Boeing Monomail 275px Rol Postfleanmasine, passazjiersfleanmasine Makker Boeing Earste flecht 6 maaie 1930 Ut tsjinst 1933 Tal makke 2 Brûkers Boeing Air Transport, United Air Lines Farianten Sjoch tekst De Boeing Model 200 Monomail wie in Amerikaanske postfleanmasine út de iere jierren 30 fan de 20e iuw dy't syn earste flecht op 6 maaie 1930 makke.

Untwerp en ûntwikkeling Yn 1930 kaam Boeing mei in spektakulêre nije postfleanmasine dêr't in soad nijmoadrichheden yn ferwurke wienen. In inkelde wjuk (benedendekker), metalen wjukken en streamline romp (ek de motor mei in saneamde cowling), ynlûkber lâningstsjellen. It tastel wie súnich en prestearre goed foar dy tiid.

Der waard ynearsten ien eksimplaar boud foar evaluaasje troch Boeing en it Amerikaanske leger (de Y1C-18). Dat late net ta in gruttere produksje; it tastel kaam telâne yn de Boeingfloat op de San Fransisko-Chicago loftpostrûte yn july 1931.

In twadde ferzje waard ûntwikkele as it Model 221, mei in 20 sm ferlingde romp mei romte foar seis passazjiers yn in tichte kabine op kosten fan wat laadromte, de fleander siet yn in iepen cockpit. Dit model fleach foar it earst op 18 augustus 1930. Sawol Model 200 en Model 221 waarden úteinlik oanpast foar transkontinintale tsjinst, Model 221A neamd, mei in bytsje langer makke kabine, gaadlik foar acht passazjiers. Dizze masines fleagen op United Air Lines syn Cheyenne-Chicago rûte.

De prestaasjes fan dit technysk foaroprinnend tastel waarden behindere troch brek oan in gaadlike motor (dy't no te licht wie) en it ûntbrekken fan avansearre propellertechnology. Doe't de nije propeller kaam, dêr't de blêden fan yn ferskillende hoeken set wurde koenen, en men krêftiger motoren ta syn foldwaan krige, waard de Monomail technysk rillegau ynhelle, ûnder oaren troch Boeing's eigen twamotoarige 247 en de Douglas DC-2.

Farianten

Model 200 mailplane (1 boud) Model 221 mailplane mei romte foar 6 passazjiers (1 boud) Model 221A Model 200 en 221 gaadlik makke foar 8 passazjiers

Spesifikaasjes (Model 221) Algemien Bemanning: 1 Passazjiers: 6 Lingte: 18 m Spanwiidte: 12.75 Hichte: 3,81 m Wjukoerflak: 49,7 m² Gewicht leech: 2.260 kg Maks. startgewicht: 3.628,7 kg Oandriuwing: 1 Pratt & Whitney Hornet B stjermotor fan 575 hk Propeller: 1 fêste propeller Prestaasjes Maks. faasje: 254 km/o Krúsfaasje: 217 km/o Fleanberik: 925 km Plafont: 4.480,5 m Startbaan: ± 240 m Lâningsbaan: ± 210 m

Ferlykbere tastellen Lockheed Orion Northrop Alpha

Kategory:Amerikaanske ferkearsfleanmasine Kategory:Boeing Kategory:Yntroduksje út 1930