It Arabysk (Arabysk: اَلْعَرَبِيَّةُ, sekuere transliteraasje: al-‘Arabīyyaẗ, útspr.: [al ʕara'bi:ja], likernôch: "al-ha-ra-bii-ja", ; of koartwei: عَرَبِيّ, sekure transliteraasje: ‘Arabīj, útspr.: ['ʕarabi:], likernôch: "ha-ra-bii", ) is in Semityske taal dy't koart nei it begjin fan 'e Westerske jiertelling foar it earst ta ûntwikkeling kaam op it Arabysk Skiereilân, yn 'e foarm fan it Aldarabysk. Dêrút ûntjoech him meitiid it Klassyk Arabysk, de taal fan 'e Koraan, dy't him fan 'e sânde iuw ôf mei de islaam fersprate oer it Midden-Easten en Noard-Afrika. Datselde barde mei it Arabysk-Perzysk skrift, dêr't it Arabysk mei skreaun wurdt. Tsjintwurdich is it Arabysk de of in offisjele taal fan 25 lannen en 1 autonome regio en ien fan 'e seis offisjele talen fan 'e Feriene Naasjes, en genietet it erkenning as regionale taal of as minderheidstaal yn nochris 10 lannen en 1 autonome regio.
De hjoeddeistige Arabyske standerttaal, it Modern Standertarabysk, dat yn hege mjitte op it Klassyk Arabysk basearre is, hat eins gjin memmetaalsprekkers, mar fungearret ynstee as in oanlearde twadde taal en lingua franca foar de hiele Arabyske wrâld. De sprektalen of dialekten dy't mei-inoar it Arabyske dialektkontinuum foarmje, dat alhiel fan 'e Atlantyske Oseaan yn Marokko oant de Arabyske See yn Omaan rint, binne foar in grut part net ûnderling fersteanber, en wurde troch taalkundigen dêrom klassifisearre as de Arabyske talen. Dy hawwe mei-inoar 310 miljoen memmetaalsprekkers en nochris 110 miljoen twadde-taalsprekkers. It Arabysk is dêrmei de op fjouwer nei meast sprutsen taal fan 'e wrâld. As de liturgyske taal fan 1,8 miljard moslims hat it Arabysk ek grutte ynfloed (hân) yn 'e dielen fan 'e islamityske wrâld dy't net troch etnyske Arabieren bewenne wurde. Ek moslims dy't gjin Arabysk sprekke, kinne de Koraan faak wol yn it Arabysk lêze of út 'e holle opsizze.
Taalbesibskip It Arabysk is ien fan 'e Semityske talen, dy't ûnderdiel útmeitsje fan 'e gruttere Afro-Aziatyske taalfamylje. Binnen de Semityske talen heart de taal ta de Middensemityske kloft fan 'e Westsemityske talen. De measte taalkundigen ornearje dat it Arabysk binnen de Middensemityske talen mei inkele nau besibbe útstoarne talen en mei de talen dy't út it Arabysk sels fuortkommen binne de Arabyske talen foarmet. De Arabyske talen steane binnen de Middensemityske talen op ien hichte mei de Noardwestsemityske talen, dêr't û.o. it Hebriuwsk en it Arameesk ta hearre. Ien fan 'e útsûnderings wat de konsensus oangeande dy yndieling oangiet, is de foaroansteande taalkundewebside Ethnologue, dy't de Kanaänityske kloft fan 'e Noardwestsemityske talen mei de Arabyske talen ûnderbringt yn in 'Súdlik Middensemityske' of 'Arabo-Kanaänityske' taalgroep, en it Arameesk en syn ôfstammelingen (de Arameeske talen) dêrmei op ien hichte stelt.
Binne de Arabyske talen wurdt, nettsjinsteande de fierhinne gelikense nammen, in skerp ûnderskie makke tusken it Aldnoardarabysk en it Aldarabysk. It Aldnoardarabysk omfiemet ferskate talen of taalkundige farianten dy't yn 'e Aldheid sprutsen waarden yn 'e oäzes fan wat no it noardwesten fan Saûdy-Araabje is. Dêrta hearden û.m. it Hasaïtysk, it Dadanitysk en it Dûmaïtysk. It Aldarabysk, dêr't it Klassyk Arabysk en alle hjoeddeistige Arabyske sprektalen út fuortkommen binne, wie de sustertaal fan it Aldnoardarabysk.
Taalgebiet It oarspronklike taalgebiet fan it Arabysk besloech it noardlike part fan it Arabysk Skiereilân. Mei de fersprieding fan 'e islaam, fan 'e sânde iuw ôf, wreide it taalgebiet him lykwols út oer it hiele Midden-Easten en Noard-Afrika. Tsjintwurdich omfettet it taalgebiet fan it Arabysk it hiele of frijwol it hiele grûngebiet fan 'e Middeneastlike lannen en territoaria Bachrein, de Feriene Arabyske Emiraten, Jemen, Jordaanje, Katar, Koeweit, Libanon, Omaan, Palestina en Saûdy-Araabje. Dêr komme inkeld hiel lytse en fersprate enklaves fan 'e sprekkers fan oare talen foar. Datselde jildt foar Irak en Syrje, mar dy beide lannen omfiemje ek in grutte (Irak) oant oansjenlike (Syrje) Koerdysktalige regio yn it noarden. Arabysktalige minderheden komme foar yn Iran (benammen de súdwestlike regio Kûzestan), Israel (benammen yn it noarden, om Nazaret hinne), Turkije (yn it súdeasten) en yn ien doarp op Syprus.
Yn Noard-Afrika is Egypte frijwol hielendal Arabysktalich, útsein inkele minderheidstaalgebieten yn it suden (Nubysk), súdeasten (Bedja) en westen (Siwaansk). It Koptysk is in deade taal, dy't inkeld noch yn gebrûk is as tsjerketaal fan 'e Koptysk-Otterdokse Tsjerke. Sûdaan is ek fierhinne Arabysktalich, mei hjir en dêr in oars-talich minderheidsgebiet. Lybje, Tuneezje, Algerije en Marokko binne foar it meastepart Arabysktalich, mar mei hjir en dêr oansjenlike Berberske minderheden, dy't harren eigen talen sprekke (bgl. it Tûarek, Kabylsk en Riffynsk). De Westlike Sahara is hielendal Arabysktalich. Yn Mauretaanje sprekt men yn it grutste part fan it lân Arabysk, mar dat lân omfiemet oan 'e súdlike râne ek in gebiet dêr't Afrikaanske talen sprutsen wurde. Arabysksprekkende minderheden libje yn Spanje (de enklaves Ceuta en Melilla) Senegal, Maly, Niger, de noardeastpunt fan Nigearia, Tsjaad, Súd-Sûdaan, Eritreä, Dzjibûty, Somalilân, Somaalje en oan 'e noardlike rânen fan 'e Demokratyske Republyk Kongo en Oeganda en de Swahilykust fan Kenia.
+ Geografyske fersprieding fan Arabysktaligen yn 'e wrâld Lân/regio Soart gebiet Oantal Arabysktaligen Beskriuwing 20px Egypte Haadgebiet sa'n 110 miljoen It grutste Arabysktalige lân yn 'e wrâld. Egyptysk Arabysk is ien fan de meast bekende Arabyske dialekten en hat grutte ynfloed troch film, muzyk en media. 20px Algerije Haadgebiet sa'n 45 miljoen Arabysk is ien fan de offisjele talen, neist Tamazight. Der wurde ferskate Maghreb-Arabyske farianten sprutsen. 20px Sûdan Haadgebiet sa'n 40 miljoen Arabysk is in offisjele taal en in wichtige omgongstaal, neist in grut tal Nylotyske en Nubyske talen. 20px Irak Haadgebiet sa'n 40 miljoen Arabysk is ien fan de twa offisjele talen, neist Koerdysk. Der wurde Iraakske Arabyske dialekten sprutsen. 20px Marokko Haadgebiet sa'n 35 miljoen Arabysk is in offisjele taal neist Tamazight. Der wurde benammen Marokkaansk-Arabyske farianten sprutsen. 20px Saûdy-Araabje Haadgebiet sa'n 30 miljoen It Arabysk fan it Arabysk Skiereilân wurdt hjir sprutsen. It lân is it histoaryske en religieuze sintrum fan it Arabysk. 20px Jemen Haadgebiet sa'n 30 miljoen Arabysk is de offisjele taal. Der besteane ferskate Súd-Arabyske en Jemenityske dialekten. 20px Syrje Haadgebiet sa'n 20 miljoen Arabysk is de offisjele taal. Syrisch Arabysk is in wichtige Levantynske fariant. 20px Tuneezje Haadgebiet sa'n 12 miljoen Arabysk is de offisjele taal. Tunezysk Arabysk heart ta de Maghreb-dialektgroep. 20px Jordaanje Haadgebiet sa'n 10 miljoen Arabysk is de offisjele taal. It Jordaansk Arabysk heart ta de Levantynske farianten. 20px Lybje Haadgebiet sa'n 7 miljoen Arabysk is de offisjele taal. Libysk Arabysk hat skaaimerken fan sawol East- as West-Arabyske farianten. 20px Libanon Haadgebiet mei meartaligens sa'n 5 miljoen Arabysk is de offisjele taal. Der besteane ek grutte mienskippen dy't Frânsk of Ingelsk brûke. 20px Palestina Haadgebiet sa'n 5 miljoen Palestynsk Arabysk is in Levantynske fariant fan it Arabysk. 20px Feriene Arabyske Emiraten Haadgebiet mei ymmigraasje sa'n 5 miljoen Arabysk is de offisjele taal, mar in grut part fan de befolking bestiet út bûtenlânske wurknimmers dy't oare talen brûke. 20px Katar Haadgebiet mei ymmigraasje sa'n 2 miljoen Arabysk is de offisjele taal. It Qataarske dialekt heart ta de Golf-Arabyske farianten. 20px Koeweit Haadgebiet mei ymmigraasje sa'n 3 miljoen Arabysk is de offisjele taal en wurdt brûkt yn bestjoer en maatskippij. 20px Bahrein Haadgebiet mei meartaligens sa'n 1 miljoen Arabysk is de offisjele taal. Der binne ek grutte Ingelsktalige mienskippen. 20px Oman Haadgebiet sa'n 4 miljoen Arabysk is de offisjele taal. Oman hat eigen Arabyske dialekten neist oare talen lykas Balûzjysk. 20px Israel Minderheid mei offisjele status sa'n 2 miljoen Arabysk wurdt sprutsen troch de Arabyske minderheid. It hat sûnt 2018 gjin folsleine offisjele status mear, mar hat in bysûndere juridyske posysje. 20px Frankryk Diaspora sa'n 3–4 miljoen In grutte Arabysktalige mienskip ûntstie troch ymmigraasje út Noard-Afrika en it Midden-Easten. 20px Dútslân Diaspora sa'n 2–3 miljoen Arabysk wurdt sprutsen troch ymmigranten út benammen Syrje, Irak, Libanon en Noard-Afrika. 20px Feriene Steaten Diaspora sa'n 1–2 miljoen Der binne Arabysktalige mienskippen út ferskate lannen fan it Midden-Easten en Noard-Afrika. 20px Kanada Diaspora sa'n 700.000–1 miljoen Arabysk is ien fan de gruttere ymmigrantetalen fan Kanada.
Skiednis Taalsitewaasje op it Arabysk Skiereilân yn 'e Aldheid Yn 'e Aldheid waard op it Arabysk Skiereilân in wiid ferskaat oan Semityske talen sprutsen. Yn it súdwestlike diel (westlik Jemen) spriek men de (no útstoarne) Aldsúdarabyske talen, lykas Sabeysk, Mineysk en Hadramautysk. Eastlik dêrfan, yn wat no eastlik Jemen en Omaan is, spriek men foarâlderlike foarmen fan wat no de Súdarabyske talen binne. Aldsúdarabysk en Súdarabysk binne ferskillende taalgroepen en moatte net betize wurde. Beide groepen wiene/binne nauwer besibbe oan 'e Etiopyske talen as oan it Arabysk.
Yn it noardwesten waarden yn 'e oäzes foarmen fan it Aldnoardarabysk sprutsen, in oerkoepeljende beneaming foar taalfarianten lykas Hasaïtysk, Dadanitysk en Dûmaïtysk. Dy soene ûnderling ûnfersteanber mei it Aldarabysk west hawwe. In grut part fan 'e arguminten dêrfoar wie basearre op 'e foarm fan it beskaat lidwurd, in foarheakke h-. Nij taalkundich ûndersyk hat lykwols like út te wizen dat de foarheakke h- in argaïsme wie ynstee fan in mienskiplike taalynnovaasje, wat betsjut dat it in skaaimerk is dat ûngaadlik is om taalklassifikaasje op te basearjen. De hypoteze fan in selsstannige Aldnoardarabyske taalgroep is dêrtroch op losse skroeven kommen te stean, hoewol net wjerlein. Yn deselde krite waard ek it Temanitysk sprutsen, mar dat wurdt no by de Noardwestsemityske talen yndield. Guon oare oäzetalen, lykas Hismaysk en Safaïtysk, en ek it Nabateesk-Arabysk fan 'e Nabateeërs yn wat no Jordaanje is, fertoane safolle oerienkomsten mei it Arabysk dat se as (ôfwikende) foarmen fan it Aldarabysk sjoen wurde.
Aldarabysk Taalkundigen binne fan tinken dat it Aldarabysk, de âldst bekende foarm fan it Arabysk, om it begjin fan 'e Westerske jiertelling hinne foar it earst ta ûntwikkeling kaam yn it westlik sintrale part fan it Arabysk Skiereilân. Foarhinne ferkearde men yn 'e ûnderstelling dat it âldste skriftlik oerlevere fragmint fan it Aldarabysk ien inkele ynskripsje yn it Sabeysk skrift wie út Karjat al-Fâ, yn it suden fan wat no Saûdy-Araabje is, datearjend út 'e earste iuw. Nij ûndersyk hat lykwols útwiisd dat de taal fan dy ynskripsje net dielnimt oan ferskate krúsjale ynnovaasjes fan 'e Arabyske talen. It tinken is dêrom no dat de ûnbekende taal fan dizze ynskripsje it bêste reklassifisearre wurde kin as in selsstannige taal binnen de Middensemityske talen.