Benthuizen is in doarp yn 'e gemeente Alfen oan de Ryn yn 'e provinsje Súd-Hollân. Benthuizen hie yn 2026 4.075 ynwenners.
Skiednis De namme fan it ambacht 'Benthusen' waard foar it earst yn 13e iuwske dokuminten neamd. Yn 1282 krige Dirk fan Teylingen fan Floaris V, greve fan Hollân, in gebiet om Waddinxveen hinne yn lien. De grins fan dat gebiet wurdt yn 'e lienakte oanjûn mei in tal ambachten, wêrûnder 'Benthusen'. It doarp moat dus al foar dy tiid ûntstien wêze. Yn dy tiid naam de befolking hurd ta en waarden de útwrydske ûnlannen yn it gebiet oanmakke. It toponym 'Benthuizen' is in gearstalling fan 'e útgong -huizen, dat sûnt de Karolingyske tiid in gongbere oantsjutting foar in wengebiet wie, en bent, dat (ûnder oare en yn dit gefal wierskynlik) in oare beneaming is foar strúsgers (Agrostis).
It ôfstekken fan turf út it fean yn 'e omkriten foarme iuwen in wichtige boarne fan ynkomsten foar de doarpsbewenners, wat ek yn it wapen fan 'e eardere gemeente Benthuizen weromkomt, dêr't de blokjes ferwize nei turfbriketten. De yntinsive turfwinning late ta it ûntstean fan grutte plassen en de befolking fan Benthuizen naam dêrtroch ôf. De by Benthuizen lizzende buorskippen Benthorn en Hogeveen rekken troch dy ûntwikkeling sels ûntfolke en soene letter by de gemeente Benthuizen foege wurde. Nei it ynpolderjen fan 'e Benthuizerpolder naam de befolking wer ta en krige it doarp fral in agrarysk karakter. Yn dy tiid wie de stêd Rotterdam ambachtshear fan it doarp. Yn 1899 telde it doarp 645, foaral herfoarme, ynwenners.
Yn 'e tiid fan grutte wenningbouprojekten bûten de grutte stêden yn 'e jierren 1960 en 1970 krige ek Benthuizen in soad nijbou. It doarp krige in soad útwreiding en in protte nije bewenners fan bûten it doarp. Yn 2005 waard eastlik fan Benthuizen útein set mei de oanlis fan de HSL-Súd (de tunnel fan 'e HSL-Súd ûnder it Griene Hert begjint by Benthuizen) en súdlik/súdeastlik fan it doarp is it rekreaasjegebiet Bentwoud oanlein. Ek dêrnei groeide it doarp fierder mei nijbou, wêrûnder de nije wyk 'Bentwijck', dy't oan de eastkant fan Benthuizen boud waard.
Berne yn Benthuizen Kees van der Staaij (1968), politikus
Kategory:Plak yn Alfen oan de Ryn Kategory:Eardere gemeente yn Súd-Hollân