thumbnail|right|250|Yn it donkergriene gebiet wurdt troch mear as 70 persint fan de minsken Afrikaansk sprutsen, yn it ljochtgriene part is dat mear as 50 persint.(2011)

Afrikaansk (eigen namme: Afrikaans) is in Westgermaanske taal, basearre op it Nederlânsk fan de 17e iuw. De taal waard pas op 8 maaie 1925 offisjeel erkendLill, D. van (2004). Van Lill se Suid-Afrikaanse trivia. Zebra Press. Side 38. en is sadwaande de tred jongste Germaanske taal dy’t in amtlike status hat (it Faeröersk waard yn 1948 amtlik erkend en it Lúksemboarchsk yn 1984Over de totstandkoming van de Faeröerse spelling). It Afrikaansk wurdt it meast sprutsen yn Súd-Afrika, it is dêr ek ien fan de alve offisjele talen. Dêrnjonken is it ek in wichtige taal yn Namybje, dêr’t it as lingua franca brûkt wurdt. Yn totaal wurdt de taal troch likernôch 6,4 miljoen minsken as memmetaal brûkt.

Afrikaansk en Nederlânsk binne noch foar in grut part ûnderling fersteanber. Ek foar Frysk-sprekkers is it Afrikaansk goed oan te learen. De útspraak en grammatika fan it Afrikaansk is mear analytysk en ienfâldiger as oare Germaanske talen. Neist it Nederlânsk, de wurdskat fan it Afrikaansk bestiet foar 85% út Nederlânske wurden, hawwe ek in protte oare talen it Afrikaansk beynfloede, bygelyks Maleisk, Portegeesk, Frânsk, Dútsk, Ingelsk en oare Afrikaanske talen.

Klassifikaasje Yndo-Jeropeesk Germaansk Westgermaansk Nederdútsk Nederfrankysk Nederlânsk Afrikaansk

It Afrikaansk wurdt sjoen as in ûndertaal fan it Nederlânsk. It is klassifisearre as Yndo-Jeropeeske taal, it is ûnderdiel fan de Westgermaanske tûke fan de Germaanske talen. Afrikaansk heart tegearre mei it Nederlânsk ta de Nederfrankyske taalgroep, dat wer fan it Aldnederlânsk ôfkomt. Nederfrankyske fariëteiten wurde yn Jeropa en Nederlân, it noarden fan Belgje, Frânsk-Flaanderen yn Frankryk en it Dútske gebiet lâns de Ryn tusken Keulen en de grins mei Dútslân en Nederlân sprutsen. Bûten Jeropa wurde Nederfrankyske dialekten yn Súd-Afrika, Namybje, Suriname, Kurasau, Arûba, Bonêre, Saba, Sint-Maarten en Sint Eustaasjes sprutsen.

De Nederfrankyske dialekten wurde tegearre mei it Nedersaksysk ûnder it Nederdútsk groepearre. Der is in skieding ûntstien tusken it Nederdútsk en Heechdútsk fanwegen de Heechdútske klankferskowing.Glück, H. (ed.): Metzler Lexikon Sprache, siden 472, 473. Stuttgart, Weimar: Metzler, 2000

Dialektyske stamme It is net wis út hokker Nederfrankyske dialekten it Afrikaansk him krekt ûntwikkele hat. Der binne benammen in soad Hollânske grammatikale skaaimerken en lûden yn it Afrikaansk werom te finen, njonken inkele West-Flaamske ynfloeden. Earder waarden ek Siuwske ynfloeden ornearre, mar dizze gedachte is troch D.C. Hesseling op basis fan migraasjesifers wjerlein.Is de beleefdheidsvorm U 'n verbastering van UEd.?

Skiednis fan it Afrikaansk

thumb|right|200px|Geografyske sprieding fan it Afrikaansk yn Súd-Afrika; it oandiel Afrikaansktaligen yn de befolking. thumb|right|200px|Geografyske sprieding fan it Afrikaansk yn Namybje; it oandiel Afrikaansktaligen yn de befolking.

It Nederlânsk kaam oan op it Afrikaanske kontinint doe't Jan van Riebeeck yn 1652 oan kaam by Kaap de Goeie Hope en dêr in koloanje stifte. Doe begûn ek de skreaune skiednis fan Súd-Afrika. De Kaapkoloanje waakste gau en fral Nederlanners en Flamingen, mar ek in soad Dútsers en Frânsen, kamen foar de Feriene Eastyndyske Kompanjy yn de koloanje wenjen. De lêsten learden it Nederlânsk rap, ek harren nammen waarden faak fernederlânske. De befolkingsgroep dy't sa ûntstie, neamde himsels op in stuit Afrikaners of Boeren. Sûnt 1740 begûn dy sprektaal yn Súd-Afrika in eigen libben te krijen. It Nederlânsk dêr feroare stadich, trochdat it troch oare talen beynfloede waard, lykas it Maleisk fan de Maleiers, dy't troch de Nederlanners as wurkkrêften nei Súd-Afrika helle waarden. Mar de skriuwtaal bleau oant 1925 folslein basearre op it Europeeske Nederlânsk. Der wie wyls wol in eigen foarm fan it Nederlânsk ûntstien, it Kaapsk-Nederlânsk.

Doe't de Kaapkoloanje yn Britske hannen kaam, waard it Ingelsk de offisjele taal fan it gebiet. De Boeren lutsen hieltyd fierder it binnenlân yn, dêr't se trije steaten stiften, de Oranje Frijsteat, de Transfaal en de Republyk Natalia, dêr't it Nederlânsk de offisjele taal waard. Nei it útbrekken fan de Boerenoarloggen tusken de Britten en de Boeren, dy't ferlern waarden troch de Boeren, kamen ek dy gebieten ûnder it bewâld fan de Britten. De Boeren kamen lykwols op foar it behâld fan harren taal en tradysjes. Yn 1882 waard it Nederlânsk njonken it Ingelsk de offisjele taal yn it Kaapske parlemint. Yn 1888 waard it Nederlânsk erkend as offisjele taal fan de Súd-Afrikaanske Republyk, it lettere Transfaal. Fan 1910 oant en mei 1983 wienen it Nederlânsk en it Ingelsk tegearre de offisjele talen fan Súd-Afrika. Al moat der rekken mei hâlden wurde dat sûnt 1925 it Nederlânsk troch it Afrikaansk ferfong waard, mar pas yn 1983 waard it Nederlânsk út de grûnwet helle.

Oant de 19e iuw hat it Afrikaansk allinnich as sprektaal bestien en wie it Nederlânsk de formele skreaune taal. It Nederlânsk wie foaral de taal fan skoalle en tsjerke. De opkomst fan kranten hat derfoar soarge dat minsken foar it earst yn de eigen taal publisearje koenen. Hjir kaam de earste foarm op fan it Afrikaansk as skriuwtaal. It like noch bot op it Nederlânsk en waard allinnich brûkt troch de blanken. Foar Kaapske moslims wie it Afrikaansk neist it Arabysk al yn de njoggentjinde iuw as in folweardige taal brûkt foar de godstsjinst, mar dat wie mear om in praktyske reden. Sy woenen it islamitysk leauwe befoarderje; de Moslimmienskip wie net belutsen by de taalbeweging. Op 14 augustus 1875 waard yn Paarl it Genootskap van Regte Afrikaners stifte, ûnder lieding fan Stephanus du Toit. Dy organisaasje hie as doel om it Afrikaansk te befoarderjen en om de taal út te bouwen, ûnder mear troch de bibel oer te setten. Dat oersetten fan de bibel wie klear yn 1933.

Yn de tweintichste iuw waard de wurdskat fan it Afrikaansk útwreide, ûnder oare trochdat de taal in nije funksje as amtlike taal krige, wêrtroch't de taal yn it ûnderwiis, it bestjoer, de literatuer, de keunst en de wittenskip brûkt wurde koe. Sa waakste de taal fan 50.000 oant likernôch 750.000 wurden. Der binne mear as 200 Afrikaanske wurdboeken útkaam.Jansen, Ena (1998). Afstand en verbintenis: Elisabeth Eybers in Amsterdam. Amsterdam University Press. Side 187 Om de taal út te bouwen binne faak wurden brûkt út it Nederlânsk.

Dialekten It Afrikaansk hat in stik as wat dialekten, dy't ferspraat oer Súd-Afrika en Namybje foarkomme. Fan dizze dialekten binne der guons dy't mear nijmoadrige Nederlânske ynfloeden krigen hawwe as oare. Dat komt trochdat se mear yn kontakt wienen mei it Europeeske Nederlânsk. De folgjende haaddialekten fan it Afrikaanske wurde hjoed de dei ûnderskieden:

Kaapsk Afrikaansk (Afrikaansk: Kaapse Afrikaans): Dit dialekt wurdt it meast sprutsen yn de West-Kaapprovinsje, it dialekt hat in soad ynfloeden fan it Maleisk. Eastgrinsk-Afrikaansk (Oosgrens-Afrikaans): Dit dialekt foarmet de basis fan it Standertafrikaansk. It wurdt benammen sprutsen yn de provinsjes Mpumalanga, Gauteng en Limpopo. Oranjerivier-Afrikaansk (Oranjerivier-Afrikaans): Dit dialekt wurdt sprutsen om de Oranjerivier hinne, it noardwesten fan Súd-Afrika en it suden fan Namybje. It dialekt is ûntstien troch it kontakt fan de kolonisten mei de ynhiemske Hottentotten. Eastkaapsk Afrikaansk (Oostkaaps Afrikaans): Dit dialekt wurdt sprutsen yn de provinsje East-Kaap. Oarlamsk (ek wol neamd: Oarlangs, Oarlansk; Afrikaansk: Oorlams): Dit dialekt wurdt it meast sprutsen yn it eardere Transfaal. It meastepart fan de sprekkers is swart. It dialekt hat in soad ynfloeden fan de Bantûtalen en is sadwaande in kreoaltaal basearre op it Afrikaansk.

Fan dizze dialekten hat it Kaapsk-Afrikaansk de measte ynfloed fan it hjoeddeiske Nederlânsk ûndergien.

De Nederlânske taalfariëteiten oan de Kaap tusken 1652 en om en de by 1800 binne selden op skrift setten, wat betsjut dat hjoed de dei net krekt te sizzen is hokker dialekten der sprutsen binne. Om 1800 hinne waarden de neikommende omgongsfariëteiten oan de Kaap sprutsen, nammentlik: Suver Nederlânsk (Suiwer Nederlands) Boarger Afrikaansk of Kaapsk-Hollânsk, brûkt troch de aristokrasy Hottentot-Hollânsk (of Hottentot-Afrikaansk) Slaven-Afrikaansk (Slawe-Afrikaans) Frjemdeling-AfrikaanskMerwe H.J.J.M. van der. (1970). Herkoms en Ontwikkeling van Afrikaans. Afrikaanse Pers-Boekhandel: Johannesburg. Side 69

De skriuwer A.N.E. Changuion beskriuwt yn 1844 de neikommende dialekten: Suver Nederlânsk Heech-Hollânsk, brûkt troch de boargerlike kringen oan de Kaap Plat-Kaapsk fan oare blanken en Ingelsken Plat-Kaapsk fan die Hottentotten en oar 'grau'.Changuion, A.N.E. (1844). De Nederduitsche Taal in Zuid-Afrika Hersteld. Kaapstad: Richert Pike.

Yn 1875 wie S.J. du Toit de miening tadien dat der trije soarten Afrikaansk sprutsen waarden oan de kop: Hearen-Afrikaansk (Heere-Afrikaansk) Boeren-Afrikaansk Hottentot-AfrikaanskE.H. Raidt. Taalvariasie in Negentiende-Eeuse Afrikaans. Tydskrif vir Geesteswetenskappe, jiergang 32(4), 240-256, side 241

Du Toit wie fan miening dat de Boeren-Afrikaanders de wiere ynwenners fan Súd-Afrika wienen, dat neffens him moast it standertafrikaansk op dat dialekt basearre wurde.

Fersprieding Afrikaansk wurdt net allinnich yn Súd-Afrika sprutsen: bûten Súd-Afrika binne grutte Afrikaansktalige mienskippen te finen yn bygelyks Namybje, dêr’t 89.900 minsken de taal machtich binne. Oare boarnen sprekke foar Namybje oer 160.000 memmetaal sprekkers. Fierders soe dêr mear as 75% fan de minsken it Afrikaansk machtich wêze.Afrikaans, sjoen op 12 oktober 2010 Benammen om en yn Windhoek hinne wurdt de taal sprutsen; dêr wurdt de taal ek troch 25% fan de minsken thús sprutsen. Ethnologue.com Languages of Namibia (sjoen op 12 oktober 2010)

Yn Botswana wenje likernôch 20.000 Afrikaansktaligen, yn Sambia likernôch 41.000 en yn Swasilân 13.000. Ek yn Malawy wennet in lytse groep Afrikaansktaligen.Ethnologue.com, Afrikaans (sjoen op 12 oktober 2010) Bûten Afrika libje grutte mannichten Afrikaanders yn it Feriene Keninkryk, 100.000 sprekkers,COMPARATIVE ASSESSMENT OF DATA ON SELF-DECLARED EMIGRATION, 2002 UPDATE, Stats Online (sjoen op 11 desimber 2009) Nij-Seelân, 21.000 sprekkers, Austraalje, 13.000 sprekkers en Kanada, 24.000 sprekkers (neffens de folkstelling fan 1974, it tal Súd-Afrikaanske ymmigranten is nei dy tiid groeit nei 60.000).

Afrikaansk is de haadtaal foar twa etnyske groepen yn Súd-Afrika: De Afrikaners en de Kleurlingen.

Skrift It Afrikaansk wurdt meastentiids skreaun yn it Latynske alfabet, mar guon groepen brûke ek it Arabyske skrift. Yn dat gefal wurdt it Getûlysk (Afrikaansk: Getoelies) neamd. Dit wurdt komt fan it Maleiske wurdt tulis, dat "skriuwe" betsjut.

Wurdskat fan it Afrikaansk thumb|left|250px|De "Afrikaanse Patriot" út 1876.

Tusken 1900 en de ein fan de 20e iuw is de wurdskat fan it Afrikaansk waakst fan 50.000 oant 750.000 wurden.Raidt, Edith H (1991). Afrikaans en sy Europese Verlede. Kaapstad: Nasou Beperk. Side 230 Mei it útbouwen fan Afrikaansk as in folweardige nijmoadrige amts- en wittenskipstaal binne der hûnderttûzenen wurden by de oarspronklike kearnwurdskat, wat fan it Nederlânsk oflaat is, foege. Alhoewol't Afrikaansk leksikaal sjoen foar it meastepart de Nederlânske woartels bewarre hat, is der, lykas by oare Europeeske talen dy't nei in nij oerseesk gebiet ferspraat binne, in tal wichtige ôfwikings fan it nijmoardige Nederlânsk.

Alde Nederlânske wurden