De Pyt van der Zeepriis is in kultuerpriis fan de provinsje Fryslân en wurdt ien kear yn de trije jier útrikt oan ien dy't in soad docht of dien hat foar it amateurtoaniel. De priis is neamd nei regisseur Pyt van der Zee. It moat in bûtengewoane prestaasje wêze dy’t yn ferhâlding ta oare prestaasjes yn it amateurtoaniel opfallend posityf is. De priis fan € 2000 kin takend wurde oan persoanen, groepen en organisaasjes op it mêd fan amateurtoaniel, lykas rezjy, karmasterij, klaaiïng, dekôr, útfiering, spiler(s), selskip(pen), organisaasje(s), publikaasje(s).

Winners 2022 - Wybo Smids, akteur 2017 - Berne Iepenloftspul Easterwierrum, teatergroep 2015 - Bouke Oldenhof, toanielskriuwer en teaterprodusint 2010 - Jan Arendz, akteur 2007 - Sult, teatergroep 2004 - Anny Veenstra, regisseur 2001 - Jeugdteaterskoalle Miuw út Ljouwert

Kategory:Fryske teaterpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 2001