De Karibyske lamantyn of ek wol manaty of manatee (Trichechus manatus) is ien fan de trije soarten út it skaai fan de lamantinen.
Wengebiet De Karibyske lamantyn libbet yn ûndjip wetter oan de kusten fan de Kariben. Om't er graach wat omdoarmje mei wurdt er ek wol op rivieren fûn; yn Súd-Amearika is in Karibyske lamantyn in kear 800 km fan de kust it lân yn fûn. Oarsom is der ek wolris ien 15 km fan de kust yn iepen see oantroffen. De dieren gean ek wol de Atlantyske kust lâns nei it noarden.
Iten De Karibyske lamantyn yt it meast wetterplanten sa as Ielgers. Alle dagen yt in Karibyske lamantyn likernôch in fearnsdiel fan syn gewicht. Grutte folwoeksen eksimplaren kinne hast sa'n 100 kg deis ite.
Fuortplanting De Karibyske lamantyn is in solitêr bist. Allinnich tusken de ko en har keal is in bân. In Karibyske lamantynko hat draachtiid fan 12 moannen. Sy krijt dan ien keal dat 2 jier troch har fersoarge wurdt. Nei sa'n 3-4 jier binne de wyfkes geslachtsryp, de mantsjes efkes letter. In Karibyske lamantyn kin oer de 50 jier âld wurde.
Bedrigings Sûnt de 16e iuw wurdt op de Karibyske lamantyn jage foar oalje en fleis. Hjoed-de-dei is de Karibyske lamantyn oeral beskerme, mar rint er hieltyd noch yn tal werom. Hoewol 't de Karibyske lamantyn gjin natuerlike fijânen hat, wurdt in part fan syn libbensgebiet troch de minsken ynnommen. Ek wurde in grut tal dieren troch propellers fan bûtenboardmotoaren ferwûne en komme Karibyske lamantinen by it gerskjen yn fiskark (heaken en netten ensf.) telâne.
Floaridamanaty Wylst it grutste part fan de Karibyske lamantinen no oan de noardeastekust fan Súd-Amearika libbet, is der ek in popúlaasje fan likernôch 3.000 Karibyske lamantinen dy't oan de kust fan Floarida libje. Dy populaasje wurdt meast sjoen as in ûndersoarte, de Floaridamanaty (Trichechus manatus latirostris), njonken de Karibyske manaty (Trichechus manatus manatus). Troch de maatregels foar it behâld dy't de FSA naam hawwe, is der in stadige waakst fan dy populaasje.
Chessie Reizen Yn 1994 waard in Karibyske lamantyn fûn dy't de Chesapeakebaai ynswommen wie. Doe't it yn oktober dêr te kâld waard, waard "Chessie" fongen en troch de kustwacht werombrocht nei Florida. Om't er ek in stjoerder meikrige, koe it mantsje presys folge wurde doe't er yn 1995 wêr nei it noarden gong. Dat jier gong er fan de Chesapeakebaai fierder oant Rhode Island yn it noardeasten fan de Feriene Steaten ear't er mei it kâlder wurden wer nei it suden gong. Om't er yn 1996 de stjoerder ferlern hie koe syn tocht dat jier net presys folge wurde. Hy waard lykwols op de weromreis sjoen yn Portsmouth (Firginia), dat hy moat ek dat jier yn de Chesapeakebaai west hawwe. Yn 2001 kaam er wer yn it nijs doe't er wer nei Firginia kaam wie en sjoen waard doe't er troch de Great Bridge slûs gong.
Migraasje Ut fierder ûndersyk docht bliken dat it mear bart dat Karibyske lamantinen alle jierren migrearje tusken in wintergebiet en in simmergebiet. Der is in teory dat dit earder it gewoane gedrach fan de dieren west hat. Dat koe dan ek de ferklearing wêze fan de ferhalen oer in seemeunster "Chessie" yn de Chesapeakbaai, dêr't de reisgrage Karibyske lamantyn nei neamd wie.
Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Lamantyn Kategory:Bedrige sûchdier Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bonêre Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Grenada Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Kurasau Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Saba Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen