De lytse swan (Cygnus columbianus) is in 127 sm grutte fûgel út de famylje fan de Einfûgels. De fûgel is hielendal wyt en liket krekt op de Kloekswan mar is wat lytser. Der binne twa ûndersoarten fan dizze swan. De Cygnus columbianus columbianus, dy't yn Noard-Amerika foarkomt, en de Cygnus columbianus bewickii, dy't yn Jeraazje foarkomt. De ûndersoarten wurde ek noch wol sjoen as ferskillende soarten.

Cygnus columbianus bewickii De Lytse swan briedt op de Siberyske toendra en oerwinteret by de Noardseekust en yn Grut-Brittanje. Oare groepen Lytse swannen oerwinterje by de Kaspyske See, by it Aralmar en yn East-Aazje. De fûgels fan de populaasjes yn it easten fan Ruslân, dy't yn Sina en Japan oerwinterje, wurde ek wol as in (tredde) ûndersoarte sjoen, de Cygnus columbianus jankowski. thumb|250px|left|Cygnus columbianus columbianus

It wyfke leit 3-4 aaien yn in bult fan plantemateriaal flakby iepen wetter.

Yn de simmer bestiet it iten meastens út wetterplanten dy't se ûnder it swimmen ite. Under de trek meie se graach gerskje yn de greiden. Wylst de swannen oerwinterjen yn de Waadsee ite se ek wol skelpdieren.

Cygnus columbianus columbianus De Cygnus columbianus columbianus ferskilt yn úterlik fan de Cygnus columbianus bewickii trochdat syn snaffel hast hielendal swart is, ynstee fan swart mei giel. Dizze Lytse swan briedt op de Noard-Amerikaanske toendra yn Alaska en Kanada. De swannen oerwinterje fierder nei it suden fan Noard-Amearika. De fûgels yn it westen oerwinterje oan de westkust, fan it suden fan Alaska oant en mei Kalifornje. De eastlike populaasjes oerwinterje by de Grutte Marren of oan de eastkust fan Marylân oant en mei Florida.

It wyfke leit 4-7 aaien yn in bult fan plantenmateriaal flakby iepen wetter. It pearke bout it nêst en ferdigenet yn grut territorium rûnom it nest.

Yn de simmer bestiet it iten meastens út wetterplanten dy't se ûnder it swimmen ite. Yn de gebieten dêr't se oerwinterje gerskje se ek wol op lânbougrûn.

Sjoch ek List fan fûgels

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Swan Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn de Eastsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Swarte See Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaspyske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Súdsineeske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Eastsineeske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Japanske See Kategory:Lânseigen fauna yn de See fan Ochotsk Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Beringsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardlike Iissee Kategory:Lânseigen fauna yn de Hudsonbaai