thumb|Walloanje thumb|Belgje - Walloanje (blau) thumb|Waalske provinsjes

Walloanje (Frânsk: Wallonie) is it súdlike lânsdiel fan Belgje dêr't benammen Frânsk (en in bytsje Dútsk yn de provinsje Luik - de Dútsktalige Mienskip) sprutsen wurdt, wylst de fiertaal yn it noardlike part Flaanderen Nederlânsk is. De offisjele namme is it Waalsk Gewest (Frânsk: Région wallonne) en de ynwenners wurde Walen neamd. De Frânske Mienskip soarget foar taalkundige saken en omklammet ek de Frânsktaligen yn it Brusselsk Haadstedsk Gewest. Yn Walloanje binne it Waalsk Gewest en de Frânske Mienskip net gearfoege.Yn Flaanderen binne it Flaamsk Gewest en de Flaamske Mienskip gearfoege. De haadstêd fan Walloanje is Namen (Namur), de haadstêd van de Frânske Mienskip is Brussel (Bruxelles).

It Waalsk Gewest hat neistenby 3.705.000 ynwenners (2025) Loop van de bevolking, STATBEL op in oerflak fan neistenby 16.901 km².Bodembezetting volgens het Kadasterregister, STATBEL

Walloanje omklammet de provinsjes: Waalsk-Brabân (Brabant wallon) - haadstêd Waver (Wavre) Henegouwen (Hainaut) - haadstêd Bergen (Mons) Luik (Liège/Lüttich) - haadstêd Luik (Liège) Lúksemboarch (Luxembourg) - haadstêd Aarlen (Arlon) Namen (Namur) - haadstêd Namen (Namur)

Lânskip Yn it easten lizze de Ardinnen, in berchtme.

Sjoch ek Flaanderen Brusselsk Haadstedsk Gewest Stedsregio Brussel

Keppelings om utens Offisjele webside fan Walloanje

Kategory:Belgje Kategory:Autonome regio Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1980