Jacob Visser (Amsterdam, 4 septimber 1915 - Ljouwert, 5 septimber 1995) wie in archeolooch en genealooch.
Publisearre op genealogysk en heraldysk mêd, haadsjartermaster oan it Ryksargyf yn Fryslân. Sekretaris fan de Fryske Rie foar Heraldyk, mei-redakteur fan de rige 'Grêfskriften tusken Fly en Lauwers' en fan it Genealogysk Jierboekje (1957-1970).
Stelde kertiersteaten op fan bekende Friezen, ûntwurp in stikmannich flaggen en publisearre hjiroer yn ûnder oaren De Vrije Fries, It Beaken en Gens Nostra.
Wurk Inventaris van het archief der Opsterlandsche Veencompagnie (1975) De plaatselijke verspreiding der Katholieken in Friesland tot het begin der 19de eeuw (1958) Adel en "adfel" in de Staten van Friesland in de 17de en 18de eeuw (1962) Overzicht van de voornaamste bronnen voor genealogisch en heraldisch onderzoek in het Rijksarchief in Friesland (1972)
Kategory:Nederlânsk archeolooch Kategory:Nederlânsk genealooch Kategory:Nederlânsk argivaris Kategory:Frysk archeolooch Kategory:Frysk genealooch Kategory:Frysk argivaris Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1915 Kategory:Persoan stoarn yn 1995