Pieter van der Mark (Aldegea, 9 oktober 1910 - Snits, 2 septimber 1977Graftombe.nl) wie in ûnderwizer en politikus fan de AR. Hie de portefúlje Underwiis, Kultuer en public relations. Hy wie troud mei Sietske de Wal.
Nei de kweekskoalle waard er ûnderwizer yn Bitgummole, fan 1945 - 1957 oan de rykslânbouwinterskoalle yn Snits en sûnt 1958 ynspekteur fan it lânbouûnderwiis. Wie, ûnder oare fia KFS (± 1930) en Ried fan de Fryske Beweging (± 1958) by de "Lauwerssé moat ticht"-aksje nau belutsen by de Fryske Beweging. Under syn lieding is in provinsjale taalpolityk fan de grûn komd. Hy wie lid fan it kolleezje fan Deputearre Steaten (1962 - 1975), lid fan Provinsjale Steaten foar de ARP (1954-1975).
Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk polityk aktivist Kategory:Frysk politikus Kategory:ARP-politikus Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Frysk deputearre Kategory:Frysk taalaktivist Kategory:Frisiast Kategory:Frysk konservatyf Kategory:Persoan berne yn Aldegea (Súdwest-Fryslân) Kategory:Persoan stoarn yn Snits Kategory:Persoan berne yn 1910 Kategory:Persoan stoarn yn 1977