thumb|right|300px|Jeroen Gunning (Gregorius) mei Mareille Labohm (Dryade) thumb|right|300px|Jan Decleir (Bonifatius) en Jeroen Gunning (Gregorius) thumb|right|300px|Jan Decleir (Bonifatius) De Schaduw van Bonifatius (soms ferfryske ta It Skaad fan Bonifatius) is in 15 minuten duorjende eineksamenfilm fan de Nederlânske Film en Telefyzje Akademy. De film gie op 29 juny 2010 yn premiêre op it eineksamenfestival fan de Nederlânske Film en Telefyzje Akademy yn Amsterdam.

Aldfrysk Yn de film wurdt Aldfrysk en Aldingelsk sprutsen. It senario fan de film is dêrom troch Rolf Bremmer, heechlearaar yn beide talen oan de Universiteit fan Leien, oersetten en ynsprutsen. Yn it senario waarden de teksten fan Bonifatius earst yn it Aldingelsk oersetten en dy fan syn learling Gregoarius en harren tsjinspilers yn it Aldfrysk. Aldingelsk en Aldfrysk binne deade talen, sadat Bremmers de akteurs helpe moast by de útspraak. Yn Leien kamen de akteurs op it lêst nochris by elkoar om mei regisseur Thijs Schreuder de Latynske, Aldfryske en Aldingelske teksten te oefenjen. De rol fan Bonifatius wurdt spile troch Jan Decleir.

Ynhâld It is it jier 754. It Kristendom waait as in stoarm troch Europa, mar yn Fryslân biede de lêste stammen noch ferset. De jonge muonts Gregorius is ferkeazen om mei biskop Bonifatius noch in lêste kear te besykjen om de heidenske Friezen te bekearen ta it kristendom. Tegearre reizgje se nei it hert fan it Fryske keninkryk: de hillige Doanar-iik.

Foar de film is gebrûk makke fan itselde produksjeproses as by de ferfilming fan Lord of the Rings en Pirates of the Caribean. Yn septimber en oktober 2010 wie de film te sjen op it Nederlânsk Film Festival yn Utert.

Rolferdieling Gregorius - Jeroen Gunning Bonifatius - Jan Decleir stamhaad - Jan Arendz bosknimf - Philippine Corporaal Dryade - Mareille Labohm Meiwurkers regy - Thijs Schreuder senario - Olga Ponjee produksje - Mels Kroon kamera - Oscar Verpoort & Max Maloney ljocht - Tim Kerbosch production design - Joery Verweij montaazje - Xander Bruins & Jeffrey De Vore muzyk - Enrique Mendoza Mejía VFX - Ruud Kouwenberg, Bas van Bergen, Bas Moonen, Bram Vleugel, Danielle Kempen, Stef Holtz, Vincent van der Klaauw Sound Design - Dennis Kersten Lûd superfyzje - Tirtsa Heuwekemeijer Special Make-up - Janneke Jacobs Kostúmûntwerp - Esmée Yong Hee Hollenberg Haad konstruksje - Rik van Os Opnamelieder - Tobias Wilbrink Produksjelieder - Lucas Camps Lûdsopname en -montaazje - Michiel de Boer & Wilco van Blitterswijk Casting: Kemna Casting - Harm van der Sanden, Elske's Kast - Jennifer Schmidt Ferreira

Sjoch ek Kerstening fan de Friezen

Kategory:Nederlânske koarte film Kategory:Nederlânske histoaryske film Kategory:Frysktalige film Kategory:Ingelsktalige film Kategory:Aldfrysk Kategory:Aldingelsk Kategory:Film út 2010 Kategory:Net-Fryske film mei in Frysk tema Kategory:Film oer de Midsiuwen Kategory:Film oer fersprieding fan it kristendom Kategory:Film oer in bekend persoan Kategory:Werjefte fan Bonifatius yn keunst en kultuer Kategory:Film basearre op wiere foarfallen