Maarten van Rossem (Seist, 24 oktober 1943) is in Nederlânsk histoarikus. Hy hat him spesjaal talein op de skiednis en polityk fan is de Feriene Steaten (FS). As Amerika-saakkundige wurdt er geregeldwei frege foar alderhanne telefyzje-útstjoerings, ûnder oaren yn de Golfoarloch en hâldt er faak lêzingen foar in algemien publyk. Syn boeken wurde útjûn troch útjouwerij Nieuw Amsterdam.
Libben en wurk Van Rossem waard grut yn Wageningen. Syn beppe oan heitekant wie in Ingelse. Dêr helle er it diploma Gymnasium-bêta. Dêrnei studearre er skiednis oan de Universiteit Utert; hy wie dêr fan 1971 ôf wittenskiplik meiwurker en promovearre yn 1983 op it proefskrift Het radicale temperament. De dubbele politieke bekering van een generatie Amerikaanse intellectuelen (1934-1953). Fan 1997 oant 2008 wie er bysûnder heechlearaar amerikanistyk oan de Universiteit Utert. Maarten van Rossem blijft nog twee jaar, Ublad Online, 15 nov. 2008
It Historisch Nieuwsblad keas him ta Histoarikus fan it jier 2003 om't er "Nederlanners koartswilich en histoarysk ferantwurde troch dit aaklik oarlochsjier loadst hat". Syn relativearjend kommintaar op de oanslaggen fan 11 septimber 2001 kaam him yn 't earstoan op in soad krityk te stean. Benammen syn relativearjen yn de NOVA útstjoering, fuort nei de oanslach op it WTC, noaske de presintators, Pieter Jan Hagens en Kees Driehuis net.'Komt er oorlog, mijnheer Van Rossem?', Ublad Online, 12 sept 2002 Letter waard Van Rossems nofteren beskôging op de wrâld mear wurdearre.
Yn 2006 wie er de presintator fan de universiteitskwis UQ2006 by de VPRO.
Simmer 2008 die er mei oan in glossy-útjefte fan it Historisch Nieuwsblad: Maarten!, wol bedoeld as parody op de glossy-rite fan bekende Nederlanners, mar mei in serieuze ynhâld. Dêryn skreau er mei oare histoarisi oer de (skandelike kanten fan) de Amerikaanske presidintsferkiezings, de jierren 1950-1959 en de opgong dy't it populisme yn de Nederlânske polityk makke.Maarten! Van de makers van Historisch Nieuwsblad, simmer 2008 It doel wie om it blêd ienris te meitsjen, mar út reden fan de populêrens fan it blêd waard besletten dat der yn juny 2009 in twadde Maarten! útjûn wurde soe, hielendal rjochte op de FS. Anno 2010 is it doel om it fearnsjier in Maarten! ferskine te litten.
Nei syn pensjonearing yn 2008 bleau er noch oant 2010 aan de Universiteit Utert ferbûn.
Yn jannewartis 2009 presintearre er foar de Evangelyske Omrop it programma Van Rossem in Amerika, in rige oer benammen it kristlik leauwe yn de FS. Ek yn Belgje is Van Rossem út en troch op it skerm te sjen.
Yn 2009 naam Van Rossem de sjoggers mei troch it Nederlânsk lânskip yn de NCRV-rige Op reis met Van Rossem.
Wurk De Verenigde Staten in de Twintigste Eeuw (2001), . Amerika voor en tegen (2003), . Amerika. Een hoorcollege moderne geschiedenis van de V.S. (audio-cd, 2004). Heeft geschiedenis nut? (2003), Hitler. Een hoorcollege over de opkomst en ondergang van Adolf Hitler. (audio-cd, 2005). De wereld volgens Maarten van Rossem (2005), Koude Oorlog. Een hoorcollege over de wereldgeschiedenis van de strijd tussen Oost en West. (audio-cd, 2006). Samling essays fan okkerdeis. Drie oorlogen. Een kleine geschiedenis van de 20e eeuw (Nieuw Amsterdam, 2007), Geschiedenis in het groot. Een hoorcollege over de wereldgeschiedenis van de Big Bang tot het heden. (audio-cd, 2007). In Amerika (2009). Waarom is de burger boos? : Maarten van Rossem over hedendaags populisme (2010). ISBN 9789046807057: Analyse fan it populisme en de politike ûntjouwingen oan it begjin fan de 21e iuw yn Nederlân. Kapitalisme zonder remmen. Opkomst en ondergang van het marktfundamentalisme. (2011) Wie zijn wij? Nederlân en de Nederlanner fan Maarten Rossem besjoen (2011) Nederland En De Nederlanders, fotoboek (2011), meo-auteur: Jean-Pierre Geelen Nederland volgens Maarten van Rossem (2012) De Verenigde Staten in de twintigste eeuw (2012) Waarom de stoommachine geen Chinese uitvinding is. Hoe het Westen zo welvarend kon worden (2013) Europa volgens Maarten van Rossem (2014) Het einde van het Romeinse rijk (2016) De Draagbare Van Rossem (2016) Een auto voor iedereen (2017) Wat is geluk? (2018) Allemaal de schuld van Montgomery. De familie Van Rossem in de laatste oorlogsmaanden (2020) Drie oorlogen. Van de Eerste Wereldoorlog naar de Tweede Wereldoorlog en de Koude Oorlog (2021) Herinneringen aan mijn jeugd, mei de ûndertitel 1943 - 1963 (2023) Maarten van Rossem over populisme en onze democratie (2024) De dinorevolutie (2024), yn'e mande mei Gijs Rademaker De 21e eeuw, die in 1979 begon (2026)
Keppelings om utens Ynterview mei Van Rossem, NOS, 7 maaie 2004 It maratonynterview, VPRO, 1 jannewaris 2008, Radio 1, 9:00 oant 12:00 oere, mei Djoeke Veeninga (kin nei harke wurde) Stel je voor dat het leven zin heeft, in de rige tsien geboaden, Trouw, 23 feb 2008 Koarte beskriuwing en resinsjes fan syn boek De Drie Oorlogen
Kategory:Nederlânsk amerikanolooch Kategory:Nederlânsk skiedkundige Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk telefyzjepresintator Kategory:Nederlânsk kommentator Kategory:EO-wurknimmer Kategory:NCRV-wurknimmer Kategory:VPRO-wurknimmer Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:PvdA-politikus Kategory:Nederlânsk republikein Kategory:Nederlânsk ateïst Kategory:Nederlânsk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1943