thumb|right|300px|Jan Decleir as Bonifatius Jan Decleir (14 febrewaris 1946) is in Flaamsk akteur en grafikus, dy't in miljoenenpublyk berikte troch syn optredens yn spylfilms.

Akteur Hy debutearre as filmakteur in 1971 yn de produksje Mira fan Fons Rademakers. Hjiryn wie de tsjinspiler fan Willeke van Ammelrooy. By bern is Decleir benammen bekend as Sinterklaas yn it berneprogramma Dag Sinterklaas en de film Het Paard van Sinterklaas. Oare opfallende rollen spile Jan Decleir ûnder mear yn de foar in Oscar nominearre film Daens, Camping Cosmos en Karakter.

Jan Decleir krige ferskate ûnderskiedings foar syn aktearwurk. Sa krige de film Antonia dêr't er yn meispile in Oscar, krektas Karakter. Hy hie ynternasjonaal bekender wurde kind, mar hy liet de rol fan smjunt yn de Bond-film The World Is Not Enough oan him foarby gean omdat er it toanielspyljen wichtiger fûn. Foar It Skaad fan Bonifatius spile er de rol fan Bonifatius.Bonifatius-film yn it Aldfrysk op It Nijs (sjoen op 26-06-2010)

Yn 2005 einige er op nr. 13 by de Flaamske ferzje fan de ferkiezing fan De Grootste Belg.

Yn 2010/2011 spile er de rol fan Lusifer yn de foarstelling fan Theater Zuidpool wêrby't Vondels treurspullen Lusifer en Adam in ballingschap mei-inoar kombinearre waarden ta in oardeloere duorjende foarstelling. Vincent Kouters, 'Jan Decleir beukt Vondel door de zaal.' De Volkskrant, 27 desimber 2010. Yn 2011 wegere er de Gouden Earepinning fan de Flaamske Mienskip.

Op 7 april 2011 krige er fan de Universiteit Antwerpen in earedoktoraat. deredactie.be 07/04/11 Yn maaie 2012 naam er de Prijs van de Vlaamse Gemeenschap voor Algemene Culturele Verdienste oan.

Grafikus Jan Decleir, dy't foar syn toanieloplieding inkelde jierren les folge op de Akademy fan Antwerpen, hat ferskate útstallingen op syn namme brocht. Hiel wat jierren wurke er geregeld gear mei Fred Bervoets en Hugo Claus. Dat resultearre yn ferskate útstallings yn Galery De Zwarte Panter. Ek as grafikus makke Jan Decleir him al fertsjinstlik. Yn 2006 ferskynde by Ergo Pers de nije dichtbondel fan Erwin Mortier, Voor de Stad en de Wereld. Foar dy eksklusive útjefte makke Jan Decleir fjouwer etsen.

Filmografy thumb|Jan Decleir yn 2009 thumb|Blauwe Maandag Compagnie - Ten Oorlog (1997), Jan Decleir as Richard motherfucker de derde. Dikkie Dik en de verdwenen knuffel (2024), ferteller De Familie Claus 2 (2021), as Noël Claus De Familie Claus 2 (2021), as Noël Claus De familie Claus (2020) as Noël Claus Niet Schieten (2018) Albert Van den Abiel (Petje) De Ideale Wereld (2018) as Kapitein Vagius Ce Magnifique Gâteau! (2018) as de kening (stim) Tytgat Chocolat (2017) as Achille Verherstraeten Den Elfde van den Elfde (2016) as Hubert Geunings Ay Ramon! (2015) as Sinteklaas De surprise (2015) as Muller Flying Home (2014) as Jos Pauwels Met Man en Macht (2013) as Tony Verelst Nova Zembla (2011) as Petrus Plancius Marieke Marieke (2010) as Jacoby It Skaad fan Bonifatius (2010) Oh no! It's a woman. (2010) Ob ihr wollt oder nicht! (2009) as Henning Les Barons (2009) as Lucien Soeur Sourire (2009) as Lucien Deckers Limo (2009) as professor Bang Stellenbosch (2008) as Bernard Castel Loft (2008) as Ludwig Tyberghein Waar is het paard van Sinterklaas? (2007) as omke Siem en Sinterklaas Man zoekt vrouw (2007) as Leopold Firmin (2007) as Freddy White Blind (2007) as Dr. Victor Verbeecke Wolfsbergen (2007) as Ernst Koning van de Wereld (2006) as de trener Max Kruistocht in spijkerbroek (2006) as de Greve fan Rottweil Zondvloed (2006) Verlengd weekend (2005) as Jos Het Paard van Sinterklaas (2005) as omke Siem en Sinterklaas Een ander zijn geluk (2005) as Johnny De Flow Off Screen (2005) as John Voerman De Kus (2004) as de heit Matin calme (2004) as Jan Edelweißpiraten (2004) as Ferdinand Kütter De Passievrucht (2003) as Huib Minderhout L'Autre (2003) as de gynekolooch De zaak Alzheimer (2003) as Angelo Ledda Vlucht der verbeelding (2003) Tijl Uilenspiegel (2003) SuperTex (2003) as Simon Breslauer Rosenstrasse (2003) as Nathan Goldberg Piratenplaneet de schat van Kapitein Flint (2002) as John Silver Hop (2002) as Frans Misonne Villa des roses (2002) as Brizard Stille Waters (2001) as Stan Moereels De Verlossing (2001) as Oscar De Omweg (2000) as Joanna har heit Mariken (2000) as Archibald Lijmen/Het been (2000) as Judge Teugels Running Free (1999) as de Boss Man Kruimeltje (1999) as Heit Keyzer Shades (1999) as Freddy Lebecq Damiaan (1999) as biskop Köckerman Taming the Floods (1999) S. (1998) as freon fan de mem Karakter (1997) as Dreverhaven Camping Cosmos (1996) as Harry syn freon Kulderzipken (1995 - 1996) as Koning Jozef Antonia (1995) as Boer Bas Dag Sinterklaas (1993-1994) as Sinteklaas Beck - De gesloten kamer (1993) as Martin Beck Daens (1993) as Preester Daens Anchoress (1993) as Mason Dilemma (1990) as Leon Bekkers Koko Flanel (1990) as Azère Het Sacrament (1990) as Albert Het Gezin van Paemel (1986) as Masco De Leeuw van Vlaanderen (1985) as Jan Breydel Zware jongens (1984) as in finzene Jan zonder vrees (1984) as Jan sûnder Genede (stim) Maria Danneels (1982) jout kommentaar Toute une nuit (1982) Het Verleden (1982) as Kees Tijd om gelukkig te zijn (1982) as de man Twee vorstinnen en een vorst (1981) as de heit Le Grand paysage d'Alexis Droeven (1981) as Jacob De Proefkonijnen (1979) as Jef Doodzonde(1978) as heit fan Marcels Une page d'amour (1978) as Ouvrier Pallieter (1976) as Bohumil Verbrande brug (1975) as Charel Verloren maandag (1974) as de Katangees De Loteling (1973) as Jan Braems Rolande met de blés (1972) Renier Joskin de Lamarache Keromar (1971) as Odo Mira (1971) as Lander

Kategory:Flaamsk filmakteur Kategory:Flaamsk telefyzje-akteur Kategory:Flaamsk toanielakteur Kategory:Gouden Keal-winner Kategory:Persoan berne yn 1946