wêrfan't de talen sûnt 'e Aldheid sprutsen wurde yn hast hiele Jeropa en grutte parten fan Súd-Aazje en it Heine Easten. It Hettitysk, dat oerlevere is út 'e sechstjinde iuw f.Kr., is de ierst dokumintearre Yndo-Jeropeeske taal. Histoarysk wiene fierders it Aldgryksk en it Latyn fan tige grutte betsjutting foar de ûntjouwing fan 'e Westerske kultuer, wylst oangeande it Sanskryt itselde sein wurde kin foar de kultuer fan it Yndysk subkontinint en oangeande it Avestaansk en it Perzysk foar de kultuer fan Iraan, Afganistan en Tadzjikistan. Troch migraasje en kolonisaasje hawwe guon Yndo-Jeropeeske talen, benammen it Ingelsk, Spaansk, Portegeesk, Frânsk en Russysk, har yn 'e lêste fiifhûndert jier ferspraat nei Sibearje, Noard- en Súd-Amearika, Súdlik Afrika, Austraalje en Nij-Seelân.

Algemiene beskriuwing Guon fan 'e bekendste en histoarysk sjoen ynfloedrykste Yndo-Jeropeeske talen (bgl. it Latyn, it Aldtsjerkeslavysk en it Avestysk) binne no útstoarn. Lykwols wurde der hjoed de dei noch mear as 400 Yndo-Jeropeeske talen sprutsen, wêrfan't mear as de helte ta de Yndo-Aryske tûke heart. De skreaune oerlevering fan 'e Yndo-Jeropeeske talen giet foar de útstoarne Anatoalyske talen en it Myseensk Gryksk werom nei de Brûnstiid, om 1500 f.Kr. hinne, en dêrmei hawwe de Yndo-Jeropeeske talen de langste dokumintearre skiednis nei de Afro-Aziatyske taalfamylje.

Neffens sifers út 2009 wurde de Yndo-Jeropeeske talen mei-inoar troch mear 3 miljard minsken sprutsen, wat it neffens sprekkerstal ta de grutste taalfamylje fan 'e wrâld makket, op ôfstân folge troch de Sino-Tibetaanske talen, mei hast 1,5 miljard sprekkers. Fan 'e 20 talen mei it grutste tal memmetaalsprekkers hearre der 12 ta de Yndo-Jeropeeske famylje: Spaansk, Ingelsk, Hindy, Portegeesk, Bingaleesk (de nasjonale taal fan Banglades), Russysk, Dútsk, Sindysk, Pûndjaabsk, Maratysk, Frânsk, Urdû en Italjaansk. Dy tolve talen mei-inoar hawwe allinnich al mear as 1,7 miljard sprekkers.

Stúdzje Untdekking De mooglikheid dat guon fan 'e Yndo-Jeropeeske talen in mienskiplike ôfstamming hiene, waard foar it earst yn 1647 oppenearre troch de Nederlânske wittenskipper Marcus Zuerius van Boxhorn. Dy stelde foar dat se harren út it Skytysk ûntjûn hiene, in taal dy't yn 'e Aldheid sprutsen waard troch nomaden, op 'e steppen fan wat no de Oekraïne is. Hy hie ynsafier gelyk, dat it Skytysk in Iraanske taal wie, dy't ek ta de Yndo-Jeropeeske taalfamylje hearde. Syn teory waard yn syn tiid lykwols sa goed as gjin omtinken oan jûn.

Yn 1786 waard troch sir William Jones, in Britsk koloniaal amtner yn Britsk-Ynje dy't yn syn frije tiid mei taalkunde ompielde, in soartgelikense teory foarsteld. Hy murk oerienkomsten op tusken trije fan 'e âldste en bêst oerlevere Yndo-Jeropeeske talen, it Latyn, it Gryksk en it Sanskryt, en stelde fierders in bân tusken dy trije talen en it Goatysk, it Keltysk en it Perzysk foar, al wied er dêr sels twifelich oer. It systematyske taalûndersyk dat de Dútske taalkundige Franz Bopp nei oanlieding fan Jones syn teory die, befêstige lykwols dat dy seis en oare talen in mienskiplik komôf hiene. Bopp syn Vergleichende Grammatik ("'Ferlykjende Grammatika"), dy't tusken 1833 en 1852 ferskynde, wurdt beskôge as it begjin fan 'e wittenskiplike stúdzje nei de Yndo-Jeropeeske talen.

Nammejouwing Lange tiid stiene de Yndo-Jeropeeske talen bekend ûnder de namme "Yndogermaanske talen", neamd nei de beide fierst útinoar lizzende taalkloften dy't derta hearden, de Yndyske of Yndo-Aryske talen yn it súdeasten en de Germaanske talen yn it noardwesten. Mar dy beneaming rekke lykwols besmodzge trochdat de nazys der yn 'e jierren tritich en fjirtich fan 'e tweintichste iuw mei oan 'e haal giene foar harren rasse-ideology. Nei de Twadde Wrâldoarloch waard dêrom de term "Yndo-Jeropeesk" ynfierd, dy't no yn 'e taalwittenskip algemien brûkt wurdt.

Oarsprong Oer de oarsprong fan 'e Yndo-Jeropeeske talen binne taalkundigen en archeologen it noch net iens. De teory dy't de measte oanhingers hat, is dat it Proto-Yndo-Jeropeesk, de taal dêr't alle Yndo-Jeropeeske talen op weromgeane, oarspronklik sprutsen waard yn 'e Koeban, it gebiet benoarden de Kaukasus, en yn 'e Kaspyske Leechflakte, en dat de Yndo-Jeropeeske folken har fan it fjirde milennium f.Kr. ôf dêrwei ferspraat hawwe oer Jeropa, it Heine Easten en it Yndiaaske subkontinint. Dit wurdt de Koerganhypoteze neamd, en waard foar it earst foarsteld troch de Litousk-Amerikaanske archeologe Marija Gimbutas, yn 'e jierren fyftich fan 'e tweintichste iuw.

Party saakkundigen hingje lykwols de saneamde Anatoalyske teory oan, dy't de Britske archeolooch Colin Renfrew yn 1987 formulearre. Dêryn wurdt steld dat de Urheimat (it oarspronklike wengebiet) fan 'e Yndo-Jeropeänen Anatoalje (oftewol Lyts-Aazje) wie. Fierders foel neffens dizze teory de fersprieding fan 'e Yndo-Jeropeeske talen gear mei de fersprieding fan 'e lânbou yn it Neolitikum (it lêste stadium fan 'e Stientiid), en begûn dy dus om 7000 f.Kr. hinne, ferskate milennia earder as dat de Kurgan-hypoteze hawwe wol. Dizze teory hat minder oanhingers, mar waard yn 2003 al ûnderstipe troch de biotaalkundige resultaten út it ûndersyk fan Russell Gray, dy't foar de tiid fan 'e fersprieding op earne tusken 7800 en 5800 f.Kr. útkamen.

In oar grut en fierrikkend ferskil tusken de Koerganhypoteze en de Anatoalyske teory is de posysje fan 'e Anatoalyske talen, in útstoarne taalkloft mei as wichtichste en bekendste taal it Hettitysk. Neffens de Kurgan-hypoteze foarmet dy groep gewoan in ûnderdiel fan 'e Yndo-Jeropeeske taalfamylje. Mar de (noch altyd kontroversjele) teory fan Renfrew wol hawwe dat it Hettitysk en it Proto-Yndo-Jeropeesk op ien hichte stiene – sustertalen wiene – en fuortkamen út in mienskiplike oarsprong, in taal dy't it Proto-Yndo-Hettitysk neamd wurdt (tink derom, dit is mar in teory; it is net wis oft dy taal wol ea bestien hat).

Der besteane noch mear teoryen, mar dy binne minder ynfloedryk. Sa wolle guon hawwe dat de Urheimat fan 'e Yndo-Jeropeänen it noardwesten fan it tsjintwurdige Iraan wie, it gebiet om 'e Urmiamar hinne. Oaren leauwe dat se út it gebiet kamen dat no de See fan Azov foarmet, beëasten it Oekraynske skiereilân de Krim, en dat de fersprieding fan 'e Yndo-Jeropeeske folken in drekt gefolch wie fan it derûnderstrûpen fan dat lân om 5600 f.Kr. hinne. Wer oaren hawwe yn it ferline teoryen foarsteld dy't harren eigen nasjonale of nasjonalistyske belangen it bêste tsjinnen.

Underferdieling De Yndo-Jeropeeske supertaalfamylje is opboud út in stikmannich lytsere taalfamyljes: de Anatoalyske talen Dizze taalfamylje omfettet de ierst oerlevere Yndo-Jeropeeske talen, dy't no allegearre útstoarn binne. De measte taalkundigen pleatse dizze taalgroep yn 'e Yndo-Jeropeeske taalfamylje, mar in minderheid hâldt út dat it in sustertaalfamylje west hawwe moat, dy't mei de Yndo-Jeropeeske talen op ien hichte stie. De wichtichste taal fan dizze kloft is it Hettitysk, dat oerlevere is út 'e achttjinde iuw f.Kr. Oare Anatoalyske talen binne it Lûwysk, Lydysk, Lysysk, Pisidysk en Palaysk. Mooglik hearde ek it breklik oerlevere Karysk ta dizze taalgroep. de Armeenske talen Fan dizze lytse taalkloft wurdt faak inkeld it Armeensk neamd, mar ek it Lomavren en it Hemsjinly hearre derta. It Aldarmeensk, dat ek wol Grabar neamd wurdt, is oerlevere fan 'e fyfde iuw ôf. de Balto-Slavyske talen De measte taalkundigen nimme oan dat de Baltyske en de Slavyske talen oarspronklik in ienheid foarme hawwe; lykwols is dat in tear punt yn 'e Baltyske steaten. de Baltyske talen Dizze talen binne fan 'e fjirtjinde iuw ôf oerlevere en hawwe in ûngewoan soad argayske skaaimerken fan it Proto-Yndo-Jeropeesk beholden. It Litousk, Letsk, Samogitysk en Latgaalsk wurde hjoed de dei noch sprutsen, wylst it Koerlânsk op it rântsje fan it útstjerren balansearret. Utstoarne talen binne û.m. it Aldprusysk, Sûdovysk, Seloansk en Semigallysk. de Slavyske talen It Aldtsjerkeslavysk, no in deade tsjerketaal, is oerlevere fan 'e njoggende iuw ôf. Oare útstoarne talen binne û.m. it Aldnovgorodsk, de taal fan Midsiuwsk noardlik Ruslân, dy't letter ferkrongen is troch it Russysk, en it Polabysk, dat foarhinne yn noardeastlik Dútslân sprutsen waard. De wichtichste libbene talen binne: it Russysk, Oekraynsk, Poalsk, Tsjechysk, Servysk, Bulgaarsk, Wytrussysk, Slowaaksk, Kroätysk, Sloveensk, Masedoanysk, Bosnysk, Montenegrynsk, Roeteensk, Silezysk, Sorbysk en Kasjûbysk. de Germaanske talen De ierst oerlevere ynskripsje datearret út 'e twadde iuw f.Kr., wylst de earste oerlevere tekst de Goatyske Bibeloersetting út 'e fjirde iuw is. Njonken it no útstoarne Goatysk binne de wichtichste talen: it Ingelsk, Dútsk, Nederlânsk, Sweedsk, Afrikaansk, Deensk, Noarsk, Lúksemboarchsk, Yslânsk en Fêreusk. Oare talen binne û.m.: it Nederdútsk/Nedersaksysk, Jiddysk, Skotsk, Frysk, Limboarchsk, Noardfrysk, Sealterfrysk, Skânsk en Elfdelstersk. de Helleenske talen Fan dizze lytse taalkloft wurdt ornaris allinne it Gryksk neamd, dêr't de ierste fragminten fan oerlevere binne út 'e fjirtjinde iuw f.Kr. (yn 'e foarm fan it Myseensk Gryksk). Ek útstoarne talen út 'e Aldheid as it Doarysk, Eoalysk en Arkado-Syprioatysk hearden derta. Hjoed de dei wurde njonken it Gryksk noch sprutsen: it Pontysk, Kappadoasysk en Tsakoanysk. de Illyryske talen De iennichste noch libbene taal út dizze kloft is it Albaneesk, dat oerlevere is fan 'e fyftjinde iuw ôf. Foar party taalkundigen stiet no fêst dat it Albaneesk in Illyryske taal wie en net in Trasysken-ien, al liket der gewoan te min fan 'e âlde Illyryske talen oerlevere te wêzen om datoangeande slutend bewiis te foarmjen. Dy âlde, no útstoarne Illyryske talen wiene û.m. it Illyrysk, Pannoanysk en Alddalmatysk. Oft it Messapysk, dat yn 'e Aldheid yn 'e "hakke" fan 'e Lears fan Itaalje sprutsen waard, ek ta de Illyryske talen rekkene wurde moat, is noch altyd net folslein bewiisd, mar liket wol wierskynlik.

de Yndo-Iraanske talen Der bestiet gjin twifel oer dat de Iraanske en de Yndo-Aryske talen, oanfolle mei in pear lytsere taalgroepkes, ôfstamje fan in mienskiplike oertaal, it Proto-Yndo-Iraansk. de Dardyske talen In lytse taalkloft dy't ek wol as ûnderdiel fan 'e Iraanske talen beskôge wurdt. De wichtichste talen binne: it Kasjmiersk, Kalasja, Sjina en Chowar. de Iraanske talen De wichtichste útstoarne talen út dizze famylje binne it Avestysk (oerlevere fan 'e sânde iuw f.Kr. ôf), Aldperzysk (oerlevere fan 'e sechsde iuw f.Kr. ôf), Medysk, Partysk, Baktrysk, Skytysk, Sarmatysk en Sogdysk. Libbene talen binne û.m.: it Perzysk (Iraansk), Koerdysk, Tadzjyksk, Pataansk (de grutste taal fan Afganistan), Dary (de twadde taal fan Afganistan), Hazaragy, Balûtsysk en it Ossetysk (út 'e Kaukasus). de Yndo-Aryske talen De wichtichste taal dy't ta dizze famylje heart, is it Sanskryt, oerlevere fan it iere twadde milennium f.Kr. ôf, dat om it jier 600 hinne útstoarn wie, mar dat yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw nij libben ynblaasd is (yn 2001 wiene der wer 14.000 memmetaalsprekkers). In oare wichtige, noch wol útstoarne taal is it Paly, dêr't de ierste boedistyske hillige teksten yn skreaun binne. De wichtichste libbene Yndo-Aryske talen binne it Hindy (de nasjonale taal fan Yndia), it Bingaleesk (de nasjonale taal fan Banglades), it Urdû (de nasjonale taal fan Pakistan), it Nepaleesk (de nasjonale taal fan Nepal), it Singaleesk (de nasjonale taal fan Sry Lanka) en it Maldivysk (de nasjonale taal fan 'e Malediven). Grutte Yndo-Aryske talen mei in offisjele regionale status yn Yndia binne fierders it Pûndjaabsk, Maratysk, Gûdjaratysk, Konkaansk, Assameesk, Orissaansk en Tsjattisgaarsk. Ek it Sindysk, Bihareesk, Radjastaansk en Surinaamsk-Hindoestaansk hearre ta dizze taalfamylje. de Noeristaanske talen