thumb|200px|Carice Anouk van Houten (2008) thumb|200px|Van Houten op de premiêre fan Dorothy Carice Anouk van Houten (Leiderdorp, 5 septimber 1976) is in Nederlânsk aktrise, radiopresintatrise en ambassadrise fan it Wrâld Natoer Fûns. Se is winner fan fiif Gouden Keallen, trije Rembrandt Awards en tal fan oare prizen. Har mei in Gouden Keal bekroane rol yn de film Zwartboek (2006) betsjutte it begjin fan in ynternasjonale karriêre.

Van Houten studearre oan de Kleinkunstacademie yn Amsterdam. Hja die mei yn de Amerikaanske films Valkyrie (2008), en Repo Men (2010), wat har tige positive kritiken opsmiet en wurdearring fan guonts as Paul Verhoeven en de aktrise Sharon Stone

Priveelibben Van Houten hat fan 2006 oant 2009 in ferhâlding mei de Dútske akteur Sebastian Koch hân. Carice is de âldere suster fan Jelka van Houten. Carice hat ferklearre dat hja har yn Hollywood net lokkich fielt: "Ik haw Hollywood sjoen, en hoewol't ik der neat op tsjin haw is myn soarte libben net. Myn agint is ferbjustere om't ik yn Jeropa bliuwe wol", seit hja. "At Hollywood my in grutte rol oanbiedet, dan doch ik dat fansels wol, mar ik wol dêr gewoan net wenje."

Filmografy In kar. 1997: 3 Ronden 1998: Ivory Guardians 1999: Suzy Q 2000: Goede daden bij daglicht: Op weg (TV-Film) 2001: Storm in mijn hoofd 2001: AmnesiA 2001: De Acteurs (TV-Searje) 2001: Minoes 2002: Het Everzwijn 2002: The Wild Boar (Koarte film) 2002: Luifel & Luifel – De Krottenkoning (TV-ôflevering) 2003: De Passievrucht 2003: Father's Affair 2004: Russen – De Zevende Getuige (TV-ôfl.) 2004: Kopspijkers – Dance-4-Life (TV-Episode) 2005: Boy Meets Girl Stories #1 – Smachten (TV) 2005: Zwarte Zwanen 2005: Lepel 2005: Knetter 2006: Ik Omhels Je Met 1000 Armen 2006: Zwartboek 2007: Alles is liefde 2008: Valkyrie 2010: Repo Men 2010: De gelukkige huisvrouw Teaterfoarstellingen Mijn Elektra (1999) ...Koor/Carice Driestuiversopera (2001) ...Polly Foxtrot (musical) (2002) ...Josien (regy: Ruut Weissman) Hedda Gabler (toanielstik) (2003) De Theatercompagnie (regy: Theu Boermans) De Meeuw (Tsjechov) (2003)...Macha Ren Lenny Ren (2004)...freondinne Paul (regy: Ruut Weissman, tekst: Thomas Acda, Paul de Munnik en Rob de Graaf) Twelfth Night/Driekoningenavond (2006) ...Cesario/Viola, De Theatercompagnie (regy: Theu Boermans) Het Bewijs (2006)...Catherine, Joop van den Ende produksjes (regy: Peter Oosthoek) De Gravin van Parma'' (2008) ...Francesca (regy: Ursul de Geer)

Keppeling om utens Webstee fan Van Houten

Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk radiopresintator Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Gouden Keal-winner Kategory:Nederlânsk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1976