Janny Vledder-Van der knoop (It Mar, 3 maart 1925 - It Hearrenfean, 18 juny 2007) wie ûnderwizeresse en Frysk skriuwster fan berneboeken.
Se skreau tsientallen Fryske berneboeken dy't ek yn it Nederlânsk ferskynden. Se wie aktyf by it Sint Piterfeest yn Grou en is yn 2004 beneamd ta Sint Pitergenoat.
Janny en har man Geart Vledder ferhuzen ein augustus 2003 út Grou wei. Se ruilen harren wenning oan de Swanneblom yn foar in appartemint yn serviceflat Hearenhage op It Hearrenfean.
Wurk: berneboeken (in seleksje) 1962 : Melle mich 1971 : Fon Teddy en Wûf 1972 : De slyde fon Klaas 1981 : Jentsje syn koekje 1981 : Jentsje syn bear 1981 : Jentsje syn auto 1986 : Jentsje syn pot 1986 : Jentsje syn wein 1987 : Kamera op Kameroen 1988 : Jentsje yn ’t bad 1988 : Jentsje en de lampe 1988 : Jentsje syn bal 1995 : Jentsje syn pemper 1995 : Jentsje syn sobber 1996 : Meinte : in bysûndere freonskip
Keppeling om utens Profyl by sirkwy.
Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk berneboekeskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Persoan berne op It Hearrenfean Kategory:Persoan stoarn op It Hearrenfean Kategory:It Mar Kategory:Persoan berne yn 1925 Kategory:Persoan stoarn yn 2007