thumb|right|Wurk fan Wybe Annes Visser kolleksje Frysk Skipfeart Museum Wybe Annes Visser (Heech, 2 novimber 1811 - Hylpen, 18 oktober 1886) keapman, sjippesieder, oaljeslagger en seeskilder yn Warkum.

Blykt bejeftige en benammen korrekt skilder fan seegesichten en taferielen ( mei Fryske ielaken der op) west te hawwen. Wurk fan him is yn it Frysk Skipfeartmuseum yn Snits en by partikulieren. Is famylje fan de Vissers dy't mei de iel hannelen op Londen. Troude mei de dochter fan de bekende Jouster skipsbouwer Geart Gearts, dêr't er faaks syn kennis oer bou en tugen fan skippen fan hie.

Kategory:Frysk keapman Kategory:Frysk sjippesieder Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn Heech Kategory:Persoan stoarn yn Hylpen Kategory:Persoan berne yn 1811 Kategory:Persoan stoarn yn 1886